Master, master, ho komme jy der ek by! Sa âld en noch sa grien! Amper
in pear jonge ljue noch, kinne mankoar gjin ûrke misse!
MASTER.
Dêrfor bin wy dochs ek troud, oars net? Ik sei tsjin masterske, bern,
sei ’k, it wirdt in swier stik, mar dû moatst der fen ’e middei mei my
op út, de sânwei del. Nou, dat joech in heap gebear, mar it einbislút
wier dochs, dat se meigyng, fensels. Mar minsken, minsken, hwet in
sinne! Wy raenden as bûter, kin ’k jim sizze. Ei nou, moai waer wier ’t
dochs. En op dy sânwei ha wy in swak, masterke en ik. Dat komt fen lang
lyn, foar’t wy troud wiernen, bigryp jim? Do rounen wy dat wol as de
sinne net skynde.
FRÂNSKE.
Ik joech in moai stûr, as ik wist hwet dy âld sânwei wit. Ik scil mar
ris in pantsje té ynjiette, for de doarst. Hwer is masterske nou keard?
MASTER.
By Janne yn it tún. Wist dat ik saken hie to bipraten, mei Ate. Saken
wol masterske net fen witte. Hearre gjin frouljue by, seit se. Dêrom
haw ik altiten it mier oan saken hawn. Té-skinke is hwet oars, dêr moat
in frouminske by. Dêr moat Ate hwet mear om tinke.
HORA.
Hearst it Ate? Domeny hat spritsen, nou bigjint master syn leksum.
MASTER.
Mar ’t is ek for domeny ornearre. Ja wisse! Op ’e pasterije is it
ommers al krekt allyk. Ek al té sûnder in pastoarske! Hwa hat dêr nou
ea sa fen heard! Twa sokke jonge bazen, dat dy noch sa leare moatte fen
in âld man as ik!
FRÂNSKE.
Al wer hwet to learen! En nou domeny sels wrychtich! Utleard rekket in
minske dochs ek nea, domeny!
HORA.
Master syn leksum bin ik it wol moai iens mei. Mar master wit ek wol,
dat sa’n ding nau stekt. Der is op ’t lêst mear as de tépot allinne!
MASTER.
Scil ’k net ûntstride. Mar it is oars wol fen it fornaemste mei, woe ’k
ha. Masterske hat dêr altiten hjar krêft yn socht. En dat is hjar bêst
bikaem.