Ik hearde grútsjen dat hja leare scoe, for ûnderwizeres. Ho liket jo
dat ta?
MASTER.
Scil net folle fen komme kinne. ’t Sit der by Sets net oan, nou mei
Japik syn sukkeljen, moatt’ jim tinke. Mar spitich is it. Ik hie hope,
hja scoe noch ris by ús yn ’e skoalle stean. En nou mei op ’e bou!
Wrâlds birin fensels. Mar like goed spitich.