ATE.

Dû kinst lytse Ruth wier, Sets Wallinga hjar bernsbern? (_Hora knikt.

Den, waerm:_) Ik woe hjar leare litte. Dat bern scoe mei op it lân; it

griisde my oan. Ik haw it Sets forbean. Ik hie master en dy hjir frege

om dêr mei jim oer to praten. Den kin ik tominsten ien....

HORA.

Ik bin bliid datstû myn frjeon wirden biste. Hwet scil it moai wêze

astû myn meistrider wirden bist ... yn alles....

FRÂNSKE.

(_stil_). Ik hoopje dat dat noch in skoftke oanhâldt....

FYFTE OPKOMSTE.

Frânske, Ate Jans, Ds. Hora, Master fen Dyk.

MASTER.

(_âld griis man, tige libben, fleurich yn it praet_). Dei jimme

(_fûstkje_). Domeny ... Ate ... Frânske. Sjonge, sjonge, hwet wier dat

in útris, dy gleone moudige wei! Masterske hie der mar kluijen oan. d’

Ald frou wirdt hwet minder op de gong, moatt’ jim tinke. (_Faget him om

’e holle_).

Ruth(#79282) · 第 50 / 118 题