V.

De felle gloed fen Sint Jan barnde op de lânnen en de dagen gyngen nou

stadiger as blide waerme reizgers nei in fier lân fen rispings en

fruchten. De fûgels lieten de jongen de nije wrâld bisjen, de

gerskrûpers hâldden mei tsjienen soasjeteit yn ’e hearlik rûkende

heaöpperkes en boarten tik-en-honk yn ’e swéën. De eksters pikten de

fjildmûskes sa mar op út de fûrgen en de lytse ljurken kuijeren for ’t

earst de greate wrâld fen de foarikker yn ’t roun.

De sjidder en syn soan kamen op in Sneine om it lân en de frucht to

bisjen... De sinne barnde, de rogge roek en hie de geur fen frjemde,

swiete lodderein. De groun wie hjit, hwerearne min de foet sette, bleau

de groun fynkerrelich en plakte net. De mosken mollen yn ’t

reedspoar... en de breakes oan ’e kanten stiene trillerich brún to

blinken. Hwet in simmer! hwet in groede, hwet in inerlike krêft yn ’t

boarst fen ’e âlde mem ierde, om dizze oerstjelpjende weelde drage to

kinnen!

Hja tepten in rogge-ier ôf en noch ien: „Ryp,” sei de âldste. „Better

noch in wike stean litte, scoe ’t net?” hifke de jongere en as in

skipper syn wide sé, bifieme hy mei heldere eagen ek dizze sé fen de

foarikker nei de dyk ta, ien soeijende wieling op en del harkjend nei

de flúster fen de simmerwyn.

En Pipenútsje, opsketten ta in prachtige giele ier en der tritich lytse

húskes yn en likefolle goudgiele kerreltsjes as sûkere Janke yn ’t

waffelhûs, hie ’t net stean op dy twa mânljue en hy song sa sêft, det

hja koene der neat fen hearre:

„Earst in kerl en do in sprút,

„Sa poarre ik ta d’ ierde út,

„Nou fen sinne en wyn bitocht,

„Ha ’k it ta in ierplûm brocht,

„Hwet scil nou myn foarlân wêze?

„Koe ’k mar yn de takomst lêze!”

Do wie hy ynienen stil, hwent de beide mânljue gyngen deun oan him

lâns.

„Ien fen de aldermoaisten!!” prize de soan en hy aeide him mei syn hân.

En Pipenútsje fielde for ’t earst yn syn libben de waermens en de

sêftens fen in minskehân. En hy seach se nei, do’t se foartgyngen.—

Twiljocht-teltsjes · 第 13 / 22 题