Ik tochte, datst dêr al lang mei dwaende wierst....
FRÂNSKE.
Dat is ek sa ... salang as ik dy ken einlings al.... Mar ik bin op ’t
lêst ek jong. Ate. (_Ate knikt; laitsjend:_) Né heite, knik mar net sa
earnstich, dêr hastû dochs gjin bigryp oer. Dat is it iennichste
hwetstû fen my leare kinst. Dû wennest hjir sa frij, sa hearlik; sa as
fen ’e middei, nou’t de hiele pleats en al dy âlde beammen dreame yn in
sé fen ljocht.... God, Ate, dat moatstû dochs ek ris sjen. De fûnken
sprongen oer de pannen hinne, dounsen oer de leaven en de grêft, en
laken ... laken.... Ja by de himel, de sinne lake! Sa as Frey by de
âlde Noaren do’t er om Gerda frijde, sà lake de sinne. En ik hearde de
protters op it efterhiem, ik hearde de ljurk fierwei jubeljen yn it
blau, en it folk op dyn lân, it folk dat sóng, Ate....