FOARST OPKOMMEN.
Janne, Sets.
SETS.
(_yn ’t opkommen tsjin Janne_). ’k Wit net, ik wit net, it is my hast
slimmernôch ... ik mei myn smoarge klean yn jou eptige keamer ... ik
bin sa’n formidden wrychtich net wend, Janne.
JANNE.
De boer wol ’t sa hawwe; ik wit net eft ik út mysels wol sa fier gean
scoe. Wy binne allegear minsken mei-inoar seit er den, en dêr is net
folle tsjin yn to bringen. Mar styl fen húshâlden is ’t egentlik net,
fensels.
SETS.
Witte jy ek hokfor boadskip de boer oan my ha kin? Ik bin noch mar ien
moarn oan ’t wirk....
JANNE.
Ik scoe ’t jo net sizze kinne, mar hy scil hjir sa dalik sels wol
komme. Ho is ’t, wol ’t hwet fen ’e moarn?
SETS.
Och stimper, ’t is sok swier wirk for my. Eltse kear giet myn tinken
werom nei de lêste middei do’t ik op it lân wier en se my hellen, for
Japik.... Do wieren wy noch mei syn trijen, hy en lytse Ruth en ikke
... en nou misse wy safolle....
JANNE.
It libben kin swier wêze, Sets.
SETS.
Ik ha ’t altyd wol treast west, mar dit wier sa hird ... sa hird. Sûnt
dat ik widdou waerd, wier hy myn alles, alles hwet ik biskrepte en
ôfbodde, wier for him.... Jy kinne it net witte Janne, mar it wier sa’n
greate stipe as ik op ’e bou wier, sa yn it smoarge wirk en ik koe den
tinke dat hy dêr prefyt fen hawwe koe; by alles hie ik syn antlit foar
my.... En nou is ’t allegearre sa leech en sa deadsk....
JANNE.
Jim hawwe dien hwet jim koene, Sets.
SETS.
Alles, alles woene wy wol jaen, en den noch to sjen dat it efterút
gyng, dei by dei, dat der gjin krûd for woechsen wier.... Wy hawwe
bidden dat er wer better wirde mocht, lytse Ruth en ik, mar it mocht
net, wy seagen him foar ús eagen foartgean.... Hy sels birêstte der yn,
hy bitroude, it wier for syn bêst, mar myn âld herte kromp gear ... myn
iennichste ... en lytse Ruth, och, och, dat stimper....
JANNE.
Praet jo mar ris goed út Sets, it docht jo goed. En ik ha mear
swierrichheit sjoen, ik kin it my sa goed yntinke.... Ho is ’t nou mei
Ruth?
SETS.
Jy hawwe noch nea sa’n bern sjoen, ik kin der mei myn grize hierren
noch fen leare. Ik koe my altyd net goed hâlde, ik woe wol, mar it wier
my sims to machtich, mar as hja triennen seach, den kibbe se op Beppe.
En sels skrepte se yn’e hús om, stil en de lipkes op mankoar, en as se
wist, dat Japik nei hjar pielen seach, den glimke se wer effen. In pear
kear foun ik hjar, do stie se hjarsels yn it gonkje út to skriemen, it
stimper....
JANNE.
De ien leart de striid fen it libben earder kennen as de oar.... Mar
sterk makket it ek wol, oars. It is noch in hiele treast for jo, dat jy
hjar alteast hawwe. Alhiel allinne, dat is sa iensum....
SETS.
As ik hjar misse moast .... en dochs, nou’t Japik wei is, nou kin ik
hjar dochs net mear mei blide eagen sjen.... Al ús moaije forhopings
binne nou tsjin ’e groun, en Ruth moat nei it lân ta ... en dêr
forbarne yn’e gleije sinne en krûm wirde en âld foar hjar tiid, sa as
wy allegearre moatten hawwe. Dat is noch it slimste, myn jonge wei en
lytse Ruth ... it paedtsje fen wy allegearre....
JANNE.
Oan jou praet to hearren ... hiene der den oare plannen west?
SETS.
Ruth scoe leare.... Jiffer wirde. Dat wier in great geheim, allinne
Japik en ik wisten it ... en Ruth hie formoedings. Jouns as wy to
skimerjen sieten, den kaem se op ’e tekst fen hwet se leard hie op ’e
skoalle ... hwet se den net oeral helle, jy hawwe der gjin bigryp
fen.... En den makke se plannen, ho’t se it sels ha scoe, as se foar de
bern stie, en as Japik der neat tsjin ynbrocht, den mirk se wol sahwet,
hy woe der wol oan, as ’t hwet koe.... En nou ... ik wol net kleije en
ûntofreden wêze, mar dat bern mei hjar skoandere holle, hwerom moat dàt
nou ... wylst safolle oaren....
JANNE.
Net freegje Sets. Us wrâld is nou ienris net sa, dat wy allegearre
dwaen kinne, hwet miskien wol ús ropping is....
SETS.
’t Is hird, o sa hird. Net dat hja der mear fen praet, hja wol der hjar
oerhinne sette ... mar dy lytse rimpeltsjes yn ’e foarholle, och, och,
dat bern kin sa earnstich sjen....
JANNE.
Scoene jy der net ris mei de boer oer prate, Sets. Miskien dat dy....
SETS.
Né Janne. De boer hat him al sa goed hâlden, wy meije net mear fen him
freegje. Hy hat op ’t lêst mear folk, hy kin him sa alhiel wol weijaen.
Wy scille ús hjirsels trochhinne slaen. Wy binne jim sa tankber, Janne,
for al jim byspringen ... it hat ús de hannen sa’n stik romme.
JANNE.
Jy witte, dat de boer der gjin tank for hawwe wol. En ik wit sels hwet
earmoed is ... heit en mem wieren alhiel forlijd, do’t de boer syn
âlden my opnamen. Dizze oarde hat gâns triennen en leed sjoen, Sets,
eartiids noch wol mear as nou.... As Ate Jans syn folk der net west
hie....
SETS.
En nou hy sels.... It scil my ris nij dwaen, Janne, hwa’t hjir noch ris
boerinne wirde scil. Hja seine lêst, Frânske en hy hiene forkearing.
JANNE.
De ljue sizze safolle. Frânske hat hjir in heap de rin, mar mear as
goefrjeonen binne se net. Hjar bisteanen ûntrinne mankoar safolle.
Frânske is sa derten en fleurich as in flinter, en Ate Jans is de
earnstige kant gâns it neist. Hy hat net sa’n heap sinne hawn yn syn
jonkheit, en dat foarmet in minske wol.
SETS.
Frjemd, dat goede minsken it faek sa swier hawwe.
JANNE.
Forline Freed wier it tweintich jier forlyn, dat syn mem forstoar. Jy
scille hjar noch wol foar jo krije kinne.... In minske wier ’t, suver
in wûnder. Ik ha der by west dat in pear arbeiders spil hienen op ’t
snijen ôf, se stiene foar mankoar oer, mei ’t brûs om ’e mûle;
allegearre tochten wy, dat der in ûngelok barre scoe. Do kaem hja de
skûrreed lâns, dimmen en evenredich as altiten—ik sjuch hjar moai
antlit en greate blauwe eagen noch. Se sei neat, se seach allinne mar,
freegjend, forwûndere. It folk gyng fensiden, yn ienen wier alles stil.
Dat hat Ate Jans oerirven. Hy giet mei my om eft er myn bern wier, wy
lizze alles mei mankoar oer.... En dochs....
SETS.
Nou?
JANNE.
(_oerein, nei it finster ta._) En dochs is der hwet, djip, o sa djip yn
syn hert dat wy net kenne noch bigripe.... Ik wit net hwet it is, mar
ik tink, dat nimmen, nimmen, dat ea trochgrounje scil ... sa as it djip
yn ’e bosken is, koel en stil en heimsinnich, sa is Ate Jans.... Ik woe
wol dat der hjir ris in jonge mylde laits troch de boerkerije klonk,
mar ik tink net dat Ate Jans ea trouwe scil ... ik tink it net....
SETS.
Den hâlde jy hjir it ryk allinne, Janne.
JANNE.
Amper tritich jier bin ik nou by Ate Jans en syn folk. De wrâld is
foroare, in heap minsken binne forstoarn, mar hjir, yn it hert fen
dizze minsken bliuwt alles itselde, sa as de mar yn al syn brûzjen en
núnderjen altiten deselde bliuwt. Greater nommeler goedens kin ik my
net tinke, hjar omgong hat altiten as in ljocht om my hinne west.... En
den tink ik sa faek, hwerom kinne sokke goede edele minsken net bliid
wêze en fleurich, wylst safolle minderen gobje en laitsje fen moarns
ier oant jouns let.... Der komt Frânske oan, sjuch ik.
SETS.
Den moat ik nou it plak mar romje, tinkt my.
JANNE.
Hwerom nou? De boer hat sein, dat jy hjir op him wachtsje scoene. Jy
hoege om hjar wrychtich net foart to gean.
TWADDE OPKOMSTE.
Janne, Sets, Frânske.
FRÂNSKE.
(_moai libben jongfaem, tige eptich klaeid, hast as for in feest; rûker
reade en wite roazen yn ’e hân_). Dei Janne.... Hea Sets, jy hjirre?
Dat scil jo ek wol hwet nuver oankomme, net?
SETS.
It is myn plak fensels net, jiffer. Mar ik waerd hjir bean.
FRÂNSKE.
(_hwet ûnfordildich._) Krekt hwet for Ate Jans. Syn folk op ’e tripen
stoellen yn syn keamer to plakken. Hy mei syn eigensinnige tinkbylden!
Altiten oars as in oar docht! ’t Milhús is for it folk—hy koe de keamer
wol hâlde for de kearen dat domeny kaem ... ef ik!
JANNE.
De boer moast jo sa net praten hearre, Frânske.
SETS.
(_jowt hjar oerein._) As it de jiffer net nei ’t sin is, den wol ik wol
salang yn it herntsje wachtsje....
FRÂNSKE.
Och né, doch dat nou net. Bliuw nou hjirre, oars is it myn skild wer.
En as Ate den komt, krij ik wer in leksum oer myn ûnbitochtsumens en
binyptens. En myn hiele middei is wer bidoarn.... Hy wol dochs syn egen
wei gean, hy jowt net om in oar. ’t Is in lêst as de minsken altyd sa
dwers binne.
JANNE.
’t Is mar krekt hwa’t men praten heart.
FRÂNSKE.
(_gutich_): Ho dat sa? Hat Ate den miskien klage ... oer _myn_
dwersens?
JANNE.
Dat woe ik net sein hawwe.
FRÂNSKE.
’k Scoe sizze tominsten. Dêr hat _hy_ nou just noch net sa folle lêst
fen hawn. Ik bin fiersten to bang for him. Sa’n brommende holder! Hwêr
is er nou wer keard, Janne?
JANNE.
Ik wit net. Wy wierne him wachtsjende. Hy liket effen bilet to hawwen.
FRÂNSKE.
Hy hie hjir wêze moatten. Wy hienen ôfpraet, ik scoe der om twa ûre
wêze. En den _is_ men der om twa ûre. En oars....
SETS.
Mar it is nou grif al by healwei trijen, jiffer. Jy sels wierne den ek
wol hwet let, as ik it sa sizze mei.
FRÂNSKE.
(_effen yn ’t nau_). Nou ja ... ik woe ... ik koe dochs ek net.... Mar
ik ha op ’t lêst mear to dwaen, en hy hoecht allinne mar op ’e stoel
sitten to gean en to wachtsjen. Hawar. Hy docht dochs hwet er wol. Men
moat him mar nimme sa’t er is. Siz Janne, hwer moat ik mei dat
blommegûd hinne? Scil ik mar dêr op it bureau ... yn it plak fen dy
dingen....
JANNE.
Né Frânske, ljeaver net. Dy blommen hat er in sin by, om ’t se yn ’t
wyld groeije. Ik sels ha ’t sa ek al ris hawn. Hy hâldt net fen
sierblommen.
FRÂNSKE.
(_leit de blommen mei in nidich gebeart op it bureau_). Scoe men nou
net.... Neat, neat is hjir goed. Ho’t jy it hjir dochs úthâlde!
JANNE.
Ja, en sa lang al!
FRÂNSKE.
(_efkes earnstich_). Sikersonk, sa lang al. (_Giet foar it bureau
sitten_). Der scille miskien net folle wêze dy’t jo dat neidwaen
scoene. ’t Is hjir moai, en stil, en rêstich, mar earnstich, earnstich,
om der bang fen to wirden. Men is op ’t lêst minske om ris to laitsjen,
gol en frij út to laitsjen, men is dochs jong om to sjongen! Jy, dy’t
hjir sa op jou plak binne en bliuwe, sûnder to laitsjen en to sjongen,
sjuch, dêr haw ik sikerwier earbiedenis for. Ik scoe ’t net kinne ...
ef miskien....
SETS.
It libben giet altyd net by fleur en pretsjes út, jiffer.
FRÂNSKE.
(_wer ûnfordildich_). Och, ja, dat wit ik wol. Mar ik sei it net om
krimmenaesjes út to lokjen. Ik wit wol dat earme ljue hjar soargen ek
hawwe. Mar dat is sa hwet oars as dêr’t Janne hjir yn forkeart. Dit kin
men net oerwinne, ek al set men yen noch sa to skoar. Dy oare ... dy
jildsoargen, dy komt men mei hwet prakkesaesjes en hwet ynspanning wol
to boppe.
SETS.
As de jiffer ris wist hwet dêr sims net anneks mei is....
FRÂNSKE.
Ja, ja. dat scil ’t wol. Mar hwet witte earme ljue nou einlings ôf fen
de greate libbensstriid? Hja dy’t net ienris oan it wiere libben
takomme? It libben is ommers for hjar net mear as in dream! Wol ris in
bange en swiere dream, mar net heal sa swier as for hwa’t de djipten
fen it libben wit. It glydt jim ommers allegear mar foarby!
SETS.
Ik bin sa folle net mei wirden mânsk, mar as de jiffer ris yn ús
djipten sjen koe ... mei mysels is net safolle forlern, mar as ik om
Ruth tink....
FRÂNSKE.
Lytse Ruth? Dat is in snoezich fanke. Alderljeafst yn ien wird, ik wier
in great nêst by hjar, do’t ik dy jierren hie. Mar hwet forwachtet sa’n
bern nou einlings fen it libben? Se is nou fen skoalle ôf, ik seach
hjar niis op ’e bou; dat sprekt fensels, dat is hjar plak. Dat scil in
jier mannich sa trochgean, den bigjint se om oare dingen to tinken,
njunkelytsen trout se, beppe wirdt oerbeppe, en sa giet dat troch. Sa’n
libben is ommers sa klear as wetter! Ik sjuch it as ien igale rjuchte
wei foar my. Kuijerje nei de ein ta en it is dien. Bin dêr soargen en
striid for nedich? Ik sjuch it net.
JANNE.
Hark ris, Frânske, my tinkt dat it sa moaijernôch is. Sets en Ruth
hawwe de lêste tiid wrammels swierrichheit genôch hawn, dat hoege jy
net slimmer to meitsjen mei jou gegei oer dingen dy’t dêrby neat
bitsjutte. Jy moatte der mar ris mei de boer sels prate, dêr hawwe jy
partij oan.
FRÂNSKE.
(_forheard_). Hearken Janne, hwet nou? Bin ik jo to nei komd ef sa? Ik
bigryp jo net. Ik mei dochs myn sin wol sizze. Jy lykje Ate Jans
wrychtich sels wol!
JANNE.
Ik ha wol safolle fen him oernomd, dat ik net útstean kin dat jy sa
trochslagge oer de bloedichste earnst fen it libben. Ik wit wol dat jy
it yn jou hert net forkeard miene, mar jy moatte hwet better neitinke
oer hwet jy sizze. Jy hawwe dit âld minske sear dien, en my dêrby. En
it is jo sels net ta’n eare, sok praet.
FRÂNSKE.
Nuver, nuver. ’t Is eft ik Ate sels praten hear.
TREDDE OPKOMSTE.
Janne, Sets, Frânske, Ate Jans.