Dei jimme. Dû hjir ek Frânske? Dat stiet my oan, dêr hie ’k net oer
prakkesearre.
FRÂNSKE.
Yn ’e goedichheit! It wirdt my nou slimmernôch, Ate. Witst net mear
hwet wy ôfpraet hiene? datste my foarlêze scoest ... om twa ûre? Moatst
nou ris efkes sjen. (_Hâldt him hjar horloazje foar, dat hja om ’e pols
draecht_).