ATE.

Ik ha se net ynhelle. De minsken twongen hjarsels op. Ik ha se altyd

lofts lizze litten.

FRÂNSKE.

Dû hast se bigean litten, Ate. Janne kin út hjarsels sokke minsken net

ôfstegerje. Dû jowst der net mear om hwaste om dy hinne hast. Eartiids

gyng der fen dy hwet út dat sok soarte fensels op in ôfstân hâldde. Nou

hast dy opsletten yn dysels en dû sjuchst hwet derfen komt.

Ruth(#79282) · 第 72 / 118 题