(_glimkjend_). Fen blike litten net, né. Dat hat great fen dy west. Mar
it wier dêrom wol sa. Earst tocht ik, do’t ik seach hoste eltsenien
ôfstegereste: Frâns is to selsstannich om hjar to binen oan in oar,
dêrom bliuwt se allinne. Lettertiid seach ik dat oars; ik seach dyn sin
for húslikheit, dyn ljeafde for bern, dyn frou-wêzen yn alles. Do haw
ik lang net bigrypt hwerom. En astû witte wolst hwerom ik dy der nou
nei frege: it waerd my swier dat to dragen. As ik dy dat nou ienris net
jaen kin, Frâns.
FRÂNSKE.
En hwet den noch, Ate? Moat ik dêrom trouwe mei in oar? Wylst myn herte
hjir dochs altiten is, by dy? Ienris hastû my sein: Ik wol it heechste,
en as ik dat net krij, den mar neat. By dy wierne dat wirden, by my is
it wirden myn libben sels. It is it iennichste net, dêr’t ik neffens
dyn leare yn libbe haw.