Dat learen fen hjar moat trochgean. Ho en hwet kin minder skele, jy
bigripe it wol, mar ik wol der gjin praet fen hawwe—it scoe Sets yn
hjar eare komme. Wolle jy der for soargje dat se der hwet for
klearmakke wirdt en den nei stêd kin?
MASTER.
To diger! Dêr hear ik nij fen op. Dat docht myn âld hert goed, dat kin
’k jo wol sizze. Wis en wrychtich scil ik dêr for soargje. Us lytse
Ruth dochs noch oan ’t learen, fen ’e bou ôf ... soks hearde men earder
nea fen.... Nou mar ik bin der de kening to ryk mei. Dat is sok goed
nijs, dat moat ik masterske ris fordútse. (_oerein_).
FRÂNSKE.
Dos dat bigrypt se wol, master?
MASTER.
Dieden bigrypt masterske skoan. Mar idealen....
HORA.
As it master goed is, gean ik effen mei. Wy binne daelk werom, Ate.
FRÂNSKE.
Tink derom master, de té stiet brún ... en der is nou in frouminske by!
(_Hora en master ôf_).