DE PRINSESSE MEI ’T GOUDEN PARRESOLTSJE.

Der wie ris in prinsesse, dy wenne yn in paleis, det stie op in hege

berch en det paleis wie sa great, der wierne wol tûzen keamers yn,

allegear like moai en in prachtige tún lei der yn ’t fjouwerkant

omhinne en selst winters, as ’t snijde, bloeiden der noch blommen en

songene der noch fûgels, hwent de hiele tún wie ûnder spegelglês

bikape, en de oarelstiens mûrren wierne sokke hoekhâlders, dy lieten

net ien sigen troch.

Ut de finsters fen ’t paleis seach min de wrâld yn ’t roun, séën en

steden, greate bosken en griene greiden. Mar it wie allegear sa fier

ôf... min seach allinne it moaije en net it mâlle der middenmank. En sa

seach de prinsesse it ek altyd ...

Fen ’e wrâld wiste hja neat... Hja wist allinne, hja wie in

prinsesse... alles waerde foar hjar weinaem... Hja iit fen goudene

pannen en dronk út sokke tinne glêzen, det as se der út dronken hie,

den foelen de glêzen yn grús op ’e flier en alle dei droech se in nij

kleed fen ’e echtste side en parels en diamanten der op binaeid. En

noait ef to nimmer wie it stael gelyk fen de iene dei op ’e oare...

Wevers wierne alle dei dwaende to weven en skilders to skilderjen en

fammen om to borduren, om mar wer hwet nijs út to finen for det jurkje

fen ien dei, det kostlike kleed fen ’e prinsesse. En moarns lei it op

’e stoel foar hjar bêd en it wie it earste, hwet se seach, as se wekker

waerde. Sims lake se den, sims stume se, al nei ’t it sin stie. En as

se lake, den krige de makker in pong fol goud en as se stume, den

waerde ’r for altyd út it lân band, fier foart, hwent hwet scoe sa ’n

domme kwast, dy-t net iens ien dei in prinsessewinsk bifredigje koe!

Tsjien moai optúchde hynsders en tsjien optúchde weinen stiene yn ’e

stâl klear, as se ris ride woe en as se ris kuiere yn ’t moaije tún,

den waerden earst de paden mei lange lopers bilei en mei roazebledden

bistruid en efter hjar oan kaem in tsjinster en dy hâldde in

parresoltsje boppe hjar holle.

Det wie in aldernuverst parresoltsje. Fen goud wie ’t en wit hofolle

nuddeltinne goudene latsjes foelen boppe oan oer inoar hinne en

ûnderoan waeieren se út en oan elts hinge in lyts gouden skeltsje, fiif

en fyftich mei inoar en as de prinsesse roan en de tsjinster hâldde it

boppe hjar holle, den bigoanen al dy lytse skeltsjes to tingeljen en

makken in wûnderbaerlik moai mesyk. En de sinne koe hjar sa net bynei

komme, hwent in greate kinstner hie der in siden doek oerhinne spand en

dy binaeid mei frjemde greate blommen, hjar heite wapenblommen. Sa

kuiere hja den yn ’t tún om en hâldde hjar sa fij fen ’e minsken, det

hja wiste neat fen ’e wrâld. Earmoed en lijen, rûzje en haet, ljeafde

en smert, hja wiste net iens, det it bistie...

„Hja is sa tear, it scoe hjar de dea dwaen, as se wiste, hwet der yn ’e

greate wrâld omgiet,” sei de kening. „Lit it libben oan hjar foarby

gean as in dream, mar dy greate sé syn wieling hjar nea forswolgje,” en

hy seach nei hjar, wylt se foarby gyng yn poarperkleurige side, reade

roazen yn it hier, prinsen om hjar hinne en it gouden parresoltsje

boppe de holle.

[Illustration: hja gyng foarby, roazen yn ’t hier en ’t gouden parresoltsje boppe de

holle]

„Scoest dû it lot twinge kinne?” lei de keninginne der dimmen tsjin yn.

„Elts minske komt op syn eigen paed tolânne en elts minske giet nei it

plak, hwer de dead him forwachtet...”

„Ik ha de macht en scil hjar brûke ek, om hjar alle leed to ûntkearen,”

sei de kening stoef.—

Ienkear kaem der in dei, do wie it snikhyt. It hie noch nea sa waerm

west. It paleis op ’e berch wie krekt as wie ’t in oun en de sinne

barnde der op, det de glêzen knapten en de fisken yn ’e fivers bigoanen

boppe to driûwen en stoaren fen ’e hjittens.

De kening liet de hynsders ynspanne en in licht weintsje út ’e stallen

helje en der ried de keninginne yn nei de lichten ta, nei de âlde

bosken ta fen it skaed en ’e wjitterings en ’e bimoske paden. En der

kaem in hiel lyts weintsje, side-bifûrre en mei fjouwer wite kedtsjes

der foar en der waerde de prinsesse yn droegen, om ek mei nei de

bosken. It gouden parresoltsje waerde hjar boppe de holle hâlden en de

fiif en fyftich skeltsjes tingelen en mesiken, wylt it weintsje sêft en

fluch nei de delte ried...

De bosk wie great... de bosk wie koel... Mar om middei hinne waerde it

der ek al waerm... der kaem in tongerbui opsetten en in stoarm. De

wjittering waerde in loslitten munster en sloech de brêge yn grús, dy

spielde mei nei de kening syn fortoef en yn in omsjoch fornielden

wetter en stien al det ’r fen wie. De minsken dreauwne mei, jammeren

efkes, do wie alles stil yn ’e greate bosk... Allinne de stoarm syn

djip en lilk lûd, det stoar net... En it wetter syn geklok ek net...

De prinsesse wie fêstrekke oan in greate beamtokke en dreau hird mei

foart, de lytse hantsjes stiif om ’e tokke, de knibbeltsjes stiif tsjin

de ronfelige bast... Hja gûlde net, hja dûkte hjar net foar de

geweldener, hja siet rjucht oerein en seach it libben, sa ’s det bigoan

om him oan hjar to iepenbierjen, al wie ’t den ek op in bjusterbaerlike

menear.

Hja wie in keningsbern en derom stie se it gefaer en knypte de eagen

net ticht... Al djipper gyng ’t nei de delte en einliks kamen se yn ’e

brede, wide stream, dy-t folle stadiger gyng en dy naem se mei, ûren en

uren fier. Optlêst kaem de beamtokke yn ’e knipe twisken meispield hout

en stikken rots, hy draeide in kear ef hwet om, krekt as wie ’r yn in

wielkolke en einliks lei ’r stil oan ’e igge fen it brede wetter, yn it

skaed fen in greate eskenbeam.

De prinsesse krige wer hwet moed en kroep op ’e tokjes lâns nei de wâl.

Der gyng se yn ’e hjitte sinne sitten en droege de gazene jurk, dy-t

hjar yn fodsjes om ’e lea hinge en ’e skoentsjes fen reade side mei

hjar moaije diamantene gaspen, dy hinge se heech oan ’e beam to

druijen. For ’t earst yn hjar libben brûkte se hjar eigen

prinsessehantsjes en sjoch, it wie ark en foechsum ark ek. Hja pakte it

parresoltsje, det twisken de beamtokken bitize siet en scoe det nou

sels ris opstekke, mar sjoch, it woe net mear en de skeltsjes seine ek

net mear fen tingeling. Do bigoan se to gûlen, hwent det moide hjar sa

alderfreeslikst. Hja makke hjar sa oerstjûr, det hja waerde der licht

fen yn ’e holle, alles bigoan to draeijen en hja pakte mar gau de

eskenbeam beet, om hâld to habben. En do wist se fen neat mear... hja

foel fen hjarsels en swimend siichde hja derhinne.—

Pame kaem mei Hip, syn ezeltsje út ’e sted wei en togearre panderen hja

op hûs yn. It gyng stadich, Pame tôge in pong fol jild mei en Hip twa

greate baelsekken fol gûd, in tintsje en den noch for in dei iten for

twa mûlen en Hip sines, dy hinge altyd de lippe nei in swiet flaubyt.

Dy koé net sêd.

It roan al tsjin de joun en Pame hie syn nocht. Jister hie it sok

swierwaer west, det ’r net reisgje koe, hjoed wie ’t ek al wer waerm,

mar nou mei de joun kaem der koelte oanwaeijen oer it wide wetter en

him tochte, der ûnder dy hege eskenbeam spraette ’r mar in leger for de

nacht en iit der syn jounbrogge.

Krekt scoe ’r der oer gear, as der seach ’r hwet frjemds lizzen. Yn in

omsjoch wie hy der by en bistoar it hast fen skrik. In minske! in

famke... in dea famke! Mar sa slim wie it noch net... hja libbe... hja

sykhelle...! Gjin ketier letter lei se yn Pame syn tintsje en do-t se

de eagen opsloech, seach se hjar jounbrochje al klear stean, in timpke

brea mei toar spek bilei en der in tinnen kûmke fol drinkenswetter by.

Hja taeste der bigearich nei, o hwet smakke it swiet! It smakke folle

lekkerder as by heites de taert en de sûkela! En hja bigoan to praten

yn in tael, dy-t Pame net forstie, mar der hy wol safolle bigryp fen

krije koe, det hja nei hûs woe.

„Ja!” nikte hy frjeonlik en hy wiisde nei de ûndergeande sinne,

„moarnier den reisgje wy.” En sa rekke de prinsesse yn ’e sliep yn it

tintsje fen Pame, de wever, mei in baelsek fol gûd ta leger en in oare

baelsek ta pel en de wietige groun om ’e âld eskenbeam ta ûnderleger.

De oare deis droech Hip in nuvere lading, oan ’e iene kant in

optaest-folle baelsek en oan ’e oare kant skommele it prinseske yn ’e

oare baelsek. Pame moast der fen glimkje. Hwet scoe Ljeafke sizze!!

Hird gyng it troch de greate bosk op hûs yn. Hip waerd danich

oanfitere. Pame socht ûnderweis wylde ierdbeijen en treau se it famke

ta en twa kear ûnderweis skoaide ’r môlke for hjar op by de huzen.

Einliks en to ’n lêsten, der skimere syn húske twisken de hege beammen.

Hielendal mei mosk bigroeid wie ’t en wylde roaskes ranken der heech by

op.

„Ljeafke!” rôp ’r al fen fierrens. „Kom hjarren. Help my gau.” En

Ljeafke, syn wiif, smiet de toffels út en kaem der hoazfoetling

oanrinnen.

Der seach se it kopke fen it prinseske ta de grouwe baelsek útkypjen.

„Pame,” hime se, „...hwet hastû nou meinaem! Dit wirdt my mâldernôch.”

„My ek,” sei Pame, knope de baelsek los en woelle it prinseske út ’e

jassen en doeken wei, hwer hy se mei bistoppe hie, hwent klean hie se

hast net mear oan ’t lyfke en hja hie bleate foetsjes.

Ljeafke, oars sa praetsk as in bolrinder, bistoaren de wirden yn ’e

mûle. Mar do krige se meilijen mei it harterke, det der sa raer by hjar

ynstouwen kaem, hja naem se op de earm en tútte se op it foarholtsje.

„Hwastû biste en hwer wei, maelt my net, mar bliid bin ’k mei dy,” sei

se en roan mei hjar yn ’e hûs.

Hja waerde wosken en der kamen sêfte linnene lapen fol salve om hjar

iepene foetsjes en hja krige in skjin nachtjakje fen Ljeafke oan en in

read knopdoekje om ’e hals. En sa rekke se yn ’e sliep yn it frjemde

hûs, yn ’e lytse wente fen Pame wever en Ljeafke yn ’e greate bosk...

It dûrre in goed wike, do wie se wer klear en de foetsjes hjille en koe

se fortelle, for safier as se inoar forstean koene, det hja wie in

prinsesse en hjar heit wenne yn in paleis, det wie in kening. Pame en

Ljeafke woene it mar kwalik leauwe, hja wie suver krekt en allyk as

oare famkes en moai yn ’e klean wie se ek al net, hja hie net iens in

kroantsje op ’e holle en in ringkje om ’e finger. Ien ding forbjustere

hjar allebeide dochs wol hwet: det parresoltsje! Det wie sa ’n nuver

ding, soks hiene se hjar libbensdagen nea net sjoen. En Ljeafke krige

it út de blikke, hwer it in deimennich stien hie to druijen, pakte it

yn sydpompier en lei it yn ’t kammenet, hwent, „sjoch,” sei Ljeafke,

„dit ’s dochs wol greateljue’s gûd en is ús licht in fingerwising, hwer

se thús heart.” Pame sei net folle, hy skreau alles, hwet it famke sei

hie, sa goed en sa kwea as ’t gyng, op yn syn sakboekje en bigoan der

oer to rekkenjen, det der miskien dizze winter trije om syn dis sitte

scoene en de brochjes wol ris tige lyts wirde koene.

De hjerstmis gyng ’r wer nei de greate sted mei stikken nij weefd gûd,

mar ho-t hy ek neifraech die, nimmen wiste fen in prinsesse, dy-t wei

wie en optlêst frege hy mar net mear, hwent hja bigoanen him út to

laeitsjen en det stiek him.

Earst jeuzele en eamele Pykje, hwent sa neamden hja hjar mar, wol ris

om foart en wie hjar ek al twa kear ûntkaem en de bosk ynroan en woe ek

wol ris net ite, omt se folle lekkerder ha woe, mar optlêst biwoan it

allegearre. Hja wie selst wiis mei it jurkje, det Ljeafke hjar út in

âld skoart fen hjarres makke hie. En do-t Pame op in dei thús kaem en

hjar in jong iikhoarntsje brocht ta boarter, tocht se net mear om

foart.

Noch ienkear foar de lange winter gyng Pame wer op reis nei de sted en

wie wer wakker dwaende, om nijs op to strewearjen oer it fondelingkje.

Ljeafke hope yn hjar hert, it scoe wer mis wêze en nimmen opdaegjen

komme, om Pykje to heljen, hwent hja wierne nou beide al sa mâl mei

hjar as hwet, suver as in eigen bern. En njonkenlytsen forgeat it

prinseske, det se ea in prinseske west hie en hja nou neat oars mear

wie as it famke fen Pame en Ljeafke.

Do-t Pame for de twadde kear werom kaem út ’e sted, wie ’r wakker op ’t

snjit, hwent hy hie safolle jild bard for syn weefde kleedtsjes as noch

noait tofoaren. De minsken fochten der suver om. Det moast komme, omt

Pykje him de triedden útsocht hie, hwent hja fortsjinne al aerdich mei

en den sei se: „sjoch, heit, sa wirdt it in moai stael”, en den weefde

hy it sa. Ien wie der by, det wie in greate blauwe blom fen in

wûnderlik fetsoen en dy kleedtsjes forkoft hy ek it measte en krige der

noch gâns bistel op ta, sadet hy hast de hiele winter wirk hie en der

wie hy bliid ta.

Sa gyngen de jierren foarby en Pykje groeide op ta in jongfaem en hja

seach it libben, sa as it wie. Hjar sabeare mem waerde siik en wiken

die se allinne alles, hwet der to dwaen wie, Pame briek in set letter

de skonk, do moast se midden yn ’e winter allinne mei Hip nei de sted

en bringe it wirk by lâns en in pear winters hiene se it sa krap hawn,

det der mocht hjar gjin stip by de ierdappels barre. Mar nou kaem it

rûmmer om en koe it selst in moaije, nije jurk lije. Wytwollen wie ’r

en hja binaeide him sels mei borduersel en det dûrre wiken. Mar do wie

’t ek in pronkje!

Yn dizze tiid barde it ris op in hjerst, do krige Pame tynge fen in

great minhear, dy woe komme to jeijen en by him jimmetite en

útfenhûsje. Pame siet mei de hânnen yn ’t hier, mar Ljeafke, redsum as

altyd, sei: „Wistû hwet, ik en dû en Pykje giene yn in tintsje yn ’e

bosk en minhear yn ús hûs.”

Hja himmelen it hiele hûs út en setten alles ré en do mei hjar trijen

nei de tinte en in setsje letter hearden se de hoarnen al trompetterjen

en de hynsders al draven. De bosk rekke fol. Wol tritich wierne der,

allegear forname ljue yn ’t goud en side en driûwers en jagers by de

fleet. Ljeafke en Pykje loerden om in hoekje en binoasken fen fierrens

det hiele spil. Ien jongkearel wie der by, dy mocht Pykje skoan lije.

Hy wie mar ienfâldich yn ’e klean en gjin goud oan him en dochs kipten

hjar eagen him der altyd wer út.

Ljeafke seach ’t spul oankommen en hja suchte. Hjar okke wie nou great

en hwa wit, yntkoart naem de iene ef de oare snúshaen se mei. It gûlen

stie hjar neijer as ’t laeitsjen.

Dy joune kuiere Pykje mei de jongfeint. Hy wie sa oannimlik fen wezen,

det hjar hertsje gyng for him iepen as in blomke. En sa kamen der in

bulte jounen, krekt sa lang, det ’r hjar in ringkje joech om to dragen,

mar ienfâldich en tin, mar omt it fen him jown waerde, wie ’t in

kostlikheit.

En hja helle in lyts pakje út ’e bûs en joech him det oer. Der siet in

moaije bûsdoek yn en der hie se sels dy frjemde blom op binaeid, dy-t

Pame ek biweefde yn syn kleedtsjes en dy-t hja him leard hie.

De jongfeint wie der wakkere bras mei en treau him foarsichtich yn ’e

bûs.

„As it maitiid wirdt en de swarte klyster sjongt, den helje ik dy. Den

hâlde wy brilloft,” sei ’r en tútte hjar op it bloune hier.

„En hwer bliûwe heit en mem den?” sei Pykje.

„Dy giene mei. Dy ha den ek by my hjar thús.” Det like Pykje skoan ta,

hwent dy koe se net bêst wer misse.

De bosk stie yn syn moaijste pronk, alle beammen bloeiden, alle fûgels

songen, do kaem de jongfeint der geandefoet oan om Pykje to heljen. Det

sinnige Pame einliks al hwet min, hwent him tochte, ien yn tsjinst by

sa ’n hege hear koe wol for ien dei in reau liene en hwette prot spande

hy âlde Hip yn foar in lyts karke, der lei Pykje hjar hiele habben en

hâlden op. In kleankiste fol klean, hwet húsrie, in moai weefd

kleedtsje, fen Pykje sels weefd yn twa lange winters en noch hwet

snypsnaren.

Foarenop gyngen de jongeljue, Pame stjûrde Hip en Ljeafke kaem efteroan

mei de njute ka op ’t skouder, der Pykje sa ’n bulte mei op hie en in

jodebaerd en in beltsjeblom yn in âld amer oan ’e earm.

Hja gyngen nou wol mei to brilloftsjen, prottele Pame stilwei foar him

hinne, mar by dy skoansoan ynwenje, like him safolle as fleanen. It

scoe der licht wol fen de biheinde byt gean en det noaske him net.

Ljeafke sei net folle, hja futtele mar stil mei, alhowol se Pame yn

alles gelyk joech. Hwa wit, hwet ryk minhear Pykje noch net krije kind

hie en nou hjar oartsen sa forspylje oan in hearsfeint. Skrabjen om ’e

kant waerde it al syn libbensdagen!

Skraelwirk in ûre hiene se sa fjouwersum roan, do kamen se by in hûs

mei in greate skûrre. De doarren fleagen op en der ried in moaije koets

ta ’n út mei twa hynsders der foar en in koetsier op ’e bok alhielendal

yn ’t goud. Pykje hjar feint wie der neat by. Pame hie der suver

hartsear fen. Mar hawar! as dizze hjar sin wie, den scoe se him ha.

Pykje hjar feint gyng nei de koetsier en frege, as se meiride koene. Dy

seach him earst ris op en del oan, do nikte ’r fen ja, mar net sa

wakkere oansjitsk, mirk Pame wol, hwent dy hie hjoed eagen as

skoenmakkerselsen.

„Stap mar yn,” sei ’r do. „’t Is in reau fen myn baes,” Pykje abbeleare

net tsjin, stapte der yn as wie ’t sitten yn sa ’n koets hjar dageliks

wirk. Mei in freeslike tsjinsin rekke Ljeafke optlêst ek yn ’e koets en

Pame, dy-t by Hip bliûwe moast, bûgde wol sa deftich foar de hege

koetsier, mar dy wie fierst to greatsk om ek mar iens nei him to sjen.

It ein wie net sa fier, wist ’r wol, der lei de nije went fen de

jongeljue.

Hwet ried it hearlik yn dy wein! Sidene kjessens op ’e banken en in

fewielen kleed ûnder de foetten en oan ’e souder hinge in lampe fen

spegelglês. Der ris in wike mei foart to riden allinne mei Sigûrd!

„Dyn baes is ryk, tink ik?” fiske Ljeafke frouljueseftige bitûft. „Dit

liket tominsen net sa min.”

„Hy kin it skoan stouwe,” andere de jongfeint.

„Hwerom koe sa’n reau ús net helle ha fen hûs?” sei Ljeafke wer. Der

wie hwet oan dit hiele spul, der se net by koe en Ljeafke hie in fine

noas, sei Pame altyd.

„Ho scoe ’r swaeije kind ha yn ’e bosk mei twa hynsders?” frege de

jongfeint werom.

„Dos dit reau is wol fen jou baes?” sei Ljeafke wer.

„Tominsen net fen my,” andere de jongfeint, wylt ’r glimke.

Do-t se in setsje riden hiene, kamen se foar in brechje. Wyt wie ’t. En

der roan in loantsje op út fen bloeijende hagebeammen. En dy roeken!!

Och, it wie ommers maitiid....

En der efter yn det loantsje, hielendal op ’e ein, skimere in húske,

lyts en ljeaf.

„Uzes,” sei Pykje hjar feint. „Hjir scille wy trouwe en for earst

bliûwe.”

En sa barde it. Der stie in boargemaster en de getugen en do-t Pame der

ek wie, trouden hja. En omt hja beide sa earm wierne en inoar neat oars

jaen koene, joegen se inoar allinne in tútsje en de fûgeltsjes songen

der by en alle blomkes fen ’t tún skripten om ’t hirdst, om krekt dy

iene amerij de alderlekkerste geur foartwaeije to litten.

En Pame en Ljeafke kamen nei in swiet middeimiel wer bihâlden thús. En

do-t se thús wierne, gûlden se allebeide.

Sigûrd en Pykje wierne sa lokkich yn hjar lyts húske, det hja forgeaten

de tiid. De dagen fleagen om.

Mar op in goede dei sei hy: „My tinkt, nou scille wy mar ris op reis.

Doch dyn troujurkje mar oan en set der dyn readfewielen mûtske by op...

sa meij ’k dy it ljeafst lije.”

„Hast dyn nocht om hjir langer to wêzen?” frege hja en seach him djip

yn de eagen.

„Ja”, andere hy, „ik moat ris hwet oars sjen. Wer oan ’t wirk... jild

fortsjinje.”

Pykje suchte. „Der hie ’k nou noait wer om tocht”, sei hja. De

kenyntsjedagen wierne út, it scoe wol op bodzjen yngean optlêst, hie

heit sei. Nou, al moasten se den ek skrippe, togearre scoe ’t net swier

falle en hja scoe Sigûrd bystean, safolle as se mar koe.

Hja siet mei hjar bleate foetsjes yn in djip forhoalen herntsje fen it

tún en liet se hingje yn ’e wjittering, dy-t by hjar lâns streame. It

wetter wie sa klear as glês en de fiskjes swommen mei wize eachjes hjar

lytse minskefoetsjes foarby. Sims dreau er in moaije blom lâns en

inkeld kaem ’r in fûgeltsje en dronk him sêd en gyng den deun by hjar

sitten to sjongen.

Oars wie Sigûrd altyd moarns al in skoft foart nei syn baes en allinne

middeis thús, mar nou hjoed bleau ’r de hiele dei by hjar. It wie in

feestdei! Hy hie hjar in krânske fen roazjen flochten en dy hie hja yn

’t hier. „Krekt as is der hwet tige moaijs op kommenswei,” sei hja en

glimke him ta. Troch it skreefke fen hjar mûle seach ’r hjar krytwite

toskjes blinken.

„Kin ’t noch moaijer?” sei hy en togearre gyngen hja yn ’e hûs.

De oare deis reisgen hja, geandefoet fensels. Gyng ’t oer stiennen ef

hulterige reden, den droech hy hjar sims wol ris, den sloech hja him de

earmkes om ’e hals en hja hiene it bêst nei ’t sin, al wierne se ek

earm en syn pongkje sa plat as in skoltsje.

Pykje seach der ris skean nei. It hinge sa slop oan syn milbân.

„Hastû wol genôch for joun ûnderdak?” hifke hja, do-t hja einliks yn ’e

fierte in greate sted seagen. Der moasten se hinne, sei hy, der fierden

se feest, sa ’s it like, den koene se det ek noch sjen. Op alle toerren

wapperen flaggen en fleurige mesyk syn lokjende lûden waeiden det oer

op hjar ta.

„Sjoch,” sei Pykje, „hwet komt der in moaije wein oan. ’t Liket uzes

fen langlêsten wol.”

„Woest der wol wer yn, loaike?” pleage hy.

„Nou!” sei hja.

„Stap mar yn,” sei hy, do-t de wein by hjar hâldde en Pykje die det.

—Greatsk as det wyfke fen my is, tocht Sigûrd. Der koe kwalik in knikje

for de koetsier ôf. En hy glimke in bytsje.

„Ik woe wol, det wy sa ’n wein hiene,” sei Pykje út de groun fen hjar

hert. „Al wiestû der den ek mar koetsier op.”

De koets mei syn moaije skimmelhynsders kaem tichter by de sted en hja

rieden gjin oare minsken efterop as allegearre yn Sneinske klean en

blommen yn ’t hier ef yn ’e hân.

„Hwet is der dochs dwaende?” frege Sigûrd oan ’e koetsier. „Jimme binne

allegear sa út de leage wosken, de sted glimt der fen.”

„Us kening syn soan trouwt hjoed ommers man. Hwer binne jou wei, det

jou fen neat witte,” andere de koetsier noartsk. „En hjir moatte jimme

der út, ik doar jimm net fierder meinimme, hwent ik moat nou de earste

kok ôfhelje, dy moat joun itensiere yn ’t paleis.”

Sigûrd joech him in dofke út syn plat pongkje. De koetsier gnyske. In

keal pearke, takseare hy. Mar det wyfke! hielendal om ’e nocht hie hy

dy wol it hiele greate keninkryk yn ’t roun ride wold!

Stadich kuieren se nou troch de moai forsierde sted en lânnen einliks

oan by in great wyt paleis.

„Wennet dyn baes hjir altomets?” sei Pykje en seach om hjar hinne, net

iens sa binijd, hwent krekt as hie se sa ’n paleis wol earder sjoen.

„Ja, hwet seistû der fen?” en yn syn moaije kleare eagen laken stjerkes

fen plesier.

Pykje seach by hjar ienfâldich wyt wollen jurkje del, nei de selsbreide

hoazkes en ’e nederige skoen, sûnder in gaspke ef in strikje. En do

sloech se de eagen op nei Sigûrd, hjar greate, foarse man. „Hja scill’

my wol útlaeitsje en dy ek, detst der mei sa ’n earmen oankomste.

Meijst my noch wol lije?” en kroep him efkes oan yn in tsjuster

herntsje.

„Gien mar mei en hwet der ek bart, wêz noait forslein. Gjinien scil in

wird tsjin dy sizze doare,” en hy krige hjar by de hân. En sa gyngen se

troch lange gongen, folle en net genôch, al moaijer en moaijer en kamen

einliks foar in hege doar. Der stiene wol tsjien lakeien foar to

luiwammesjen, mar gjinien forroerde in fin, do-t hja der oankamen. Hja

stiene as stânbylden.

„Bistû bang?” sei hy.

„Hwet scoe der my oerkomme kinne, astû mar by my bist?” andere hja. Ho

greatsk sei hja det!

Ien taest nei in knop, de doarren fleagen op en hja gyngen troch in

prachtige seal fol folk nei in gouden troan ta en der siet in âld man

op, in kening mei in gouden kroan op ’e holle, in wite baerd fen wol in

jellen lang en in readfewielene mantel oan mei gouden blommen.

Trompetters bliezen, sjongers songen, alle minsken gyngen oerein en

Sigûrd en Pykje gyngen der twisken troch, rjucht op ’e troan yn. Pykje

hjar hantsje bigoan to triljen, it hert sloech hjar tsjin de kiel.

„Myn wiif, o kening!” sei Sigûrd, do-t alles ynienen stil wie, krekt as

hâldden alle minsken de syken yn.

„Kom, myn dochter,” sei de kening en hy gyng oerein en sette Pykje

neist him del op in gouden stoel en Sigûrd oan syn oare kant. De

forname ljue, dy-t der lang gignút fen heard hiene, de kroanprins hie

him forslingere oan in earmeljue’s bern, seagen nou mei eigen eagen, it

wie wier. Der siet se! In ienfâldich wyt wollen jurkje oan en hwet

bloun krollich hier ûnder in readfewielen mûtske út! En dy scoe ienkear

keninginne wirde! keninginne!

„Hja sit der foar, as se ’t al jierren is!” sei in âlde hôveling en hy

gniisde as in pinksterfoks.

Det wie ’t, hwer alle minsken hjar oer bisouden, selst de kening en syn

soan. Pykje die sa biwend, se deagewoan. De mennichte fen minsken, de

greate sealen, al dy eagen, dy-t hjar taksearen, faksearen, biloerden

fol oerginstegens, brochten hjar net fen de wize. Hja wie sa echt

keninklik, as gjin keninginne it hjar ea forbetterje koe.

Sigûrd koe him optlêst net mear stilhâlde. „Hiest det wol ea tocht,

detst in keningssoan ta man ha scoest?” bigoan ’r út to freegjen.

„Ik ha it dreamd, al lang foar dizze dagen,” sei Pykje ienfâldich. It

wie hjar neat net frjemd to moete, krekt as kaem se nou earst werom yn

in wrâld, hwer se yn thús hearde. Mar det sei se net iens tsjin Sigûrd.

„Hja is berne for keninginne. En det in weversdochter. It is in

wûnder!” En de kening wie sa mei hjar op ’t snjit, det hy liet hjar

klaeije yn ’t sulverbrokaet en slingere hjar stringen fen pearels troch

’t hier, dy-t sa djûr wierne, det Pame en Ljeafke en hja fen ien pearel

wol in hiel jier tarre kind hiene.—

In dei ef hwet letter gyngen se ris mei inoar to kuierjen, de kening,

de kroanprins en Pykje en omt it sa waerm wie, kaem der in keamerfrou

en hâldde in gouden parresoltsje fol lytse belderkes boppe Pykje hjar

holle. Tingeling! seine dy, al mar tingeling! tingeling!

„O myn parresoltsje! myn âld parresoltsje!” rôp Pykje en do foel se yn

swym yn Sigûrd syn earms.

De kening wie lilk. „Det ha jimm der fen,” kibbe hy. „Det bern wirdt

fornield.” En hy jage se allegear foart, bihalve Sigûrd en de

keamerfrou en hy liet Pykje hjar foarholtsje mei kâld wetter waskje en

do-t se wer bykaem, sloech hy syn mantel om hjar hinne en droech se

sels yn ’e hûs. Hwent hy hie hjar al ljeafkrige as in eigen bern.

Diselde joune sieten se trijersum yn in moaije frisse keamer en in

sindboade brocht de tynge, Pame en Ljeafke stiene to wachtsjen yn ’e

gong. Dy sloven! Pykje siik! Pykje in prinses! Pykje liet hjar komme!

Den wie hjar hert wer oerwichtich nei blydskip en den wer nei

droefenis, it gyng as de slinger fen in klok, mar noch folle raerder

hinne en wer.

Do-t se hwet bikaem wierne fen de skrik en net sa mâl mear op ’e stoel

omskeukten, mar om hjar hinne doarsten to sjen, frege Sigûrd, as hja ek

fen in parresoltsje wisten, det Pykje sa fen ’e wize brocht hie.

„Der hast it al, Pame!” rôp Ljeafke. „Hwet bin ’k bliid, det ’k it

biwarre ha.”

„En hwer is it den?” frege Sigûrd wer. „Wûnder, det jimm’ der my neat

fen forteld ha,” en hy seach mar frij hwet prot.

„Hark ris, jongkearel,” sei Ljeafke, dy-t it bloed hjit waerde, „it wie

min for ús, om der oer to bigjinnen. Dû wieste sa mijen en ticht, wy

mochten noait net iens witte, ho-t dyn baes hjitte, ik sei sa tsjin

Pame, den hoecht hy ek net foartdaedlik to witten, det Pykje ús oannaem

bern is. Det kinn’ wy altyd noch wol sizze. Mar ûnder yn hjar

kleankiste, der leit alles en ek it parresoltsje en hwet Pame der fen

biskreauwn hat.”

Al gauëftich waerde nou alles útfikeleare. It parresoltsje kaem foar ’t

ljocht, it toraffele jurkje, de skoentsjes. Ljeafke bigoan to gûlen. „O

myn ljeave Pykje, wiest mar noait in prinsesse waen,” kriet se. Pame

siet der stil by, mar it gyng him ek nei, det seach min.

De kening treaste hjar. „Hwet der ek bart, jimm’ stiene as heit en mem

oer ús prinsesse,” sei hy, „en wirde as sadanich acht en eard.” En Pame

en Ljeafke trieken wer nei hûs, mar o hjar hert bleau der yn det greate

paleis by Pykje. Hwet útein scoe dit allegear noch ris jaen! hokker

kaei op dit nuvere slot passe!

De kening lies wol tsjienderis it brief, det Pame by ’t parresoltsje

lei hie. „Singulier!” sei hy.

Sigûrd sei neat, dy helle syn bûsdoek út ’e bûs, fen Pykje borduerd en

forgelike de blom mei de forblikte blommen op it parresoltsje syn

oertrek.

„It binne diselden,” sei hy einliks. „It binne de wapenblommen fen de

kenings fen it Suderryk!”—

Trije dagen letter rieden der tûzenen fen ruters op de alderprachtigste

hynsders ta de poarte út, op it Suden yn. Sigûrd wie der ek by, hy ried

foarenoan. Syn sulveren harnas glinstere yn ’e sinne en op syn helm

waeiden trije himelsblauwe plûmmen. Neist him hie ’r syn findeldrager

en yn syn findel stie de greate frjemde blom fen Pykje, nou in

prinsewiif.

Hwet se scoene, hja wiste it net. Hja seach ta ’t finster út en wiûwde

Sigúrd nei, sa lang as se koe, in lyts tear minskepopke foar it greate

hege paleisfinster. En hjar hert gyng mei hjar man al dy dagen.

It dûrre wiken, eart hja werom kamen. En hwa namen hja mei? In âld en

breklik man en hy waerde riden yn in weintsje en sa nei it paleis ta

brocht en nei Pykje.

Hja seach him kommen... „Goaitse!” rôp se, „o Goaitse, hwer komstû

wei?”

„Ut jou lân, prinsesse Marije,” sei hy mei syn krêkerich âld lûd. „Lang

wie se wei, en nou dochs einliks werom foun en ek wol wer yn in

paleis.” En hy wie sa bliid det.

Hy wie de earste, dy-t se werom seach út hjar eigen lân. En der kamen

mear, ek de prinsen, hjar neven, dy-t do se wei wie, it ryk mar ta hjar

nadere hiene en al dy jierren mar for master opspilen. En nimmen, dy-t

der tsjin abbelearje doarst ef sinspylje op rjuchtlike erfnammen ef

soks sahwet, hy waerde yn ’t tsjusterst toersgat smiten det der to

finen wie. Goaitse hie yn stiltme altyd yette war dien, om hwet fen syn

prinsesse gewaer to wirden, sûnder det se him fortochten. It hie net

holpen. En nou ’t hy âld wie en neat mear koe, nou mocht it him barre

en sjogge se wer. En yn hege steat, ek as in prinsesse!

Sa gau as ’t koe, waerde prinsesse Marije wer yn hjar âlde rjuchten

bifestige en de frjemde blom, hjar eigen wapenblom waeide yn flagge en

findel wer fen alle toeren en huzen.

Nou bigriepen de kening en Sigûrd, hwerom as se hjar foartdaedlik sa

thús field hie yn hjar hege steat. It wie yn hjar biwoartele fen âlder

ta âlder.

Hja libben lang en lokkich en do de âlde kening stoar, waerden hja

kening en keninginne en regearren mei wysheit en forstân, hwent

keninginne Marije dy-t sa lang de earmesteat fen in minske ek mei

trochmakke hie, hjar hert stie altyd wiid iepen for alles, hwet earm en

swak wie en help nedich hie.

Yn al hjar hege steat forgeaten hja Pame en Ljeafke net. Dy libben nou

al lang fen de rinten en simmers futtele Ljeafke efter in stik ef hwet

lytse keningsbern oan, lyk as se ienkear efter Pykje oanfuttele. En

simmers ek altyd ienkear, den kamen de kening en de keningin. De koets

mei seis hynsders koe der net swaeije, it lêste ein gyng to foet.

„Wistû it noch fen do?” sei de keninginne en hja suchte efkes. „Hjirre

en yn ús lyts húske oan ’e wjittering wierne wy dochs noch it

alderlokkichst, dû en ik, net?”

„Stien noait stil by it giene lok, ljeave,” andere hy, „maar bisiikje

om it kommende ek ta dines to meitsjen. En alle dei mei dy is lok.”

Twiljocht-teltsjes · 第 21 / 22 题