PERSOANEN:

ATE JANS, boer op ’e „Sjidzjende Bouwer”.

JANNE, syn húshâldster.

FRâNSKE MINNEMA, in nift fen sines.

PIER LEISTRA, oare sibben fen Ate Jans

SIJKE, syn wiif, oare sibben fen Ate Jans

ALRIK HORA, de doarps-domeny.

MINDERT FEN DYK, de master.

SETS WALLINGA, arbeidster by Ate Jans.

RUTH, hjar bernsbern.

Toaniel yn beide bidriuwen: de milkeamer fen de „Sjidzjende Bouwer”,

rêstich en hwet âlderwetsk meubilearre. Rjuchts (út ’e seal wei) twa

finsters, mei swiere griene planten dêrfoar; lofts in boekekast, hwet

nijer as it oare húsrie. Lofts efter gongs-doar; rjuchts skriuwbureau.

Yn de foarste útkomste dêrop in stelt mei wylde wâldblommen.

Ate Jans is yn de foarste útkomste sa’n 25 jier; yn syn útsjuch en

praet hat er de bislettenheit fen de minske dy’t wit hwet ynderlike

striid is. De oaren hjar âlder dêrneffens; Ruth is toalve jier.

De twadde útkomste spilet tsjien jier nei de foarste.

Ruth(#79282) · 第 5 / 118 题