Dy ljue scille net weromkomme. En mear forkearden ha ’k Godtank noch
net om my hinne helle. ’t Is nou wol suver.
FRÂNSKE.
En de oaren, dyn frjeonen, den? Janne siet yn ’e koken to gûlen fen
hwet dat minske hjar sein hie, mar ek mei fen dyn frjemdens. Master
kaem ik tsjin: d’ âld man wier mistreastich, hie hope by dy hwet honk
to finen en dû hiest wer net thús west. ’t Is net goed, Ate. Minsken dy
fen yen hâlde hawwe in rjucht op yen.