DE SKYLPODDE.

It is al hûnderten fen jierren lyn, do wie der ris in ryk minhear, dy

krige oanstryd om ek mei to dwaen oan de krústochten en it Hillige Lân

to fordedigjen tsjin de heidens, de woeste Saracenen.

Hy liet in prachtich skip útrisse mei fen alles der yn, iten en

drinken, wapens en klean en sekfollen jild, hwent hy bigriep it ek

wûndere skoan... tûmkrûd binn’ de minsken yn alle lânnen fen de wrâld

like slij nei as nei rys mei resinen. En do syn skip hielendal klear en

reisfeardich wie, liet hy it foar Esonstêd oan ’e wâl komme.

It wie in moaije sinneskyn dei, do-t hy de standerflagge op syn sterke

stiennene state stadich sakjen seach nei de lichte ta en Jelle-man him

oprôlle om ’e stôk. Ho lang scoe it dûrje, eart de kleuren fen syn

adelik slachte wer blinke scoene hjir op ’t hiem? Nou gyng ’r foart...

for hwa wit ho lang... en kaem ’r ea werom? Scoe ’r wer ûnder de âlde

ikebeammen omstappe mei syn lytse bern? Ef wachte him in grêf yn

frjemde groun, de traep fen in fijan syn hynsder ef in houw fen in

skerpe krûmme sabel, hwer syn hert fen stûke for altyd?

Hy seach noch ris om... en noch ris... do makke ’r him ta man en seach

rjucht foarút.

De karafaen ried fen ’e hege Wâldgeasten ôf nei de igge fen ’e wide,

wrede sé ta. Foarop de skyldjonge, deun efter him de hear, in great

harnas oan fen sulveren skubben en in helm fen sulver op ’e holle. Hy

hie it fisier opslein, syn jonge eagen laken tsjin de wrâld mei syn

blierste laeits.

Aventûr! wûnders bilibje! fortelle kinne fen freeslike gefaren en

bjusterbaerlike útreddings! moed toane! for in eale saek stride ta de

lêste drip fen ’t bloed ta!...

Doekele, syn lytse jonge, siet foar him yn ’t seal. „Nimt heit ek hwet

mei? hwet moaijs?” frege ’r. En syn heit skoude de lyfrôk fen swiere

sulveren skubben toside en hy treau de lytse jonge oan syn hert.

„Heit scil Doekeman it aldermoaijste meinimme, hwet der mar to finen

is,” ûnthjitte hy en hy tútte him op syn foarholtsje, krekt op it

deaplakje boppe it rjuchtereach. It jonkje wie ryk mei dit syn ûnthjit

en alle skatten fen syn bernewrâld reizgen dizze amerij oan syn eagen

foarby en sjoch! noch moaijer as al dizzen waerde heit syn presint, det

út dy fiere, frjemde lânnen komme scoe.

Noch moaijer! ja noch greater en o! noch folle frjemder!

Op in stiensmeets distânzje ried syn wiif mei him op hjar stadige

telgonger, fen gjinien yn ’e wrâld ea út de stap to krijen. Hjar

sealkleed fen sulver en fynblau skittere yn ’e sinne, de kostlike

stiennen fen hjar kape skeaten fjûr nei alle kanten, hjar lange

blausidene wale waeide luftich mei de wyn nei rjuchts en lofts en yn in

greate sidene doek biboun droech se it skirtebern, noch gjin trije

moanne âld.

Stadich ried se efter hjar man oan, in feint en in faem oan wearskanten

en twa ruters ta help mei losse hynsders en swierbiladen mei allerhânne

pakkaezje folgen hjar spoar de koarstige dykswei lâns, sa heech, det

min seach de hiele wrâld oer.

Sa lânnen hja by it skip oan en de lytse jonge dribbele nei hjar ta.

„Mem!” sei ’r en loek hjar oan ’e mouwe. „Mem!”

En hja seach him oan mei hjar moaije blauwe eagen en frege sêft fen

wird him nei syn bigear.

„Heit nimt my hwet moaijs mei, as ’r werom komt,” en de blydskip song

yn syn fyn lûdtsje as it sulveren misklokje Sneins yn ’t tsjerkje fen

’e state.

„Ja?!”...en as in sucht kaem ’t noch nei, „as heit ea werom komt....”

„Memke moat noait gûle.... det stiet lyts”, miende de lytse jonge. „Ik

scil ris hwet freegje, det wit Memke net,” en hy nussele him tichter

tsjin hjar oan en flustere wiis: „Hwet is dierberder as it appeltsje

fen ’t each? To nou, wit Memke det wol?”

Ien amerij hâldden de wylde fûgels fen hjar tinsen de flecht yn en wie

se by de tiid, by hjar lytse jonge en forgeat de dei en syn soargen.

In tear fen neitinken loek syn fâlden oer it blank fen hjar foarholle.

Hja tocht nei, om hjar Doekeman syn sin dwaen to kinnen.

„Ik wit it net, ljeave,” sei se do sêft. „Myn holle stiet optheden net

nei geboart.”

„Mar ik wit it wol!” rôp de lytse jonge bliid. „Hwet is dierberder as

it appeltsje fen ’t each? Det is Mem. Heit seit it. Mem is it

alderdierberste op ierde en ik moat op Mem passe as ’t appeltsje fen

myn each, sei Heit, miskien wol jierren lang.”

In pear triennen rôllen as dauwekralen de hege frou oer ’e wangen, do

hie se hjarsels wer yn ’e macht. Hja sei neat. De telgonger stie.

Stadich liet se hjar fen ’t hynsder ôfglide en socht mei man en bern de

koelte en ’t skaed fen in bosk âlde wylgenmoezen oan ’e kant fen in

Wiel. Twa jier lyn hie it wetter dizze djippe kolken draeid mei in

oerstreaming en hjir op itselde plak stie do hjar man en holp syn folk,

om it gat yn ’e dyk ticht to krijen. En nou, strak ansens, scoene dy

wrede wetters hjar for skoften skiede.... Dierberder as it appeltsje

fen syn eagen.... wie se him, reaunte Doekeman syn sizzen yn hjar

tinsen nei....

Do-t de sinne nei ’t Westen ta niichde, dobbere it skip al op ’e sé en

reisgen hja werom, ien minmachtiger. It wie nou koel, de fûgels

bigoanen to sjongen en de froasken kwêken yn ’e poellen.

In mûnts kuiere op it sânpaed njunken de wei, in swarte klyster siet

boppe him yn in hege beam en fluite. Skean en leech foelen de

sinnestrielen, as in mearke lei de wrâld derfoar, gouden en poarperen.

Mar oer de hege frouwe hjar wrâld foel in skaed en reage der alle

sinneskyn yn ien feech út wei.—

Twiljocht-teltsjes · 第 18 / 22 题