Ho mient Ruth?
RUTH.
Sûnt domeny komd is. Alles is sa oars. De arbeiders fjuchtsje en flokke
safolle net mear. En der komme nije hûzen, fen stien. En Sneins yn ’e
tsjerke is it alhiel oars.
FRÂNSKE.
Lytse wize Ruth! (_Tsjin Ate_). Hwa’t hjar Boäz ris wirde scil?
RUTH.
Boäz ... hwet mient de jiffer? Boäz, dat wier ... Naomi, Orpa ... o.
Boäz, dat ... dat wier de man fen Ruth.... Né jiffer, Ruth kriget gjin
Boäz, ik wol net trouwe.
FRÂNSKE.
Mar fanke, hwet is dat nou for praet!
RUTH.
Ik krij ommers safolle oars to dwaen. Safolle wirk for de bern as ik
jiffer bin. Dêr wol ik for libje. Dat is sa moai.
FRÂNSKE.
En den altyd allinne yn ’e hûs? As de skoalle út is? Hwet scoe se it
den iensum ha!
RUTH.
Ik scil it nea iensum ha. Dat wit ik noch fen heit syn sikens. Den wier
ik sims wirch, o sa wirch en beppe mocht it net witte. Mar as ik jouns
nei it doarp to moast om in boadskip, den wier dêr in stjerre, in hiel
greaten en moaijen-ien en dy skynde sa frjeonlik en bliid.... En den
wist ik dat ik net allinne wier.