ATE.

Dû bist tichter by de wierheit astû sels wol tinkste Frâns. Witste hwet

myn wille is? Dat is it swalkjen, ûren lang sims, lykme allinne, oer de

hearlike bloeijende heide, oer it wide grien fen it greide-lân. Dat is

it mimerjen yn it lange waeijende gers en it sjen nei de hege

himelloft, fol goudgeglinster en strieljend blau ... dat is it mimerjen

by de wylgemoezzen mei hjar rykdom fen wite wynsels dêr trochhinne, dat

is it swimmen yn de brede, koele, djippe mar, mei neat as de loft boppe

yen, neat as it streakjen fen it wetter om myn lea.... Dat is myn

wille, ik scoe gjin riker, gjin greater winskje. En jimmes? To nou,

Frâns? Fortel my nou fen jim wille, dy iennichste, dy greatste rykdom

yn ’e wrâld!

FRÂNSKE.

Hâld mar wer op. Ik sjuch, dû krijste dochs wol wer gelyk. Frjemd

datste dochs altiten gelyk hast....

Ruth(#79282) · 第 27 / 118 题