ATE.

For beppe scil soarge wirde. En beppe en wy hawwe in wei foun dat Ruth

hjar learen wol trochgean kin.

RUTH.

(_forheard_). Boer....

FRÂNSKE.

Dat is in moaije tatiding, wier Ruth?

RUTH.

Ja jiffer. Mar ik moat der effen oer neitinke.... Om’t ik hie sokke

moaije dreamen, oer as ik letter sels jiffer wêze scoe en de bern

leare.... En do fen ’e moarn op dy bou, do wier dat sa fier fen my

ôf.... Mar nou komt it wer tichter.... Ik bin der o sa bliid ta, boer,

al bigryp ik net....

Ruth(#79282) · 第 61 / 118 题