DE IENSUME BEAM.

Der wie ris in great heidefjild, wol tûzen pounsmiet great wie it. It

lei der noch foar, sa ’s it skepen wie en by tiden wie krekt, as

siddere der noch de oerkreft yn nei fen dy skeppingsdei. Fleach de

stoarm mei syn hymjende hynsders de loft lâns en tognidde ’r alles,

hwet net om lyk woe, den wie ’t sa, dripte de rein der in soele, stille

Maeijedei op del, op al dy forlittenheit en hearlike iensumheit, den

wie ’t sa en bingelen der millioenen felettene klokjes oan ’e

heidestrûkjes en letten dy op in waerme Augustusmoarne de risping yn,

ja, den wie ’t wol ’t aldermeast sa. Den gyng ’r noch in siddering oer

det stille, greate heidefjild... sloech it herte fen natuer mei feller

slaggen as it minskeherte ek op syn heechtiidsdei fen lok...

Mar nou wie it stil op dy heide, allinne fûgels fleagen der oer, witen,

brunen, skieren, earrebarren en ielreagers, winterkeninkjes en

blaustinsen, hja fleagen der oer, mar gjinien sette him der nei wenjen.

Ho det sa ek? Wol founen se der hjar biderf, mar hwer stie de beam,

dy-t ta in hûs tsjinje koe?

Sa lei de heide der noch foar to blinken yn syn blonde teare moaijens,

yn syn kleed fen sân, omboerde mei ’t feletten fen syn bloei, mei syn

klingen en slinken, syn dobben en poellen, syn doltsjes fol bjinten en

syn djippe ynwettere rillen fol ielstekkers en bargeblommen, syn

toerrebouten en snikwite swânneblommen, hjir en der ien yn ’t klear

wetter...

Der op in kear kaem der in ekster foarby, dy eptige dôgeneat. For

fordiwedaezje hie ’r in ikel yn ’e bek en hielendal yn ’e stúdzje wei

liet ’r him stadich foar de wyn ôf foartwaeije nei wiif en bern ta. Hy

hie in bûs fol nijs oer hinnepykjes, lekkere aeikes, jonge mûzkes en al

sokke snobberijen mear en hy tocht him sa bliid oer al dy dingen, det

hy liet de ikel falle, in moaije griene mei in lyts dopke der op, krekt

fen passen great for in lyts smookpypke.

Hwet in reis for dy ikel, om op ’e groun to kommen! Hy wie der suver

fen yn ’e sûs, do-t hy einliks delkaem oan ’e kant fen in slinke, fen

in ljeaflike griene slinke fol blommegûd en mosk en flanterich gêrs.

„Dei!” sei de ikel en bûgde foar de blommen en it mosk en it gêrs, mar

dy sieten him allegear wiis oan to sjen en seine boe noch ba. Do

biskamme de ikel him ta de teannen út en kroep djip forside yn ’e

fetlike groun fen ’e slinke en der foel ’r yn in lange slom.

De tiden gyngen. In sniejacht slûpte op in nacht oer ’e heide, de snie

teide wer wei, de heilstiennen keilen by de klinge del yn ’e slinke en

toraenden der, de rein makke hiele rillen yn it heidesân en roan troch

dy goatsjes ek nei de slinke ta en optlêst wie ’t der neat oars mear as

blabze en wetter. En ûnder op ’e boom fen ’e slinke, ûnder gêrzen en

sân, lei as in keninkje op syn sêft bêd dy ikel, stil yn lange, swiete

dream.

En einliks op in simmerdei, in langen ien fen de moarne fjouwer ûre ôf

oan de joune acht ûre ta, die de ikel syn beide eachjes op en sjoch, hy

wie in oaren-ien.

Hy hie in stamke krige en twa bledtsjes as opskrandere eachjes yn syn

wiis beammeholtsje mei ’t griene prûkje. En it wetter droege wer op en

spjuchtich en rjucht stie ’r der oan ’e sinnekant fen ’e slinke, it

lytse ikene beamke, in pjut, in ding, mar sa krûs en sa kein as in bij.

En hy wie de earste beam der op det forlittene, flakke heidelân. En sa

stie hy der lange tiden en nimmen seach nei him om.

Do op in moaije moarn kaem der in heit oanriden mei syn jonkje foar him

op ’t hynsder.

En by de slinke, det moaije hoekje grien yn it toarre fen it heidelân,

gyngen se fen it hynsder ôf en ieten in flaubyt út de knapsek.

En de lytse jonge seach it beamke, syn spjuchtich soeijend lyfke,

glânzich yn ’e sinne en syn kopke mei ’t grien bleddeprûkje kroes boppe

alles út.

„Meij ’k him ha en sette him yn ’t tún?” tante ’r syn heit mei

flaeikjende eagen.

„Det ’r útgean scil en stjerre ûnder hânnen wei? Lit him stean en sjoch

him oanwinnen en skaed jaen en ha dyn aerdichheit der oan... En tink

ris om my... letter,” sei de heit en siet mei syn lytse jonge op ’e

knibbel en wie ryk mei dit syn great bisit.

En togearre biseagen se it beamke. It stie to triljen op syn stamke, sa

binaud wie it, det it der útskûrd wirde scoe en meinaem nei de greate

sted, fier foart, hwer gjin beammen mear binne, mar neat oars as

houtkappers en saechmounlen en oare marteldingen en it smeke mei syn

hiele lytse teare lichemke: lit my stean yn myn biwoartele groun.

En alle blommen yn ’e slinke harken der gnyskjende nei. Hwet in

healwiis beamke! Hja woene wol pronkje yn ’e sted yn in moai faeske.

Mar de man en it jongkje taelden net nei hjar. En do rachten hja se út

en seine it sa raer op, det it ikebeamke biskamme him der om, det hy

sokke bûrljue hie.

En de man en it jonkje holpen it ikebeamke fen in spûkeblom syn wynsels

ôf, dy-t him hindere en hja klauwden de stientsjes om him hinne wei. En

do founen se in moaije fjurstien.

„Sjoch,” sei de heit, „scill’ wy ris fjûr slaen?” En hja sloegen fjûr.

En it ikebeamke skrilde der fen, hwent hy seach for it earst it fjûr en

hy waerde bang en dochs hie hy it ljeaf, hwent wie de sinne ek net fjûr

en joech dy him net groei en libbenskreft?

De man en it jonkje gyngen hjar wegen en yn lange tiden rieden hja net

mear oer ’e heide.

En do kaem it jonkje allinne. It hynsder wie âld waen en hy in great

jonge, mar de man miste ’r.

En it jonkje siet stil ûnder de beam to sjen, ûren lang en de nije,

moaije skaden fen ’e beam syn jonge krún weefden ljochtich en skadich

oer syn holle.

Der kamen nou mear beammen op ’e heide, spjirren en elzen en

wylgenstruwellen, dy wreiden yn ’e lichten. Mar ikebeammen kamen der

net mear. Dizze iene wie kening.

[Illustration: dizze iene wie kening]

En letter, folle letter kaem it jonkje wer en hy kaem net allinne. Hy

naem ien mei, in faem mei goudblond hier en brune eagen en sa blank fen

fel as in spûkeblomsknop. It wie joun en de moanne kaem op en de sinne

wie ûnder.

De beam syn brede foarse krún stie tsjin de ljochte jounloft as in beam

fen in kostlike print en hy rûzde fen blydskip yn al syn bledden, do-t

hy dy twa jonge minsken oankommen seach. En om hjar hinne seach hy it

lok sweevjen en de ljeafde en alle freugden fen ’e jonkheit folgen

hjar... Mar det seach allinne dy beam... hja fielden it en wierne sa de

ierde ûnttein, det hja net iens mear wisten, hwer hja roanen.

En sa stiene hja foar de beam en seine him frjeonlik joun. „Joun!” rûze

de beam werom en syn foars lûd wie nou ljeaflik om to hearren. En hja

sochten in smout hoekje by syn stamme en sieten der in skoftsje to

rêsten. En do-t se oerein gyngen, stie de moanne as in iensume sulveren

wachter boppe de ierde, heech en koel...

De beam groeide en groeide, it waerde ien fen ’e âlde geve soarte,

bêste iken kerl sûnder oasten en op in goede dei kaem it jonkje, nou al

lang heit oer trije grouwe jonges, mei in frjemde man. Dy hie in

tûmstôk yn ’e hân en meat en meat...

„Hy kin der út,” sei ’r. „Bêst banhout, as de snie om ’e huzen stouwt.”

„Heit wie der mâl mei. Sparje him,” sei de man en gyng mei syn jonges

yn syn skaed sitten en tocht om ’e âlde, ljeave dingen, hwer de beam ek

fen flustere. En syn flusterjen waerde al minsliker en minsliker en de

man, harkjend bigoan him to forstean.

„Dû hast my nou sparre,” sei de beam earnstich en foars-wei. „Ik wit,

de hiele bosk scil falle en ik allinne stean bliûwe. De stoarm scil oer

it keale fjild ride en my oanrânne, mar ik scil hoekhâlde en net falle,

de wjerljocht scil komme en nei my slaen mei syn wrede bile, hy scil my

in earm lam slaen, mar my net dea krije kinne, de simmer scil komme en

my oantrune ta fruchtjaen tûzenfâld... Sa libje ik de wikseltiden fen

it jier, sa scoe ik tûzen jier âld wirde kinne...”

„Det wit ik,” sei de man en seach mei ljeafde nei de ronfelige sterke

bast en de wiidfortakke krún fol glânzich bled.

„Tûzen jier...” sei de ikebeam sa sêft, as prate hy yn him sels. „Mar

den scoest dû der net mear wêze... In minskelibben is mar sa ’n

skoftsje, sa ’n koart reispaed twisken berte en dead, it is de moite

fen ’t kommen hast net wirdich...”

„Sa is ’t,” sei de man en hy tochte om syn earste grize hierren twisken

de swarten. Wrede moànders wierne it.

„Tûzen jier,” sei de ikebeam yetteris. „Den scil der in frjemd komme en

kappe my om, mar ik wol, detstû det dwaen scilst.”

„Ik kin net,” makke de man him der ôf. „Ik kin dy net de deastek jaen,

ik kin net it krimpen sjen fen dyn ticht lof en it knappen hearre fen

’e stamme en ’e woartel. Ik wol gjin dead bringe, hwerearne den ek. En

dy tominsen net. Bistû net forweefd mei al myn hearlike oantinkings en

ha ik de loksdream fen myn jonkheit net dreamd yn dyn skaed?”

„Brûk my, ast my nedich hast en brûk my den for it ljeafste, hwetst

bisitst. En mei wille jow ik den mysels for dy,” rûze de beam

earnstich. „En sels scilst my de deastek jaen nei myn eigen bistel. Ik

scil it dy wytgje, honear as ’t tiid is en myn libben en lichem goed ta

dyn bigear.”

De wirden fen ’e beam diene de man sear, mar it wie noch mear it bisef,

ho-t al it ierdske in ein ha scil, hwer hy fen suchte moast. Mei

tsjinsin joech ’r einliks syn tawird en wylt ’r it die, moide it him ek

al wer. De beam rûze bliid syn tank en de man gyng syn wegen.

Jierren letter kaem ’r wer. Hy roan sa fluch net mear en syn hier wie

piper en sâlt waen en hy hie pûdden ûnder de eagen. Hy kaem mei syn

soan, in holle greater as hy. Dy scoe oer wide séën gean, nei de Oast

ta en nou frege hy de beam for in stile yn it skip. Den scoe hy syn

bern feilich reisgje litte kinne—suchte hy, it ein wie sa fier en it

wie syn âldste, syn hertlapke.

Do skodholle de beam en glimke. „Min jowt gjin goud for izer,” sei ’r

en hy seach de soan oan mei de wize bleddeëagen fen syn krún. En hy

wiste, hy scoe it net fier bringe, dizze bidoarne âldste soan fen it

húsgesin, de pop fen in loune mem en it hertlapke fen heit.

„Wel noch ta!” hune de soan, „lit heit him stean? Hat heit him ljeaver

as my?” en hy skopte mei syn hirde learsens in wrede smartlape op ’e

stam.

„Der hast in oantinken oan my, âld aep,” smeulde ’r.

De beam stie foar him, keninklik en stom. En de heit biskamme him oer

syn soan, dy-t hy net mear ûnder de kwint hâlde koe en nou nei de Oast

moast as slavedriûwer.

Der gyngen wer jierren oerhinne. En de man kaem wer oer de heide op ’e

ikebeam ta. Der stie ’r to pronkjen yn syn folle kreft, syn ljeave

moaije beam en oan alle kanten spruten syn nije brune bledden út ’e

kleverige hulen en syn stam wie sa rjucht as in tried en gjin kerfke

noch mosk skeinde him.

In houtdoupearke nessele yn in strampel fen syn tokken en oan syn foet

kuieren de warbere miicheamelers om en tôgen aeikes oan ta fied. De man

stie der in set stil nei to sjen en harke nei it sjongen fen ’e

maitiidswyn yn syn tokken. En it die him sear, om de beam nou to

freegjen en derom draeide hy him om en scoe wer foart.

Do rôp de beam him mei in wûnder ljeaflik lûd en hy kaem stadich werom.

Hy wie min waen op ’e gong en syn gesicht forfallich en biklonken. Hy

wie in skynsel fen hwet hy west hie en it gyng de beam yn syn folle

kreft, syn keninklike sounens oan it hert. Mei ljeafde scoe ’r jaen,

alles hwet de man nou frege...

„Ik moat dy brûke for in widze for myn bernsbern,” sei de man hiel

sêft. „It bern fen myn bern en meij ’t wêze de soan fen dizze myn

twadde soan.”

„En hwer is de earste bleauwn?”

„Hy is ûndergien, omt ’r swak wie, myn âldste. Hy hat de tsjilk fen

bidwelming der yn it frjemde lân leechdronken yn ien swolch, hwet for

jierren tiid ornearre wie... Do is oer syn hert it greate swijen

kaem.... Det leed der kin ik net wer oerhinne komme! tochte ik do en

nou is der dochs in freugde op folge. Jow my dysels, beam, for in widze

fen it slachte fen my, det groeije en bloeije scil nei my.”

De beam stie stiif-stil, der forweechde gjin bled. „Is ’t dyn dierberst

bisit, man? It is noch net iens bisit, it is ’t ûnthjit noch mar fen in

lok. Ik kin my net offerje.”

De man bûgde de holle en gyng ûnder de beam sitten to útrêsten. Hy

seach it wide, stille lân foar him, hy tochte om syn heit en syn

ljeafste, syn âldste soan yn ’e groun fen it fiere, frjemde lân en oan

it nije, frjemde, det him to ûntjaen stie yn syn twadde soane hûs.

De moanne kaem op, de sinne wie ûnder en hy tochte om ek sa ’n dei,

lang lyn. En stadich gyng ’r foart en stoarrelich wie ’r op ’e gong.

Der gyngen wer jierren oerhinne. De ikebeam bihearske nou de hiele

heide. Dichters bisongen him en skilders skilderen him, mar gjin minske

hearde him ea mei minskelik lûd praten, al ho’n war as se der ek op

diene en ûnder syn krún leine to útkloarkjen en to harkjen. Mar de beam

swijde... hy swijde fol majesteit. In kening wie hy en keninklik om to

sjen mei syn wiid útsprate tokken en ’t fine net fen syn tokjes en

sprútsjes.

En hy krige forlangst nei de man, syn frjeon en hy wonk alle kanten út

mei syn alderlangste tokken, as ’r him ek oankommen seach oer ’e wide,

greate iensume heide, syn ryk.

En einliks, der kaem ’r. In âld mantsje mei in stokje en hy hoarte yn

’e hoksen by eltse stap, dy-t ’r die en sims stie ’r to útpûsten en

wreau him mei de hân oer ’e eagen.

En de beam lokke him mei syn swietste sangen en struide de reade

hjerstbledden foar syn foet, om him to forwolkomjen.

En sa kaem ’r en it leed gyng mei him en it triennewiif hinge him oan

’e mantel en skûrde ’r him sadanich oan, det hy koe hast net

abbesearje.

Mei de sêftste hjerstskaden fen syn krún paeide de beam him ta rêsten

en sitten. En hy siet.

En sei gjin wird. De triennen dripten him út ’e eagen en op ’e âlde

toarre fingers, sims skokten syn âlde meagere lidden fen in snok.

„Praet dy út, myn goede frjeon,” sei de beam syn sêfste rûzing. „Hwet

is dyn bigear?”

„Ik bring dy it deafonnis,” sei de man as ienichst andert.

„En hwer det sa for?” frege de beam, mar der wie eat yn syn lûd, krekt

as wiste ’r alles al.

„Ik mocht dy opeaskje for it dierberste, hwet ik bisiet. Nou wit ik,

hwet det is. Ik wol dy for in kiste fen myn wiif. Hja is hjoed rêst.”

„Is der neat, det dy boppe hjar gyng?” flustere de beam hiel sêft.

„Neat,” sei de man. „Ik wol dy, beam, for hjar.”

„Kinstû my dea-dwaen? Kinstû it oansjen, det ik fal en krêkjende stjer,

myn hearlik lichem priis jow oan ’e mounle yn tûzen piniging?”

„Ik kin,” sei de man. „Om hjar. Oars net.”

„Lit my den stjerre fen dyn hân troch it fjûr,” hjitte de beam him.

„Ringje my.”

En de man krige syn knyft en ringe de keninklike beam. It waerde mar in

smel streekje, einliks mar in kraske. Uren wie ’r der mei dwaende,

hwent syn kreft wie forgien. Hy wie waen as it skaed fen hwet ’r

ienkear west hie.

„Krij de fjurstien en ’e tondelpot,” hjitte de beam him wer, „en gien

stean oan myn Westkant, myn âlde goede frjeon.”

En de beam seach him der sa stean oan ’e Westkant fen syn stam mei de

sinne yn ’e rêch, it skynsel fen in minske en yn syn eagen markbite ’r

it greate meilijen mei him.

„Slach fjûr, det ’r in fonke fljocht yn myn keale ringe fleis en jow dy

den efterút, sa fier ast rinne kinst.”

En d’âld man krige de fjurstien fen syn heit en de tondelpot en sloech

fjûr en gyng do efterút, stadich, hwent hy koe net hird mear.

En hy seach in flamke kommen en noch ien, tûzen flamkes seach ’r kommen

om ’e beam en him bislikjende wei bispringen, den hjir, den der. En hja

hâlden oan en ûnder oan de beam der waerde it in ring fen fjûr.

Mar de beam stie der noch foar mei syn waeijende krún en syn reade

bledden. Krekt sa lang, det ’r in skokje troch syn lidden gyng en hy

hwet oerside ôfwykte.

De iensumheit en de âld man seagen it. En hy joech him stadichoan noch

hwet mear tobek.

Hy seach it geve, libbene sap út ’e beam drippen, tûzenen triennen fen

libbenskreft en hy sloech de hânnen foar d’eagen. Dit koe ’r net mear

oansjen... dizze dea en dit libben.

Der trille de groun, de loft waerde tsjuster, mei in hirde knap as in

skot knapte de beam ôf en plofte op de groun.

En de âld man joech him ôf en bistelde syn wive lêste hûs.

Twiljocht-teltsjes · 第 22 / 22 题