Jy meitsje it my to bot, master. Ik woe ha, yens frou moast dochs ek
diele yn yens stribjen, yn yens idealen.
MASTER.
Wisten wy yn myn tiid net fen. ’k Wol nou just net sizze, dat dat goed
wier. As ik domeny sa preekjen hear Sneins, den tink ik wol ris: der is
dy dochs hwet ûntgien, heite. Mar ik bin nou to âld om my to foroarjen.
En ’t hie syn maklike side wol. Soms tink ik wol ris, domeny, en Ate ek
sa’n bytsje, dy binne troud ... mei it ideael. En as ik it nou sizze
mei, den leau ’k net, dat dat in maklike breid is. Masterske koe ’k
mear mei wirde.
HORA.
Jy sizze dêr in wiis wird, master.
MASTER.
Stiet my oan. Oars tinke jim: Master kin ek oars neat as grapjeije. En
hy sjucht it dochs wol ... ja ... ja ... hy sjucht it wol.... Mar hy is
nou to âld. En masterske ... dy scoe it faeks ek net bigripe ....
(_Pear tellen stiltme_). Mar as ik freegje mei, Ate, hwet boadskip....