Ik wit skoan dat jim dêr net by tinke; as jim it diene, scoene jim net
folle wille oan al dy útlittenens mear hawwe. Mar ik doch it wol. Ik
scil nea, nea fen hwet hâlde, dêr’t ik de greatens net fen fiel. Ik wol
groeije, greater wirde, sterker, en dêrom is der for lytse minsken yn
myn libben gjin plak. Ik wit wol, dat jim der oars oer tinke—dat is jim
saek. Mar ik gean myn eigen wei. En ik wol it heechste. En ik bliuw
ljeaver wachtsjen as myn langstme it swijen op to lizzen mei hwet
minders.
FRÂNSKE.
(_tige wis en biret_). Den bistû in great egoïst.