Dat hoecht ek net fanke. As beppe en ik sizze dat it kin, den bitrouste
ús wol, wier?
RUTH.
Ik bitrou alle minsken wol, boer. Mar ik bigryp de dingen ljeafst sels.
(_Foar Ate syn boekekast_). Hwet hat de boer der in heap moaije boeken.
Mei ik dêr wol ien út krije? Myn hannen binne nou wer skjin.