ATE.

Ik haw de spot net mei hillige dingen, mar hwet jim derfen meitsje haw

ik net heech. Dêr moat ik my ljeafst net tofolle ynjaen, den kin ik

hast net ienris as frjeon mear mei dy prate. Hwet meitsje jim fen dy

libbenskroane? in boerdpompieren Sinteklaze-steek! Sels stimste mei,

dat ûnder dy hiele bolbjirkene keppel net ien is dy’t it heechste

fortsjinnet. Hwet moat men sizze fen minsken dy’t it heechste fen hjar

libben biede oan .... ûnweardigen?

FRÂNSKE.

Mar Ate, dat is dochs in saek fen fielen? Dêr tinkt men dochs net by!

Ruth(#79282) · 第 33 / 118 题