ATE.

(_by it finster, foar him út_). Wûnderlik, wûnderlik ... soks hearde ik

yn gjin tiden....

FRÂNSKE.

(_sjucht fen de ien op ’e oar, den skrillet hja effen, as sjucht hja

eat yn ’e takomst_). Miskien....

_Gerdyn._

TWADDE UTKOMSTE.

_Aldjiersjoun. Selde keamer as yn I. De lampe barnt._

FOARST OPKOMMEN.

Janne, Master fen Dyk.

MASTER.

Ate bliuwt gâns, Janne.

JANNE.

Ja.

MASTER.

’t Moeit my tige. Ik hie joun sa graech hwet mei him petearje wollen.

Dat forset de swierrichheit hwet. En ’t is for Ate ek net goed, altiten

sa allinne, f’râl net op sokke jounen. ’t Is op ’t lêst noch in

jongkeardel. As ik nou, âld en forgetten....

JANNE.

Ja, sokke jounen scille gâns prakkesaesjes for jo meibringe, dat kin ’k

my yntinke. Der scil jo gâns troch de holle gean, it forskeel is sa

great by do’t it jier ynsette.

MASTER.

Ik koe it yn ’e hûs net langer hirde. Altiten dat tinken om dat lege

plak. Ymkje mient it bêst, dat nim ik graech oan, mar se kin yen it

gemis net forgoedzje. En hwêr scil men den al hinne rinne? Net

eltsenien kriget mei âldjiersjoun graech in âld frjemd man yn hûs. ’t

Gyng ús eartiids al krekten allyk. In minske tinkt to min om oaren.

JANNE.

Jy witte dat jy hjir wolkom binne master, as eigen. En as de boer wist

... ’t scil him genôch moeije dat jy hjir salang op him sitten hawwe to

wachtsjen.

MASTER.

Ik wit net Janne, ik wit net, Ate is net bot mear op selskip steld. Ik

merk it wol as ik sa’n inkelde kear nochris mei him praet. Hy is mei

syn tinken by oare dingen. Hy wol frjeonlik genôch wêze, mar men fielt

him altyd sa fier ôf. ’t Is frjemd.

JANNE.

Hy mist ek gâns, master. Nea folle honk by oare minsken hawn, en do mei

it forstjerren fen domeny. Ik ha’t dalik oankommen sjoen. Ate hong

tofolle oan him, seach sahwet it heechste yn him—se forstienen inoar yn

alles. En as men syn hert sa op ien set ... dat is noedlik, to noedlik,

den kin de wrâld yn ien slach for yen dellizze.

MASTER.

Kom, kom, as men noch sa jong is ... de wrâld leit noch foar him. Hy

hat ommers neat brek as it libben. Sa as men, men wit dat yens tiid

west hat. Mar for him kin ommers eltse dei in nij libben bigjinne.

Safolle, dy’t mei him de iensumens wol diele woene.

JANNE.

Dat is sa, ja. Mar ek in tige lyts bytsje dêr’t hy syn iensumens mei

diele wol. As er bliid wêze kin mei hwet minders....

MASTER.

Altyd noch better as sa as nou. Lokkich kin er him nou dochs alhiel net

fiele.

JANNE.

Dat wit ik net master. Ik bin wol ris bang dat er yn syn lot birêst. De

wrâld hat him nea net safolle skele kinnen en de iensumens bliuwt altyd

like moai en great. Hwet him altiten miskearre hat, dat wier it

bitrouwen yn ’e minsken. Ik haw in skoftke forhoping hawn dat dat komme

scoe; nou liket it forgoed foart. Hy libbet yn himsels, hy jowt him net

mear.

MASTER.

Neat for in jong minske.

JANNE.

Och, ik wit net! Ik scoe bliid genôch wêze, as it wer ris oars mei him

waerd, mar ik kin ’t my dochs bêst bigripe. It doarp hat him net moai

hâlden, master. Fen it goede dat domeny kweke hie, is amper neat mear

yn wêzen. O, dy minsken, dat se dochs net sjen wolle....

MASTER.

Domeny hie safolle nijichheden, Janne. Tofolle op ien stuit. Ik haw him

wol warskôge, dat scoene de minsken sa hird net fortarre.

JANNE.

Sa lang’t domeny libbe, koe it wol. Mar alles moat hjar sein wirde,

eltse dei en eltse ûre, oars falle se dalik wer tobek. De boer seit,

dat komt om’t se út hjarsels gjin krêft hawwe; ik leau dat net, my

tinkt, se sjugge net yn hwerta se dy krêft brûke moatte ... mar it

griist my sims oan, al dat moaije wirk al wer sa forrinnewearre ... en

de nije....

MASTER.

Dat is gjin keardel. Tinkt allinne om syn eigen maklik libbentsje,

moatt’ jy tinke. Fynt alles goed, eft it goed ef forkeard is. Né, den

Hora! Dy hat arbeide salang’t it dei for him wier, dy leaude yn syn

ropping. Sokke minsken moast men eare-teikens for stiftsje. Mar de

greate wrâld hat net folle fen him fornaem. Hy gyng sa stil syn wei....

Mar hwa’t him koene....

JANNE.

Dy forjitte him hjar libben net wer. En as men ienris sa’n ien moete

hat, den bigjint al it oare yen sa griis en earmoedich to lykjen.... En

dochs docht men him der gjin eare mei.

MASTER.

My tinkt oars, dat biwiist wol....

JANNE.

It is net yn syn geast. Hy socht himsels net. Hy hat er sa tsjin

warskôge, dat wy himsels bitize scoene mei it ideael dat er brocht; hy

hat ús en ek Ate Jans sa faek sein dat men net oan minsken hingje

moast. Al is hy der sels net mear, syn geast hie ûnder ús bliuwe

moatten.

MASTER.

Och, dat giet ommers dochs altyd sa. In minske siket dochs altyd hâld

by oaren. En as men dêr alles op set, och, den hat it libben yen mar

sa’n bytsje mear to bieden, as dy foartgean moatte.

JANNE.

En dochs bliuwt it libben altiten like great en de libbensplicht altyd

deselde, eft der ien ef hûndert nêst yen steane. Men is minske om alles

forlieze to kinnen, as men God mar bihâldt.

MASTER.

Ik sjuch oars net folle as dy lege stoel; myn libben bistjut net folle

mear, dat wol ’k wol wêze. Wy wieren alles for mankoar, wy steunden op

mankoar en nou kinne wy dat net mear.... En by ’t fortriet komt den ek

noch wol ris hwet selsforwyt....

JANNE.

Kom, kom, dat kin jo dochs net pleagje?

MASTER.

By tiden wol. Wy ha sa’n bytsje each hawn for oare dingen. Do’t wy

fyftich jier troud wieren, by ’t Maeije do binne wy de âld sânwei

yetris úttrape. Kostlik wier ’t. De loft alhiel blau, de bjirms bûnt

fen blommen, de wylgen yn ’e bloei. Do kniep masterske my yn ’e earm:

„Mindert”, sei se, „nou is alles noch lyk as fyftich jier lyn, de

sânwei en ek twisken ús”. Der wier se bliid ta. „Ja bern,” sei ’k. Mar

ik tochte effen, nou is der dochs hwet net yn oarder. Hwent dy sânwei,

dat hie nou in fêste wei wêze moatten, en wy.... Mar dat sei ik mar

net, se scoe der mar lêst fen hawn ha. Mar ’t hat ús net folle

foarútbrocht. En nou, nou komt myn earmoede oan ’t ljocht, nou ’t hja

der net mear is.

JANNE.

Domeny Hora hat de helt fen jim jierren net helle. Mar dy ... dy is mei

greate rykdom foartgien.

MASTER.

’t Liket mar for inkelden weilein to wêzen. Sa’n inkelden dy’t wit

tsjin tûzenen dy’t siikje.

JANNE.

Né, né, dat kin ’k my net tinke. Ik haw net folle op ’e skoalle gien,

mar hjir op ’e „Sjidzjende Bouwer”, hjir haw ik dochs greate dingen

leard, fen domeny Hora en de boer syn mem. f’râl. Der hat ek in tiid yn

myn libben west, dat ik tocht dat ik libje scoe ... for ien.... ’k Ha

der tige om skriemd do’t dat in dream bliek. En ’k hear dat sêfte, dat

sjongende lûd noch yn myn earen: „Janne sûndiget”, sei se tsjin my, „se

forjit for in minske de taek dy’t God hjar oplein hat, se moat sels as

in minske libje kinne.” O, ’t hat sa swier west, yn ’t earst ... mar ik

haw it leard, al wier ’t mei striid en triennen. Ik hingje oan Ate

jans, oan ’e „Sjidzjende Bouwer”, oan myn wirk—en dochs, ik scoe alles

misse kinne....

MASTER.

Janne, Janne....

JANNE.

Ik scoe ’t kinne. En wer bisiikje in oar libben to bigjinnen, nou noch.

En wer bisiikje it bêste to jaen, dat ik mei myn lytse krêften kin. As

ik myn plicht mar doch, oan ’e ein fen ’e wrâld as ’t moat ... mar ...

’t ljeafst hjirre ... ’t ljeafst hjirre....

MASTER.

’k Scil der ris op trochtinke. ’t Docht my wol goed, dat kin ’k jo wol

sizze. ’t Scoe my den nou sa leech net mear wêze. Jy prate as domeny,

Janne. Ja, wy ha wol folle forlern ... gâns forlern ... mar dochs ek

noch wol in bytsje bihâlden.

TWADDE OPKOMMEN.

Janne, Master, Leistra, Sijke.

LEISTRA.

Joun jimme. Ho letter op ’e joun, ho moaijer folk, is’t sizzen den,

nou? Kom, master hjir ek al? Ja, ja, in bisûndere joun altiten, master!

Forheven en plechtich, tige plechtich. (_Sijke seit Janne dei; hja gean

sitten; by master en Janne ûnder it folgjende petear gâns stivens_).

MASTER.

Dy plechtigens jow ’k net folle for. Ik ha’t ljeaver hwet smûk om my

hinne. Mar ik mis hjir joun ek ien.

LEISTRA.

It komt my foar, dat jy dit ek net krekt sjugge. Hjir op ’e „Bouwer”

binne wy kâld for minske-gefljuch, hjir is’t de wente fen it Ideael. Wy

bisprekke hjir de dingen fen it hegere libben. Ofwaeid praet fen legere

geasten hawwe wy mei britsen. Yn de tsjinst fen it hegere hat men gjin

sellichheit fen minsken brek.

MASTER.

(_kitelich_). Hwet jy sizze. Jy bin den mar gâns foroare. Eartiids

makken jy jo net drok mei soks. Jy hiene do yet al in wyld hier yn ’e

nekke, wit ik wol.

LEISTRA.

It komt my foar, dat jy wol hwet frij binne yn it sizzen. Dit is net

bifoarderlik for ús ienriedichheit. In oare toan kaem my mear winsklik

foar.

MASTER.

(_koart_). Ik siz hwer’t it op stiet. Ik jow gjin stûr for dy

moai-praterij. (_Effen stiltme_).

SIJKE.

Ate al wer net thús, Janne?

JANNE.

De boer hat him nêst in goed ûre ôfjown. Hy woe him hwet forsette. Hy

scil wol gau werom komme.

SIJKE.

Hwet is ’t den al hwet, nou? Ik kin it skriemen dêr sims hast net om

litte. Hy fynt hjir net hwet er siket, moatt’ jy tinke. Hy hat omgong

mei oare minsken brek. Och, och, as wy hjir mar hwet faker wêze koene!

MASTER.

Jim ha oars mear mei mankoar tsierd as yn frjeonskip libbe, woe ’k ha.

De wrâld liket him yn ’e lêste tiden nuver to forlizzen. Ik ha der it

rjuchte bigryp net mear oer.

SIJKE.

(_swiet_). Dat kin him den ek oan jou hege jierren lizze. Dy

kribbekeurichheden binne nou forgetten en forjown. Ate syn wei is de

bêste, en wy folgje dy graech mei ús lytse krêften. De brede en de

smelle wei, lyk as de Psalmist seit, Master!

MASTER.

Jy miene de Berchrede. Jy moatte hwet minder prate oer dingen, dêr’t jy

safolle bigryp oer hawwe as ... as ús âld kat fen pianospyljen, scil ’k

mar sizze. Ja wrychtich, ús âld kat, sei ’k. Dat komt goed út, ús âld

kat.

LEISTRA.

Nou komt it my dochs foar, dat ik jo yn bitinken jaen moat....

SIJKE.

(_oerémis_). Bist net wiis Pier! Lit dat âld potiten syn galle mar

útspije! Hat it smoar yn, dat er hjir it ryk net allinne hat, moatst

tinke! Wit ek wol, hwerom er hjir sa’n bryk gat rint! Alde

neigeanderige ynklauwer! Mar hy scil ús hjir net weipeste, dat wik ik

him!

JANNE.

(_ûnwis fen lilkens_). Frou Leistra, wy binne hjir ûnder dit dak sa’n

tael net wend. Ik woe, dat jy jo hwet ynbounen.

SIJKE.

(_neiaepjend_). Jo hwet ynbounen! Hwet forbyldzje jy jo wol! Sa’n

stoaterske flinterknipster, dy’t ús hjir út it plak kringe scil!

Wachtsje mar, froutsje, hwa’t hjir it earst op ’e strjitte stean scil!

Sa’n skoaijers-madam, dy’t fen ’e balstiennen opnomd is!

MASTER.

Sjonge, sjonge, hwet komt jou wier aerd nou kreas oan ’t ljocht! Kant

in wûnder! Dêr wier it my nou ris krekt om to dwaen. Kom Janne, sok

selskip fen idealisten hearre wy net by thús. Wy scille it fjild mar

romje, tinkt my. (_Janne, oerstjûr, jowt hjar gûlend oerein_). Hwet

nou, Janne, wirde jy dêr oars as oars fen? Fen dat fisk-wive praet?

Kom, kom, Janne ... kom ... (_Master en Janne ôf_).

LEISTRA.

Jy koene wol in slach mei de moalpûde hawn hawwe. Jy kinne der op oan,

dat dat allegearre mei de waerme hân oan dy fint oerbrocht wirdt. En hy

leaut dy âld húshâldster grif earder as ús. It makket syn

erchtinkendheit altyd wer geande. It komt my foar dat dit ús hiele

moeisum opboud wirk yn gefaer bringt.

SIJKE.

Sa kin ’t ek wol, net? ’t Is ommers allegear de skild fen dyn

lamlindigens. Astû nou noch ris fen dy ôffjurre hiest! Mar fensels, ik

moat altiten it punt der wer ôfbite. Men scoe jim forgrieme!

LEISTRA.

Hui, hui, hwet....

SIJKE.

Ja, to mar. Ek noch tsjin abbeleare! Skoer dyn mûle sa tsjin oareljue

op ast it tsjin my altyd dochst! Yn ’e hûs bist in wakker helt, en

bûtendoar krûpste wei fen binaudens!

LEISTRA.

’t Scil wol sa wêze.

SIJKE.

Sjuchst mar wer datst it yn oarder krijst. _Ho_ kin my net skele. Ik

scil wol soargje, dat _ik_ den foart bin, den haste fen my gjin lêst.

Mar ik ha dy ien ding to sizzen: astû joun net biwirkest, dat dy falske

húshâldster hjir weirekket, den hast it hert ris yn ’e hûd en kom wer

thús!

LEISTRA.

Mar wyfke....

SIJKE.

Hast it heard. Dyn swiete praetsjes ha ’k neat mei to meitsjen. Kom mar

sa ast bist, dat is better.

LEISTRA.

Mar ik woe graech witte ho.... It komt my foar, dat jy dit better

sjugge as ik. Jy binne fornimstich genôch. Ho moat ik it oanlizze,

tinkt jo....

SIJKE.

Moatst sels witte. Siz mar, dat dy âld keardel ús sa terge hat, dat myn

simmels my yn ’e macht krigen. As hja dy myn wirden foar de foetten

goaije, moatst it fensels ligen hjitte. Den sceist mar, dat se dat

optocht hawwe, út oerginstigens, dat wy sa goed mei him kinne. Dat

leaut er miskien wol net, mar hy is nou safier hinne, hy mistrout

sahwet eltsenien....

LEISTRA.

Mar hwet tinkt jo, ho scil ik oan mei dy húshâldster ... as ik him dat

planút siz....

SIJKE.

Bist net wiis! Dêr moatst tsjin him net oer kikke. Moatst tsjin

hjarsels oan ’e gong. Dat ik myn mûle wol hwet frij jown haw, mar dat

men der yn it doarp krekt sa oer praet. En dat der om hjar spil komt yn

’e femylje. Den is se út hjarsels wol sa healwiis en ruk út. En den ha

wy it hjir in stik rûmer. Der moat hjir foroaring komme. Oars helpt al

ús gewrot ús noch neat.

LEISTRA.

En as it safier ris wier, den scoe ús Berber hjir bêst yn ’t plak

kinne, tinkt my sa. Hwet tinkt jo dêrfen?

SIJKE.

Hast wol ris gekker dingen sein. Berber is redsumernôch, dat hat se fen

my. Den kaem hjir safolle ûngaedlik folk ek net mear binnen doarren. En

hy koe him licht oan alle kanten safolle ek net mear weijaen. Der moat

in stokje foar stitsen wirde, ho gauwer ho better.

LEISTRA.

It komt my foar dat dat de oanwiisde wei is, Berber hjir. Dat tocht ik

daliks.

SIJKE.

Snoad biste, dat witte wy ommers wol. Sjuch mar, datst de boel

foarinoar krigest. Dat is krekt hwet for dy mei dyn swiete praterijen.

LEISTRA.

Ik hie al sa ljeaf, dat jy sels....

SIJKE.

(_fûleindich_). Hwet?!

LEISTRA.

Neat.

SIJKE.

Oars seist it mar. Praten is frij. Mar ’t moat hjir oars. It bigjint op

’e neil to bârnen. Hy trout dochs net. Howol, dat fanke fen

Minnema’s....

LEISTRA.

Och, och, oan hokfor gefaren stiet men al net bleat! As dat sa kaem, is

’t mei ien slach forlern!

SIJKE.

Hja fisket der genôch for. Mar hysels is moai ûnforskillich. Mient

fensels, dat se út plezier net trout en út frjeonskip sa om him hinne

strúnt. Kinst bigripe! ’k Ha se al lang sketten. Mar wy scille der in

skoatteltsje foar strike. Lit my dêr mar mei rêdde.

LEISTRA.

Lokkich.

SIJKE.

Ik scil gjin gerêst hier op ’e holle ha, salang’t wy net wis binne fen

’e pleats. En der moat oanmakke wirde. Ik jow him gjin lang libben

mear.

LEISTRA.

Tochten jy net?

SIJKE.

Dy gekke kuren, dat er fen minsken net mear witte wol, dat wiist der

wol op. Mei syn mem wier ’t krektenallyk. Dy waerd tsjin it lêst ek ho

langer ho stiller; krekt sa’n healwize dweepster (_biweging efter de

doar_). Wel fordeald, dêr koe er wol wêze. To ju, bigjin nou gau!

(_twiske de tosken:_) stommerik! (_lûder:_) Ja, ’t is wol skriklik, dat

minsken hjarsels sa forjitte kinne.... Dat ûnderminet yens hiele

bitrouwen.

TREDDE OPKOMMEN.

Leistra, Sijke, Ate Jans.

Ruth(#79282) · 第 65 / 118 题