(_oerstjûr:_) Ik scoe forsichtich wêze. Ik hâld my net lang mear yn
bitwang. lk haw tofolle fen jim riddenaesjes heard. Nommele minsken bin
jim. Jim forpeste de loft dêr’t jim binne. Tergje my net langer; dêr
kinne ûngelokken fen komme.
SIJKE.
Dat moat biljeaven net. Scoest dy sels ek it meast mei ha, heite. Sa’n
falske kwibus! Stiet wrychtich oan ’e doar to harkjen as in lytse
jonge! ’t Is ommers allegear de skild fen dyn eigen healwizens! Men
moat ommers falsk mei dy omgean, oars is men dy net goeddernôch! Dy
moaije húshâldster en dy âlde gek, dat is dyn soarte better fensels!
LEISTRA.
Frou, frou, it komt my foar dat jy forsichtiger....
SIJKE.
Ruk út aste bang biste! Ik scil him better....