ATE.

Der is mar ien ding, dêr’t ik my net oer útlit, dat is myn striid en

myn siikjen. Alles hwet ik foun haw, hwet ik wit, siz ik; miskien kin

it oaren ek hwet helpe. Mar hwet oan dat finen en witten foarôf giet,

dat giet nimmen hwet oan.

FRÂNSKE.

Dû hast gelyk, sa is it wol.... Wy oaren, wy tinke net om siikjen, wy

kwebbelje mar hwet foar it ljeave heitelân wei, wy forlieze ús yn ús

eigen wirden en getsjânsel.... Mar dochs, sa astû dy hâldst en

draechst, sa is it better; dat wol ik ek leare.

Ruth(#79282) · 第 22 / 118 题