Mar Janne hat it hjir ommers goed....
FRÂNSKE.
Hastû wolris bitocht hwer’t hja ôfstân fen dien hat, hwet hjar troch
hjar trouwe soarchsumens ûntgien is? Moat ik dy dat nou sizze, Ate? Dat
se nea mei in oar it libben yngien is, om’t se tocht dat it hjar plicht
wier, alderearst to soargjen ... for dy? Dat eigen bern hjar libben nea
bliid makke hawwe, dat se allinne, lykme allinne op ’e wrâld bleaun is,
dat se ôfstân dien hat fen in eigen libben ... for dy?