Mei blide sprongen dânse it jier syn dagen. Hwet in geur! de parrebeam
by de hússide bloeide en de bûterblommen en ljipaeijen yn de finne en
letter de gouden rein en de jasminebeam! Hwet in fûgels! De protters op
it dak en ’e skelfinken yn ’e appelbeam, it ljeave darteldouke yn ’e
skerm fen in spjir, de ljurk, it sjongende stipke as in boskje libbene
fear oan it blau, alles de prottende, alle hulen brekkende hearlikheit
fen it jier! Steatlik as in wyt skip fart de earrebarre de loft lâns en
ankert op de skûrre by Geart en Lises, in ekster skattert him smeulsk
efternei en fljucht nei de bjirken ta by ’t roggelân, hwer hy syn hûs
hat mei in fetsoenlik dak fen takken dêrboppe. En dy greatske
earrebarre hat det net iens. Dy hat syn bern mar sa foar waer en wyn
neaken op ’e skûrre.
Nou sjongt de rogge fen maitiid en wille... It is de sé, dy’t der
sjongt, in felbiweegjende, libbene, rizende en sinkende sé, op ’e wyn
syn widzjende wize...
En in dei ef hwet letter... de brimmerheide bloeide en yn ’t
petrizenêst yn ’t rûch fen de dyk kipen de earste pykjes ta de aeikes
út, do stoude de rogge... De Noardewyn gyng foarby en naem dizze
groetenis fen ’e miljoenen bloeijende roggeïeren mei nei fiere oare
miljoenen roggeïeren ta... jower èn bringer beide ta seine...
En Pipenútsje krige ek syn part en hy song mei yn it koar mei syn fyn
lûdtsje:
„Earst in kerl en do in sprút,
„Sa poarre ik ta d’ ierde út.”
„Healwiis,” bromde de mol. „Hwa hat nou sa’n forbylding? En det mient
ek noch, det er moai sjongt. Ik scoe ’t selst noch better kinne.”
„Jawisse,” sei ’t wiif. „Ast mar sjonge koeste, mar kibje kinst
allinne, dû âld swartrok.”
„Sokken moatte der ek wêze,” sei de mol en snúfke foart.—