III.

„Ik stien hjir op myn post en der komt gjinien út, jimm’ skandalige

jongefammen mei jimm’ gestrún om de útdoar. It is noch gjin

simmerwaer... it is noch mar Maert!” en de polysjepod blaesde him fen

lilkens grou op as in berneblaesfluitsje.

„Och to mar...” flaeiken de jiffers Gêrshipperts, dy’t altyd mienden,

hja hiene in fin mear as in bears. „Wy moatte sa nedich nije jurkjes

ha, dû sjuchst, ho skurf as wy rinne en fen ’t winter hastû ek wol ris

in fet hapke hawn út ús spyn.”

„Ik wit net mear fen âlde tiden,” sei de polysjepod noartsk. „Net sa

kringe, jimm’ frouljue. Wier, wier, it is noch gjin maitiid. Fen de

moarn kaem der noch in hagelbui, de rogge raesde it út fen pine, sa

sear diene de heilstiennen, hwer’t de winter mei op ’t lân ombikkele.”

„Dû seist mar hwet,” laken de fammen en der kamen al mear en mear. De

hiele ûnderierdske gong stie fol, hwent de spitsmûs rekke der ek

middenmank mei seis lytse neakene bern, hwent mem hie ’t noch net oan

tiid hawn en naeije hjar fetsoenlike jurkjes.

It folkje waerde al roeriger en roeriger en de polysjepod al mar

grouwer en grouwer fen razenheit en optlêst suver sa pûr, det hy flypke

der fen. En det founen se allegear sa fiis, det do sloegene se der op,

de trije jiffers Gêrshipperts it meast, hwent dy hiene oeribele lange

earms.

En ynienen sprong de doar op, de tsjustere doar foar de mollerillen en

’e mûzegatten en ’e wezelingegongen en hja wierne bûtedoar.

Dêr skynde de sinne en dêr jubele de maitiid. En de rogge, de nije

rogge fen it jier, klaeide it lân mei it griene kleed fen ’e hope.

En ien fen dy miljoenen roggeïeren wie Pipenútsje.

Twiljocht-teltsjes · 第 11 / 22 题