Dat moatstû altiten dwaen Frâns. In minske moat neat op ’e boaijem fen
syn herte forhoalen hâlde. De wrâld moat yen sjen sa’t men is.
FRÂNSKE.
(_laitsjend_). Ate. Ate ... dat seistû? neat forhoalen hâlde? dû, de
tinker, de dreamer, de swijer? Scoe der hjir yn it hiele gea ien wêze
dy’t safolle forhoalen hâldt as dû?