ATE.

Der hat in tiid west dat ik op dy delseach. Do wieren wy kammeraten,

mear koe it net lije—om’t ik mysels sa heech fielde. Nou is it efste my

foarby groeid bist, efste it libben wierder en riker libbest. Nou scoe

ik wol frjeonen wêze wolle, as dat kin om dy ... as dat dy genôch wêze

kin....

FRÂNSKE.

Ik wol earlik wêze: myn hertewinsk wier mear ... dêr haw ik lang for

libbe. Mar astû seist dat it net kin, den leau ik dy—it forwûnderet my

ek net, dû hast mear nedich as ik jaen kin. Ik kin bêst mei dyn

frjeonskip tofreden wêze. En dû makkest my dêr tige ryk mei. Hora wier

dyn frjeon ek ... dat is dos wol hwet greats. Dyn hân, Ate.

Ruth(#79282) · 第 83 / 118 题