It wie mar ien slach, mar dy kaem oan. Pipenútsje foel fen him sels,
syn moaije lange ier lei tsjin de groun oankeile en der kaem in
frouminske en dy boun him en in hiele bult oaren fêst mei in strieën
bân en do se sa in bulte skeaven hie, sette se dy op ta in hokke...
En trije dagen letter stie it lân fol fen sokke hokken en mem ierde
skriemde. Hja koe hjar simmerbern allegear sa min misse. En de
houtdouwen kamen en sieten op de ôfearte stoppel en de heit en de soan
kamen en loegen de skeaven op de wein en brochten se yn in greate
tsjustere skûrre yn in finzenis. Pipenútsje syn ier hâldde him al hwet
appart, mar hy waerde ek oppakt en krige noch in gemien triuwke ta.
Do bigoan op in dei de flaljeklap der op to tiggeljen en alle ieren
lieten de kerreltjes falle, Pipenútsje sines ek op in bultsje en do
bigoun in wine to draeijen en de lêste droege hulen stouden der ôf. En
do rieden se allegear mei inoar dy kerreltsjes nei de mounle ta en fen
de mounle nei de bakker.
En it roun nei Sinte Klaes. En de bakker dreame alle nachten al fen
taeimannen en soeteliefspearen en swânneboltsjes en hoantsjebroadtsjes
en deis kibbe ’r as in âld wiif, as er de mennichte fen sekken moal
seach, dy’t er noch forbakke moast.—