Nou sjuch _ik_ it forbân dalik net.
FRÂNSKE.
Dû hast dysels folle heger as ús, wier? Dat meistû ek wol, hwent dû
bist nou ienris mear. Dat witte wy allegear wol. Mar hwerom ús net hwet
mei to dielen fen dyn krêft en dyn earnst? Hwerom dy hjir sa ôf to
sûnderjen op ’e romte? Moatstû nou altiten tinke om dyn eigen groei?
Nea net, dat wy dy dochs wrychtich ek nedich hawwe kinne ... for
ússels?