Minsken dêr’t _men_ fen hâldt, woeste sizze.
FRÂNSKE.
Ik ken dy net mear. Moat men yen den yn alles liede litte fen egoïsme?
As men fen immen hâldt en men uteret dat yn wirden en soargen en
dieden, dat jowt yen dochs ek wol rjucht op hwet werom? Do’t dat minske
hwet fen dyn mem sei, waerdste razen, mar hat Janne hjir sûnt net yn it
plak fen in mem stien? en al misseistû hjar ek neat, dû misdochst tsjin
hjar.