IX.

Och, it wie sa’n trinten popke waen! De bakkerinne rekke selst noch op

de iene ein, sa foreale waerd se op him en knipte him in hoedtsje fen

goudpompier op ’e holle en goudene skoen oan ’e foetten. En sa setten

se him yn ’e winkel to pronk.

Hwet kamen en gyngen der in minsken! It stie suver net stil! Riken en

armen kamen der, bern en greaten, fetsoenliken en ûndogensken, smoargen

en gûnt, dy’t hjar sels skjin woskene en selst de earen net forgeaten,

flitigen en loaikerts, loebesen en earliken, eltsenien koft him bliid

en de pong leech. En gjinien krige noch de moaije sûkeren poppe. „Dy is

for myn eigen aerdichheit,” sei de bakker. „Dy scil ik en ’t wiif joun

sels ris opplúzje. Dêr de bakker neat krijt...”

It wie al let op ’e joun, do gyng de skelle noch ris. De winkel wie al

hast leech, der stiene allinne noch in pear bôlen en in fjirdepart

brea.

„Joun,” pipe in lyts binaud lûdtsje.

„Bistû der noch, Femme?”

„Ja,” sei Femme, „mem moast noch in bôle ha en as de baes ek hwet

sûkergûd hie, det stikken wie en in healbrea...”

„Och, och,” sei de bakker meilydsum, „dû moatst mar hwet om ’t skik ha,

fen alles hwet,” en hy pakte it yn de koer. „It wirdt in sjou, jonge.”

„Det is net sa slim,” andere it jonkje. Do krige er de moaije poppe yn

’t fesier, it readsiden rokje, it sûkeladen buiske. Syn eagen

glinsteren as stjerren. Hy sei neat.

Stadich telde er it jild út memme âlde knipper, safolle bôle en brea,

safolle sûkergûd. Baes die der in goed stik op ta, hie er net in bêste

Sinte Klaes en wie Nynke net in earme widdou?

„En hofolle pinken kin ’k noch keapje for dit?” en de lytse fingers

hellen út in stikje pompier, biknope yn ’e tippe fen ’e bûsdoek, in

moaije gloednije sint.

„Hwet in moaije sint! Hwer hastû dy wei?”

„Fen pakes,” sei de lytse jonge.

„En moat dy nou sa mar foart oan pinken? Meijst dy den sa graech?”

„Ik scil der net oankomme,” sei de lytse jonge greatmannich. „Net for

sà’n stikje. Mar Sijke fen Melles is siik en dy meij pinken. Graech,

seit se. En den wirdt se wer better, seit mem, as se yt.” En hy seach

skean plurende nei de pinken en den wer nei de sûkeren poppe.

„Ast nou noch mear sinten hiest yn de sparpot, koest noch folle mear

keapje,” sei baes.

„Ik ha mar ien inkelde,” sei de lytse jonge.

„Hast der sels ljeaver net hwet for to opiten, in moai

swânnebroadtsje?” tante de bakker him.

„Ik ha ’t ljeaver for Sijke. Hjar boarst pipet sa nuver,” sei de lytse

jonge, wylst er aloanwei skean nei de poppe seach. Dy stiek him de

eagen út. „Is dy tige djûr, baes?” frege er optlêst skruten.

Baes sei neat mear. Hy krige in stikmennich pinken fen ’t boerd en die

se it jonkje yn de koer en do krige hy hiel foarsichtich Pipenútsje by

it sûkeladen buiske en socht in moai doaske op, fûrre mei

sulverpompier, en der kaem hy yn.

„Nim ’t allegearre mar mei for Sijke en dy togearre.” En hy krige de

nije sint fen it jonkje oan en liet him yn it laedtsje falle. It

rinkinke der oer.

„Nou bist him kwyt, hearst wol?” ferge baes him op it uterste. Mar it

mûltsje fen ’t jonkje bleau bliid. Hy sprong ta de doar út.

En Pipenútsje? Syn nuvere reis naem in ein op it bêd fen in siik famke.

Sa hâldde Sinte Klaes syn ûnthjit, om al dy tritich kerreltsjes mei

inoar ien moaije, sêfte ein to jaen en bliid songene hja for ’t lêst:

„Earst in kerl en do in sprút,

„Sa poarre ik ta d’ ierde út,

„Do fen sinne en wyn bitocht,

„Ha ’k it ta in ierplûm brocht,

„Moal waerd’ ’k yn it mounlehûs,

„En nou bin ’k in popke prûs,

„Sjuch! myn wûndre reis is dien—

„Treastjend bin ’k ta fied forgien.”

Twiljocht-teltsjes · 第 17 / 22 题