ATE.

Gean dyn gong, Ruth.

FRÂNSKE.

Nou bin ik binijd.... Tocht ik it net! Ja, dêr steane moaije printen

yn, tige moai. Fen kenings en ridders en al soks.

RUTH.

Dêrom naem ik it net, jiffer. Mar der stiet yn fen skiednis. En ik hâld

sa fen skiednis. (_Giet mei it boek op in stove sitten_). Hwent den

sjucht men ho’t alles foroare is, by earder, en better wirden. En den

wit men dat alles ek noch folle better wirde scil. Dit doarp hat ek

skiednis, boer.

Ruth(#79282) · 第 63 / 118 题