ATE.

Ik wol eltsenien syn frjeon graech wêze. Mar as men myn frjeon wêze

wol, den moat men mei my stribje en stride wolle. Den moat ik in sterk

en moai bitrouwen hawwe kinne. Den moat men myn earnst en iensumens

kieze doare boppe dat geblikker fen de skyn. Ik sels doch gjin stap út

myn eigen libben wei.

FRÂNSKE.

Dû bist ûnreedlik, Ate. Dat giet boppe minsklike krêft.

Ruth(#79282) · 第 36 / 118 题