Hwa’t goed en suver libbet, dy hat altyd gelyk. Mar sa maklik scilste
der nou net fen ôfkomme. Wille dat is neffens dy: Sneins mei in kliber
fen tsjien, tweintich út to fytsen gean, stoffige, bimoude wegen lâns,
sjonge, net om ’t men fleurich is, mar fleurich lykje wol, delplakke
foar in herberge en yen bignuve litte fen in heap doarpsljue, wylst Ate
Jans allinne efter yn syn mieden....
FRÂNSKE.
Né, né, mar sa is it net! Sjuchste wol datst’ der neat, neat fen
bigrypst! Wy binne bliid ... om’t, om’t de blidens nou ienris djip yn
ús libbet, en....