ATE.

Jy scille neat. Ik jow jim trije minuten om oan ’e oare kant fen ’e

hameije to kommen. As jim hjir den noch binne, lit ik jim troch myn

folk fen it hiem ôfsette. En den is it myn skild net, as der ris ien by

de hameije trochrekket.

SIJKE.

Stjonkert aste biste! Dyn eigen famylje foart to reagjen mei frjemd

folk! Witste sels it bêste hwermeistû dy op dyn hân krigest! Mei dyn

moaije eagen en swiete wirden siker! Se gnize dy út, allegearre, ast

dat mar witst!

LEISTRA.

Wyfke, wyfke....

Ruth(#79282) · 第 68 / 118 题