Hwet tinkt jo fen lytse Ruth Wallinga? Kin goed leare, wier? En ek wol
nocht deroan?
MASTER.
Nea noch sa sjoen. Ik wier der op it lêst suver mei oan. Hja koe my yn
’t roun, kin ’k jim sizze. Wist hast like folle. En frege tsjienris
safolle as ik wist. De bern krigen der erch yn. Dy libbene kikers
seagen yen amper troch.