ATE.

Mar dat kin hjir en op ’e romten ek. Hwerom siikje jim de wille dêr?

Hwerom net de moaiste, de suverste, de bliuwende? Hwet is der op jim

setten en pretten wol, dat ik hjir yn myn ienlikens net haw? To nou,

Frâns!

FRÂNSKE.

Ja Ate, dat ... dat binne de minsken ... dêr sit alles yn, men sjucht

de blidens yn oare minsken en den wirdt it yen sa waerm en rom, den

sjucht men de sinne en de loft net ienris mear....

Ruth(#79282) · 第 29 / 118 题