(_moeisum:_) Jow jo gjin moeite, minske. Meitsje ljeaver dat jim de
hameije út komme. (_as hja sitten bliuwe:_) Jim hearre hwet ik siz?
SIJKE.
Ik bigryp jo net, Ate, it moeit my sa. Ik tocht, dat jy mear bitrouwen
yn ús ha scoenen, as dat jy it ear hingje litte scoene nei sokke
minsken.
LEISTRA.
Hja miene it net forkeard, moatt’ jy tinke. Mar hja bin swak, en den
stroffelet men o sa maklik.