III.

Jelle, de frij-man hie folgens wet en plicht toalfteris slein, fûl fen

slach op it stik izer, det op ’t foarplein lei en de hammer wie der op

delfallen, det de fonken stouden der út, do trape hy ris om hûs en hear

en seach út, fier de lânnen oer.... fier....

Doekele flittere mei en Pluto en Juno de hounen sprongen bliid by hjar

om.

„Siikje de baes,” hise Jelle en smiet in stôk yn ’e slotgreft. En

singelier, hja hellen him yn ’e bek en swommen do oer de greft en

stouden it lân yn, allebeide de selde kant út.

—Singelier,—skodholle de âld man, wylt ’r it yn him omgean liet.

Doekele dribbele neist him lâns en blies boartsjende hinnefearkes foar

it mûltsje wei. Hja kopketûmmelen troch de stille loft en foelen yn

sêfte swym op it griene, ripe gêrs. En hy socht se wer op en boarte

wer.

Jelle stie en stoarre.... Der trille hwet yn syn hert, krekt as waerde

it der rûmmer, om in greate blydskip bergje to kinnen, ja krekt, as

waerde it nou earst simmer oeral!

Sa hird as ’r rinne koe, roan hy om ’t hûs, nei it tún ta. Der siet de

frou yn ’t skaed fen in âlde moerbeibeam to weven en biweefde yn eltse

bûnte tried de hope op it weromsjen en yn eltse swarte tried hjar

djippe smert. En sjoch! de swarten wierne der by mennichten en de

bûnten.... o hjar tal wie sa lyts!

„Frou!!” hime de âld man.

„Siz dyn bigear, Jelle,” sei se frjeonlik.

„Der kin op de neidei wol ris nijs komme,” helle hy der om hinne.

„Hwet seistû?”....

„Det ik de poarte op sette scil en de standert útrôlje,” sei hy.

Gjin ûre letter wierne se allegear wer by inoar. Doekele liet him sa

mar net oanhelje fen dy frjemde meagere swarte man, dy-t ha woe, hy

scoe heit sizze. Heit hie yn ’t sulver west en in sulveren mûts op hawn

en dizze, o syn habyt wie mar skibbich en doarpsk en hy hie net iens in

gouden ketling om ’e hals. Mar op in kostlik hynsder ried ’r! in greate

en wite Arabier wie ’t en de stâl trille fen syn gewrinsk en as ’r mar

snúfde, fleagen de swellen piipjende wei foart....

En twa grouwe hynsders wachten neist him op ’e stâl.... en swiere

sekken moaijs bongelen oan wearskanten fen ’t seal.

En de joune yn ’t greate binhús strûpten se de touwen los. De

forwachtinge wie dien... hy scoe it nou biloaitsje kinne mei de eagen

en taeste! taeste! mei de hânnen!

Der kamen fûgeltsjes foar ’t ljocht yn goudene kouwen, tierelie songen

dy en floiten mar foart en doazen fol swiet lekkergûd, yn stikken wite

sjerp biraend en in dobbelspil, gouden de stiennen en diamanten de

eagen en lapen side en fewiel en ketlingen fen alderkostlikheit for Mem

en bânnen om ’e earms en hingers yn ’e earen fol flonkerstiennen en

goudene hoofdstellen en jagelinen fen goudtried en houtene bylden mei

eagen fen bloedstiennen en yn klean fen peslein en lange flessen fol

rûkersgûd yn in ské fen fewiel en in krúske fen sulver, smeid út it

oerwoanne folk syn ôfgodsbyld.

En einliks en to ’n lêsten kaem der in plat kisje en der kroep in lyts

swartich dingkje, út, stadich op ’e groun.

Nijsgjirrich stiek ’r syn kopke út ’e skyl, syn kraleëagen loerden bang

en nijsgjirrich nei al dizze frjemde minsken.

„Heit!” rôp de lytse jonge. „Nou is ’t wier wier myn echte Heit!” en hy

fleach him oan en sloech him de hânnen om ’e hals en do liet ’r him sa

mar plat op ’e liif by de skylpodde delfalle.

„Nou, nou!” grommele der ien.

„Det is Hassan,” sei Heit. „Hy kin somtiden prate, as ’r wol. De

prester, der ik him fen koft ha, sei, hy wie wol tachtich jier âld en

hy is folle wizer as in minske, hwent hy praet de tael fen ’e minsken

en ek fen de dieren.”

Doekele stie nou op in distânzje, hy bigoan Hassan al mei hwet oare

eagen oan to sjen. Hassan nikte him ris ta en al wer ris en do bigoan

’r foart to krûpen nei in hoeke yn ’e keamer.

„Kom,” sei Heit, „hy moat bûtedoar, der kin hy him syn biderf sels

siikje.” Sêft floite ’r en klapte efkes mei de tonge, Hassan stiek nou

syn kopke hiel fier út de skyl wei en kaem stadichoan werom en liet him

sa mar krije.

Wiis en wol siet ’r yn ’e waerme manljueshân en Doekele en Marijke en

Mem en alle folk der efteroan, om him loslitten to sjen op ’e

rûchbigroeide singel.

Hassan snuffele hwet yn ’e toarre bledden om, do groef ’r him in

bedtsje, smûk en waerm.

Doekele gyng o sa stil op in beamstobbe sitten, om ris to hearren, as

Hassan ek noch hwet to sizzen hie.

Mar Hassan swijde yn ’t Arabysk en alle oare talen fen ’e wrâld, hwent

hy loek it fel oer ’e eagen en rekke yn ’e sliep.—

Deis stoatskaefde ’r jerne hwet om en hwer de sinne mar skynde, wie

Hassan ek en den siet Doekele leech en lyts neist him, aloan op syn

openst, as ’r ek noch ris wer prate. Nou ienkear, do trof it. Juno en

Pluto wierne der ek middenmank en it Arabyske hynsder, hwent hja hiene

in gearset yn ’e slotfinne, Doekele en Hassan en de hounen en it

hynsder en den hwet lyts kriel as fûgels, hinnen en flinters en

hunichbijen en sok folk mear. Hassan klauwde op in greate balstien en

liet him briede fen ’e sinne. In pear niften ta sines, lytse

Ljeaven-Hear bistkes, yn ’t fjûrread klaeid en mei swart fewielen

nopkes foaren op de jûpe, hie ’r op bisite en dy sieten wiis en stil

oan wearskanten fen him ek yn ’e sinne. It wie stil yn ’e loft, sims

waeide der in sigentsje en rissele der in bled, mar oars wierne der

gjin deilûden warber.

Do krige Juno it ynienen yn ’e kop, om Hassan to nydzjen. Hy hie wol

mear fen sokke streken, djip yn syn hert koe hy it mar min daeije, det

Hassan sa ’n wyt foetsje hie by syn hear en Doekele.

Gemien-wei sloech ’r syn greate klauwen út nei Hassan syn lyts snútsje.

Dy jammere... hy hie krekt syn noaske en eachjes troffen. Doekele

fleach oerein, om Juno streeps to jaen. Hwer wie in stôk?! Mar nearne

net in boskje ef in beamke to bikennen. Hassan bigoan to blieden, lytse

dripkes bloed rôllen op ’e stien. De niften sieten der by en skriemden.

Juno gniisde en Pluto hie al sa ’n wille, alhowol hy liet it him net

skine.

„Dû stjonkert,” bigoan Hassan ynienen to praten. „Eart it moarn joun

is, leist hjir op itselde steed to jammerjen. Ik scil dy fen myn

tsjinder de poat brekke litte op twa plakken.”

Juno krige sa ’n skrik, det hy foel fen himsels en Pluto naem hakken en

silen op, dy seach min net wer, mar Doekele, dy-t de skonkjes trillen

fen skrik oer dit wûnder, bleau dochs by syn sûpe en stút, die syn

buiske út en rearde Hassan der foarsichtich yn en de niften der by en

do mei steande earen nei hûs.

„Stil mar, stil mar, Mem hat wol krûden,” treaste ’r. „En dû krigest in

bedtsje yn ús greate keamer.”

Mem kaem der by en joech Hassan medecyn en op ’e joun kaem Heit en

seach stoef en gyng mei Juno allinne it lân út en kaem allinne werom.

Doekele bigriep wol, Juno hie in wan krige. De oare moarne krong Juno,

wer krekt as altyd foaroan, in dik wang hie ’r en in nuvere streek oer

’e rêch.

Hassan lei yn in skjin bedtsje fen bledden ûnder de tafel ûnder ’t

biwâld fen Heit en Mem allebeide en Doekele mocht selst net iens nei

him sjen. Do-t it fel sinneskyn-waer wie, droech Heit him nei ’t

slotplein ta, om him fen ’e sinne wer better meitsje to litten en wosk

sels it bloed fen syn poatsjes.

Juno trape foar syn middeimiel ris wer nei de slotfinne, krekt as

waerde ’r litsen nei it steed, hwer hy jister Hassan sa oer ’t mot kaem

wie en sa finael tramtearre hie. Hy roek ris oan ’e stien, der lei noch

it bistjurre bloed op. Hwet roek poddebloed dochs fiis, tocht ’r.

Klets!! fielde ’r hwet tsjin syn kop. Hy foel om en seach gjin loft en

gjin sinne mear. De wite Arabier klapte mei de hoeven en draefde foart,

de stirt út as in waeijer en de nekke sa kroes as in swânnehals.

Tsjin de joun foun Jelleman Juno. Hy wie al healdea en Jelleman sleepte

him nei de greft en forsûpte him. „Ast him fynst, deij him. Hy walget

my,” hie syn hear sei.—

Op in goede dei, do-t Hassan wer better wie, rekken Doekele en hy ris

wer oan ’e kuier. It gyng net hird... Hassan hie to koarte skonkjes, hy

koe mar min meikomme en sims droech Doekele him wol ris in ein. Prate

die hy net... hy siet mar stil op syn hân en seach de wrâld nou ek ris

heech forheven.

„Hjir tichteby is in moaije mar. Der moatte wy mar hinne. Ik bin sa

bliid, detst wer better bist. Wy scille nou togearre ris in útsje ha,”

sei Doekele.

Hassan sei neat, mar yn syn opskrandere eachjes laken suver stjerkes

fen plesier, hwent hy woe altyd graech mei Doekele foart.

„Sjesa, der binn’ wy der,” en Doekele sette him del op in bultsje hea,

det waerm wie fen ’e sinne.

„Noch net alhielendal,” andere Hassan ynienen tige forsteanber. „Der is

in eilân yn dizze mar, der moatte wy hinne. Dû en ik. Der wennet in

kinde fen my, de kening fen de Skiere Ielen.”

„Myn ljeave stimper, ho scil ik dy der krije! Dû scoest forsûpe en ik

der by. Hassan, ljeave, doch gjin domme setten!”

Doekele gûlde der hast om. Hassan die sa nuver. Hy rôlle him om, sa det

de skyl ûnder kaem en hysels boppe en do mei ien knap liet de skyl los

en it lytse linige lichemke fen Hassan wie der allinne mar. Sa ’n moai

lyts dierke, hy scoe him nou graech ris efkes aeije wolle. Mar Hassan

skodholle... det woe hy net lije.

En do bigoan hy to rinnen as in ljip nei ’t wetter ta, Doekele him

gûlende efternei: „Net der yn, o dû giest dea, ljeave, ljeave Hassan!”

„Ik gien net dea en ik bliûw by dy. Lit dy det genôch wêze,” sei Hassan

earnstich. „Astû wiste, hwa ik bin, scoest noait bisouwe ef bang wêze

yn myn bywêzen.”

En de podde, dy-t optheden gjin skylpodde wie, gyng deun by de igge fen

de mar stean en rôp hwet, hiel sêft, mar Doekele hearde it dochs.

Stadich kaem der in boatsje oandriûwen fen reiden en ielstekkers en

sudden flochten. Heech lei it op de weagen, it roeike der oer. It wie

lang net ticht en dochs wie ’t sa droech as rys fenbinnen.

„Der mar yn,” sei Hassan. Op itselde stuit det Doekele it weagje scoe,

fielde ’r alle minskegewicht fen him ôffallen as in swier buis en hy

waerde sa licht as in fear. It boatsje sakke net iens by syn ynkommen.

„Hwa is det?” sei in hiel lyts grys mantsje oan ’t roer.

„Myn frjeon Doekele. Hy moat mei. Ik scil him de wûnders fen ’t wetter

sjen litte. Ik stien boarch for him.”

„Dy eare is great for in minskebern,” sei it mantsje.

Yn in omsjoch wierne se by it eilân. Doekele hie ’t faken fen fierrens

sjoen. It wie fol beammen en struwellegûd en de groun en de tokken der

leine en sieten nêsten fen allerhânne soarten fen fûgels yn by

hûnderten. Reitdompen nesselen der ek en earrebarren, sims wie de loft

der wyt fen. Hwet hie hy der in sin oan om hjir ris efkes om to

strunen, net om de fûgels to forbaljen en de nesten to fornielen, hwent

det bigrutte him fierst tofolle, mar om al dit moaijs ris fen tichteby

to bisjen.

Singelier wie ’t, mar do-t se by it eilân oan wâl stapten, wie der net

folle mear fen dit alles en hja bigoanen ek al djipper en djipper mei

wei to sinken. Alles sonk nei de groun. „Bistû bang?” frege Hassan.

„Nou net sasear,” sei Doekele greatmannich. Hy wie nou hast sa lyts as

Hassan sels, al wie ’r in minske bleauwn, mar alles nou yn in lyts

bistek.

Sa sonken se nei de kening fen ’e Skiere Ielen ta, dy wenne yn in

paleis fen sulver op ’e boom fen ’e mar. Allerhânne soarte fen fisken

wierne syn bitsjinders en der wie gjinien, dy-t de oare allyk wie.

Doekele kuiere mei Hassan yn it wetter om en hie der neat gjin lêst

fen, det it wiet wie, hwent hwer se gyngen, kaem in droech paedtsje en

der stie it wetter by op as in sulveren mûrre.

„Hy wol it blau fen ’e Middellânske sé sjen, der syn heit op fard hat

en de kraelrotsen der syn mem kralen fen om hat. Is ’t mei Jou

wolnimmen, kening?” frege Hassan oan ’e kening fen ’e Skiere Ielen,

dy-t yn in roundeltsje op syn gouden troane lei.

„Alle wûnders fen it wetter lizze útspraet foar syn eagen,” sei de

kening en blies op in kinkhoarnsfloitsje. En do sonken se wer.

In eineleaze blauwe sé lei nou foar hjar, stil en ônforweechlik.

Palmbeammen spegelen hjar yn it wetter, fjûrreade cactussen hingen oer

’e mûrren op it strân to bloeijen en in frjemd wyt skip snie troch it

blauwe wetter nei fier foart.

Doekele suchte der fen sa moai wie it.

En do bigoanen se wer nuver to reisgjen. It waerde waerm, it waerde

hjit en optlêst like it wol, as kamen se yn in greate hearlike tún en

der bloeiden wûnderbaerlike frjemde blommen by tûzenen. Sims wie it

wetter der wyt fen en sims blijread en sims o kostlikheit! feletten en

giel en hja wierne wol sa great as asterblommen. Sêft leine se op it

waerme wetter to forwegen, guont groeiden by de rotsen op en ien

inkelde, ek ien mar, dreau allinne der yn det lije, blauwe wetter om.

Det wie in readen.

„Sjoch!” sei Hassan. In greate swarte wetterspin kaem der oansilen,

fallende wei út ’e hichte nei de koelere lichte ta. Doekele skerpe syn

eagen op. It wetter stie wer om hjar hinne as in sulveren mûrre en ’e

wjerskyn fen ’e sinne hûnderten ûren fier boppe hjar oan de loft oan ’t

skinen, kleure ek alles hjir mei frjemde gloed. Wiid-iepen gyngen de

iensume reade blom hjar bledden en de spin kaem al neijer en neijer. En

hen! der siet ’r lyk op ’e blom. Hwet like det moai, det swarte gledde

lyfke op det fjûrread! Mar stadichoan waerde it swart lytser en dochs

stie de blom der noch fjûrread to bloeijen, mar de spin wie wei.

[Illustration: en de spin kaem al neijer en neijer]

„Dy’s opiten,” sei Hassan koart. It griisde Doekele oan, sok iten.

Hja reisgen nou twisken himelhege kraelrotsen troch, suver beambosken

wierne it fol prachtige tinne reade tokken en kamen do al gauëftich by

in blauwe grot, der hearde Doekele in great wetter brûzjen. It wie hjir

sa kâld det, it fielde winterich.

„Hjir wirdt ien fen ’e greatste rivieren fen ’e wrâld berne,” sei

Hassan. „Hy hjit de Ryn. Wy reisgje der nou yn in menút twa hinne, omt

de kening fen de Skiere Ielen der de macht ta hat, mar oars dûrret it

wiken om der to kommen.”

Doekele loerde ta in tsjuster gat yn, sjen koe’r net folle, heare

namstomear, hwent de groun dreunde fen it gewelt fen ’t wetter, det

loslitten waerde om op ierde to kommen. It wite brûs spatte hjar om de

earen en sims foel der in stik rots del en plofte yn ’e kolke oan ’e

boom ta. It wie in ôfgrys en in wûnder fen beiden.

„En nou noch nei de bosk ta, hwer de dauwedrippen weikomme en op ’e

bergen, hwer de reinbôgen makke wirde en den nei hûs,” sei Hassan en

sjaggele op syn lytse skonkjes foar Doekele út de wetterstriette lâns

en wer nei de fêste groun ta.

Hja gyngen nou nei in moaije poarte, dy stie net mear yn ’t wetter, mar

op it lân en der blies Doekele op Hassan syn bistel yn in gouden

slotsgat. Fensels gyng do de poarte op.

Doekele skreaude it út, sa hwet wûnderliks hie hy net tinke kind, ea op

’e wrâld to finen.

Der stiene wol hûnderttûzen fen hege beammen, prachtich fen tokken, mar

sûnder bledden. Hwer oars bledden sieten, hinge it nou fol

dauwedrippen, millioenen, o millioenen, en guont hingen stil, guont

trillen en fonkelen yn ’e sinne, guont foelen op ’e groun en dy

skitteren ek sa, det de eagen it hast net útstean koene. It wie in

wrâld fen kristal!

„Sjochstû wol dy hiele greate dauwepearels?” frege Hassan. „Det binne

minsketriennen. Dy binne der by mennichten. Dy wirde hjir biwarre. Elts

minske ken se en der is nimmen, dy’t se net ris út ’e eagen wrongen

binne. ’t Is ’t earste, det de minske by syn berte bigroet en ’t lêste,

der hy mei hinne giet.”

„Ik wol noait gûle,” sei Doekele reslút en seach nei de greate, doffe

drippen, ek by strusen oan ’e beammen, swiere stringfollen.

„Den wolstû ek net libje, hwent libben is leed,” andere Hassan.

Hja wierne nou de Triennebosk troch en lânnen wer oan by de

Dauwebeammen. Hja flonkeren de reisgers tomjitte, ja it like Doekele

ta, as flonkeren se noch folle moaijer as nys ansens.

Sá kaem de sinne om ’e hoeke en biskynde alles. „Sjoch noch ienkear,

ljeave, den gien’ wy wer foart”, sei Hassan. „Nim ien sa’n dauwedripke

mei as oantinken.”

En Doekele gyng nei in leech struweltsje ta en tepte der in dauwedrip

ôf. Hy tocht, hy scoe him wol torane yn ’e hânnen. Mar de dauwedrip

bleau, hwet ’r wie, yn tûzen kleuren fonkele ’r him to mjitte.

En do kuieren se wer foart togearre.

„Nou giene wy nei ’t Reinbôgelân,” sei Hassan. „De kening fen ’e Skiere

Ielen joech my de kaei mei. Sjoch,” en hy helle in hiel lyts

swânneblomke twisken syn poatsjes wei en hâldde it omhegen en liet it

do falle. En sjoch, hwer it foel; bûrrele wetter út ’e groun, al mar

mear en det spielde in lyts blau kaeike oan lân en do bigoan det wetter

nei hwet mâl gebear to spjalten en der kaem in lange gong, dy-t wer

djip yn ’e ierde op gyng.

„Dû komst my mar efternei,” sei Hassan en kûrrele stadich foar Doekele

út, hwent de flier wie sa gled as sjippe en Doekele tochte,

foartdaedlik scoe hy wol rûfty! falle en smartlapen opdwaen as

itenspannen sa great.

Mar ’t gyng goed en einliks en to ’n lêsten kamen se foar in hege

túnmûrre fen âlde, forware stien, sutrich en smoarch. It wetter dripte

der by del en hiele prachtige griene slingers fen beammen en struwel

hingen der oerhinne, ek alhiel wiet. Ien mei hiele greate bledden, der

stie krekt sa’n blau kaeike op útteikene as Hassan opfiske hie út it

wetter.

„Sjoch,” sei Doekele, „ús oare kaeike. Scil ’k der nei rikke?”

„It komt wol by my,” sei Hassan.

En sjeder me, stadich bigoan it moaije bled him to forwegen en sakke al

fierder en fierder nei de groun. Hassan joech mei ’t poatsje it kaeike

oer oan ’t bled, det him oprôlle as in pûdtsje en ’t sa oankrige en op

’t selde stuit sprongen twa grouwe stiennen út ’e mûrre en troch dy

skreef stapten Hassan en Doekele ta ’t lân fen ’e Reinbôge yn.

In greate tsjustere bosk fol minskeheech ticht struwel. It tongere en

wjerljochte en de rein foel by streamen, krekt as stiene alle

wetterslûzen fen ’e wrâld iepen en pikswarte wolkens jagen de loft lâns

as lilke hynsders. Sims dreune de groun, sa ’n freeslike tongerslach

wie der den. En den wie ’t wer stil, sa stil, det hja hearden it

earmoedzjen fen ’e fûgeltsjes yn deadsbinaudheit yn ’e wiete beammen.

Hassan en Doekele kroepen togearre yn in holle wylgenmoes en seagen sa

nei al dizze slimme dingen. Mar do-t it waer hiel swier wie en de

wjerljocht net fen ’e loft, bigoan Doekele to gûlen, hiel sunich, hwent

hy skamme him al hwet for Hassan, dy-t net gûlde en dochs folle lytser

wie as hy.

Syn triennen foelen optlêst by him del op ’e groun en sjoch, it waerden

roune lytse môlkewite kraeltsjes. „Hea!” sei Hassan, „wirdstû moilik,

myn lytse frjeon? Bistû bang, om mei de greate eleminten, loft, ierde,

fjûr en wetter allinne to wêzen? Hja binne sterk en great fen macht,

mar hja binne dochs tsjinders fen in macht, noch folle greater as hja

en der dûke hja hjar foar yn nederigheit, ek as dû de minske en ik, it

lytse dier. Der scil ús gjin hier op ’e holle krinkt wirde yn it lân

fen de Reinbôge, as dy macht it net talit. Mar ik wol net, detstû

skrieme scilst.”

It waer sakseare... it waerde stil. It fjûr oan ’e loft dôve en de

tonger syn bronzen lûd waerde al sêfter en sêfter. Togearre gyngen se

do fierder de bosk yn. It waerde ljochter en hja bigoanen to kliûwen by

in hege berch op. Fluch gyng it, al mar heger en heger. Swart wie de

berch, mar de oarde waerde moaijer, fol mei blommen yn de

alderkostlikste kleuren en beammen, hwer ripe fruchten oan hingen by ’t

hânfol.

Hiel heech stiene se nou en seagen om hjar hinne. De loft fen it

Reinbôge lân en de groun en de bosk en de bergen. Huzen wierne der net.

Do draeiden se hjar in slach om en gyngen in eintsje by de hege berch

del. In frjemd gesûs briek de stiltme.

„Gien mar earst,” sei Hassan. En Doekele gyng. It wie sa wûnderlik, det

hy bleau ek foartdaedlik wer stean. Hjir wie gjin wrâld mear, neat oars

as in great gerdyn fen wetter, det hinge fen de himel ôf oan ’e ierde

ta. Sims forweegde it efkes fen ’e wyn en sims hinge it stil en it wie

fen trochsichtich sulver en noch tûzen kear moaijer as de jounswolkens

ea wêze kinne, as se as skiepkes mei de moanne as hardersman de loft

lâns kuierje.

En sjoch, der bigoan det alles to foroarjen. It waerde kleurd troch in

onsjenbere hân, read en blau en poarper en krekt, as treau immen it fen

ûnderen op nei boppen ta en stadich fortichte him det alles ta in

moaije rounbôge brêge. Kleurich en heech stie dy nou boppe it wiete

lân, onmjitlike great. It reingerdyn wie oprôlle en yn dize forgien,

der wie nou neat oars as dy bôge mear oan ’e loft, hy bisloech alles.

„Sjoch gau, Hassan,” rôp Doekele. „Der giene guont op lâns.” En hja

seagen trije gean. In great jongkearel yn ’t goud, in âld man yn ’t

swart en in fromminsk yn skiere klean. Hast onwillich wei gyngen se

hjar wegen op dy kostlike brêge.

„It binn’ de wjerljocht, de tonger en de rein. Hja krigen de wink om

nei hûs to gean. Sjoch se nei, krekt sa lang astû kinste.”

[Illustration: it binn’ de wjerljocht, de tonger en de rein]

En hiel fier oan ’e lofteinder waerden dy trije wei.

„Nou moat it mar op hûs ta,” ornearre Hassan.

En der kaem in moaije wolken oansilen en der gyngen se op sitten as op

in weintsje en dy brocht se nei ûnderen fen dy frjemde berch ôf. Der

stiene de weagen klear en skouden se sêfkes troch ûnderierdske

wetterslinken en poellen en petten, djippe rivieren en smelle

wjitteringkjes nei de mar ta, hwer de kening fen ’e Skiere Ielen huze

yn syn sulveren paleis.

„Bitankje de kening mar ris tige en bûg mar ris djip,” rette Hassan.

„Hy is in tige wiis man en regearret it ielekeninkryk fen ’e hiele

wrâld. Hjerstmis ropt ’r alle jongen en sterken op for de fiere reis

nei de Oceäen, hwer se noait fen weromkomme scille. Der is net ien,

dy-t efterbliûwt, hja scoene net doarre. En jierren neitiid komme de

lytse bern, dy-t se der krige ha, werom en tsjinje him wer, lyk as de

âlden ek al diene. Guont fen syn foltsen ha ’k wol moet yn ’e waerme

lânnen.”

Doekele die, sa ’s him hjitten wie en nei in koart petear fen Hassan en

’e kening fen ’e Skiere Ielen tynden se wer út it djip wetter wei nei

de biwenne wrâld ta. Der lei it boatsje, der wie de lytse grize skipper

en by it oan wâl stappen waerde Doekele wer swier fen gewicht,

minskelik swier.

Hassan kroep nei hwet geskermesear wer yn syn skyl en hja skonken ynein

en foldien op hûs yn. It gyng net hird. Doekele waerde slûch en stil en

Hassan swijde, as hie hy nea net prate kind.

Thús fortelde Doekele al hwet him oerkaem wie dy deis. Mem glimke en

Heit sei neat. „Scoest ek dreamd ha, myn jonge,” sei ’r optlêst.

„Ik ha de daudrip ommers, om sjen to litten,” sei Doekele en hy helle

him twisken tûmme en finger út syn buiskebûs. O hwet flonkere ’r! krekt

as ’t wetter wie, bisparkele fen sinneskyn. Hy rôlle op ’e tafel om en

wie fen in hearlikheit, soksoartigs Heit en Mem selst noait sjoen hiene

en optlêst foel ’r Mem sa mar yn ’e skirte.

Doekele tochte om ’e triennen, by de berte skriemd fen in berntsje.

„Hâld him mar, by Memke heart in trien,” sei ’r.

„Hwa seit det?”

„Hassan, en noch folle mear,” andere Doekele. Hassan lei djip weidûkt

yn syn skyl kwanskwiis to sliepen, mar as ’r ek harke nei hwet Doekele

sei!—

De winter kaem. Snieflokken fleagen, stoarmen gûlden om ’e sterke

stins. Der wie gjin libben mear bûtedoar, it gêrs lei plat slein op ’e

greiden, de beammen wierne keal en de dieren fen it fjild yn ’e waerme

hoalen. Hassan hiene se yn in hoeke by de hird in hoale groeven en der

bledden yn, der die hy syn wintersliep, by de minsken en dochs in

libben nei syn eigen aerd.

Mar op in joun, do barde der hwet bisûnders. Hassan kaem foar ’t

ljocht... hja hearden him by de mûrre lâns skermesearjen yn ’e

healtsjustere keamer en sa nei de útdoar ta. Doekele gyng him efternei.

„Dyn Heit moat ’k ha,” sei Hassan grommeljende wei. En dy kaem en gyng

mei him der út.

„Hear,” sei Hassan, „it is in slimme tynge, dy-t ik bring. Oer in

deimennich scil jou stins bilegere wirde. Ha jou alles klear? Wol for

wiken?”

De hear krige in freeslike skrik. „Wy binn’ minmachtich,” suchte hy,

„en ús wapens net folle. Dû witste it allegear likegoed as ik, dierke,

det ús ljeave húsnoat is en yn alles bihelle wirdt.”

„Derom scil ik machten oproppe, om jou to stibelearjen,” flustere

Hassan. „Wrede machten, hear. Hja scille komme fen Easten en Westen,

Noarden en Suden en ré stean, as ik se de wink jow fen tapakke.”

„En ho scilst se tynge takrije?” twivele syn hear mismoedich. „De groun

is hird en de loft is mistich, gjin dier heart dyn lûdtsje en dû scilst

it fen kjeld bistjerre, dierke. Lit komme, hwet wol, mar ik wol dy net

kwyt. Ik ha dy ienkear redt út ’e hânnen fen in prester, dy-t dij

brûkte om syn ôfgod to forhearlikjen en as ’t wêze moat, scil ik dy nou

redde for dy sels.”

„Optheden stiet it lytse harmeling foar de útdoar,” sei Hassan as

ienichst andert. „Scoene jy him ynlitte wolle, hear?”

„Hy scil net komme, as hy minsken rûkt,” abbeleare dy der tsjin.

„Hy komt by my, al moast hy ek twisken tûzen minskefoetten trochrinne,”

sei Hassan.

Do die syn hear de doar op. In lyts wyt dierke snjitte by him troch en

nei de hoeke fen ’t foarhús, hwer Hassan siet. It like syn hear ta, as

stie der noch folle mear winterfolk foar de útdoar, mar hy doarst der

net rjucht nei sjen. De winternacht wie fol fen spûk en heimnis.

Efkes mûskoppen it swarte en it wite dierke noch mei inoar, do sei

Hassan: „Nou kin de doar wol wer op. It boadskip giet nou yn in

ûrmennich al nei alle wynstreken de wrâld oer, derhinne, hwer it gean

moat.”

It harmeling snúfde by him lâns, foart mei faesje en de nacht waerd’

wer sa stil, as in wite winternacht fen snie en froast mar ea wêze kin.

De hear krige Hassan op fen ’e flier en waerme him, hwer syn sterke

goede herte kloppe en hy waerme him der sa lang, det selst syn snútsje

gloeide. Do brocht ’r him wer by de hirddobbe to plak, djip yn ’e

rûchte en bledden.

Der wie noch gjin wike oer forroan, do op in joun kaem Jelleman om ’e

hoeke fen ’e doar en sei, der stie in greate smite folk foar de poarte

en easke, om iependien to wirden. En as ’t net mei goedens gyng, den

kamen se oer de tichtfearzene greft en stieken alles yn ’e brân.

Hastich brocht de hear wiif en bern yn feilichheit yn in ûnderierdsk

forskûl en al syn have en goed, hwer ’r it measte bistek op hie. It

sulveren krús, woán op ’e heidens en him tige dierber, stiek ’r yn ’e

bûs en Hassan, der taeste ’r nei, hastich fen hân en naem him ek mei.

„Jou kinne my hjir ek wol bliûwe litte, hear,” sei Hassan grommeljende

wei, hwette moarnssiik nei de lange wintersliep, der hy al wer út

wekker makke waerde. „Lit se mar komme en by de mûrren opklauwe, hja

falle wol wer del.”

Mar hy leauwde it mar heal en brocht him nei syn wiif ta. Dy siet, de

bern om hjar hinne, yn in forskûl djip ûnder ’e groun, in flaubarnende

kjers ta selskip en hja gûlde. En Doekele tocht om ’e minsketriennen yn

’e Dauwebosk. Leed en minske en minske en leed, altyd alweroan de twa

kammeraten, noait wer to skieden.

Nou kaem it op fordédigjen oan. Hja hellen de slingers en ’e

slingerstiennen foar ’t ljocht en gruden strie en stieken dy oan en

smieten dy sa op ’e bilegerers. Dy wierne o sa machtich, wol fyftich

man en hja sels hiene mar sa ’n toalve man warber folk. Oer in

ûrmennich wie alles al foarby, as der gjin help kaem en hwerearne scoe

dy weikomme? Uren fier gjin stins ef kleaster, allinne dizze

oerginstige bûrman, altyd al op ’e loer, om him ’e deastek to jaen.

It measte griisde it him oan om wiif en bern. Hysels seach al sa faken

de oarloch, de dea hie him al sa faek fen tichteby oangniisd, det hy

koe him. Mar dy oaren?!

Sels bitsjinne hy de greatste smytswingel en kegele swiere balstiennen

op ’e fijan. Mar det wierne hoekhâlders. Efkes gyngen se wol tobek, mar

do bigoanen se wer fen nijs, fûleinich. Hja rameiden de poarte al,

strak ansens wierne se by de doar... yn it forskûl...

Der ynienen hearde hy in frjemd gelúd. It wie noch o sa fier ôf, al

hearde min it boppe de lûden fen ’e nacht út. De fijan hearde it ek.

Efkes waerde it stil, sa stil, det min hearde it knetterjen fen ’e

poartdoarren, dy-t al yn ’e brân stiene.

Wer slingere hy stien op stien en wer hearde hy det lûd. It kaem hird

tichteby, krekt as jage en swypke immen it oan... De klamme switdrippen

hingen him oan ’e hierren... hy bigoan it lot fen syn fijan to

bigripen...

De slinger glied him út ’e hânnen, hy liet nou oan in greatere macht

oer, hwet him yn syn lytse minskelikheit onmooglik wie.

It gegûl wie nou al hiel tichteby, hy seach by it ljocht fen in greate

barnende striewiske, dy ’r falle liet, de fijan út ’e finsterbanken

weitûmmeljen en riedeleas by inoar stean.

In oar leger kaem op... de wolven. It wite lân waerde der swart fen,

der wierne hûnderten en foaren op gyng ien mei hwette in stive poat. As

Doekele him sjoen hie, hie ’r sei... hy liket op Biterke fen alear, mar

nou is ’r great...

Hwet der do barde, bleau it heimnis fen ’e nacht en dy is wreed. De

oare moarne wierne der nin minsken mear en nin wolven. Ien amerij

wierne se oproppen, hja kamen fen Easten en Westen en Suden en Noarden

en diene hjar plicht, om den wer foart to gean.

„Hassan,” sei syn hear tsjin him, „hwet kin ik dy goed-dwaen for dizze

saek?”

„Neat,” andere Hassan hwette stoef. „Ienkear retten jou myn earme siele

út de hân fen dy freeslike ôfgod, it is lyk om lyk gien, hear.”

Noch lange, lange jierren libbe Hassan sa mei syn folk op ’e state, hy

en it moaije Arabyske wite skimmelhynsder, beide bern fen fiere frjemde

lânnen. Do op in moaije, mylde simmerjoun lei Hassan dea op ’e greate

balstien, hwer hy him sa jerne yn ’e sinne kûsterje mocht. Yn deadsneed

hie hy him omkeard en lei nou mei it teare lichemke nei de sinne ta

keard, stiif en kâld.

„Wy scille him moarnier bigrave. Lit mem ierde him ta hjar nimme yn

hjar waerme skirte,” sei syn hear en it gyng him oan ’t hert.

Diselde nachts, ek sa mar ynienen, stoar it moaije Arabyske hynsder ek.

Hy reisge Hassan efternei wer nei it fiere frjemde lân ta, det hjar

heitelân wie.

Twiljocht-teltsjes · 第 20 / 22 题