Sjogge jimm’ jouns wol ris, ho moai de mar glinsterje kin, krekt eft er
fen sulver is? Nou, det is altyd alweroan de wjerskyn fen it sulveren
hûs, der sont âlde tiden al de trije elfkes yn wenje. It stiet op ’e
boom fen ’e mar, hiel, hiel djip ûnder wetter en alle swânneblommen,
dy-t der op omdriûwe, binn’ neat oars as loftgatsjes for hjar hûs. Det
is net greater as jimm’ foarhús, mar o! sa moai, min scoe der fen
bisouwe! Der binn’ keamers yn fen spegelglês en flieren fen parlemoer
en moaije marblommen driûwe de glêzen foarby en tikje oan de ruten en
wytfiskjes en ielen sile om ’t hûs. Sims forsjit der ek in âlde grouwe
snoek en den dinderje de mûrren. Nou, der dânsje de elfkes mei hjar
trijen yn om en libje der plezierich en wol en ite en drinke fen ’t
bêste.
Mar op in goede dei, do forfeelden se hjar. Spinne woene se net mear en
dânsje likemin, hja skopten de sidene skoentsjes út en de lipkes hingen
wol in tûmbré op ’t kin. Och, och, hwet wie ’t in tiid!
Op ’t lêst sei Fissy Fossy Fo, det de âldste wie en dy-t it bigrutte om
hjar sisterkes, dy-t al sa meager waerden as swevelstokjes: „Scill’ wy
ris op reis? Trijersum by dei nei de greate ierde ta? Tynke Tanke hat
der noch noait west en dû Moeleintsje ek net. Den kinn’ wy ek ris om ’t
lok siikje en oare moaije dingen.”
„Hea ja,” sei Tynke Tanke, „ik woe de sinne ek wol ris opgean sjen.” En
de oare sei: „En ik ris minskelaeitsjen hearre. Scil ’t net wêze as ’t
wynmesyk yn ’e reiden?”
„En de wrâld ris om middei sjen.” Det wie lytse Moeleintsje en hja
skodde hjar sidene rokjes út, det de goudene stjerkes stouden der ôf,
sa ’n sin hie se der oan om foart en den op ljochtskyndei! Oars reizgen
en bisiten hja altyd by nacht en den dânsen hja yn ljochtmoanne waer op
’e greiden.
Nou, den moast it mar wêze. Fissy Fossy Fo makke in weintsje fen in
gledde roazereade núnder en bilei dy fenbinnen alhielendal mei
boomwolle, dy-t sa lekker roek as de finjelieren út Beppe tún.
„To,” sei se tsjin lytse Moeleintsje, „en meitsje dû nou ris hânsum
nije kleedtsjes for ús tsjin de kjeld. ’t Sil wol wer kâld wêze op dy
ierde, lyk as nachts.”
En lytse Moeleintsje krige in skjirke en ’t gouden fluitsje en gyng de
lange gong troch nei de poarte ta, der de minskewrâld as in hege berch
efter stiet. Der fluite se de poartwachter, in greate ielreager en dy
fleach de wrâld yn en kaem werom mei appelblossomside for jurkjes en
fine kant for mûtskes en hiele lytse goudlearene skoentsjes en in
linebeamsblêd for elkmis as parresoltsje. En de hiele gânske dei siet
hja to naeijen en de joune let diene hja de jurkjes oan en ’e
skoentsjes en setten de nije mûtskes op en sieten foar ’t greate
finster nei ’t Easten út to sjen, as it gouden sinneskip der ek hast
oansilen kaem op ’e wolkeweagen. En do-t einliks de dage oer de loft
gyng, loeken Fissy Fossy Fo en Tynke Tanke en lytse Moeleintsje it
weintsje nei de útdoar ta, dy-t sa biskûle is yn de reiden, det nin
minskeëagen kinn’ him fine. Allinne de ielreager wit derfen en de oare
elfkes. En Fissy Fossy Fo fluite op ’t fluitsje en der kamen ynienen
trije flinters oanfleanen, twa gielen en ien reabûnten, in
skoenmakkerke. Det waerden hjar hynsderkes en dy fleagen sa froalik mei
’t roazereade weintsje en de trije elfkes troch de loft oer ’e lânnen
en huzen, oer beammen en sleatten, sa fluch en sa sêft, det min scoe
sizze, der kaem in wynpûstje oan.
Och, hja wierne sa lyts, dy trije elfkes en yn ’e wrâld om hjar hinne
wie alles sa great! En do-t yn it Easten dy hearlike goudene sinne al
greater en greater waerde, gyngen hja hiel stil yn ’t skaed fen in
greate bûterblom sitten, der de flinters hjar hinnesweefd hiene en
seagen al mar oan nei det goudene ljocht, wylt hjar hertke trille fen
blydskip. Mar hjar eachjes koene op den duer det goudene ljocht net
feneare en it dûrre al net sa bare lang, do joech de âldste hjar op in
paed en socht krûden for de beide oaren, dy-t alhielendal weikroepen yn
’t skaed fen ’e reiden, hwent o dy sinne wie to fel for hjar en to moai
en to great! Dy wie net makke for lytse elfke-eachjes!
Einliks kaem de âldste by in wiis wyfke tolânne en dy joech hjar salve,
der de dauwe oer gien wie en in fleskefol sniewetter fen Maertesnie en
det hat se wer aerdich op ’e kluten holpen, mar it spande oars danich.
En do joegen se hjar wer op in paed, it lytse weintsje mei de trije
elfkes en de trije flinterkes.
„Hark!” sei lytse Moeleintsje, „sjonge hja der net? Der wol ’k ris
hinne,” en hja loek oan in siden triedtsje en de flinterkes fleagen
stadichwei nei de groun.
Der stiene trije boikes yn ’e smoute fen in dyk en fluiten op fluitsjes
fen koetsehout. Trije famkes stiene derby to koarkjebreidzjen en songen
allerhânne aerdige wyskes fen ’e skoalle en den boarten hja wer en
wierne oan ’t pypforsydzjen om ’e dyksbeammen en hja laken sa ljeaf en
gol, det Fissy Fossy Fo sei: „Hjir scill’ wy mar hwet rêste. Licht
meije wy strak ansens wol meiboartsje.” En hja spanden de flinterkes út
en gyngen yn ’t gêrs sitten en seagen om hjar hinne nei al ’t nijs fen
’e greate wrâld, de moaije blommen dy-t wiid-iepen stiene to bloeijen,
it heldere blau fen ’e loft, der it steatlike gouden sinneskip troch
sylde nei it Westen ta en tichteby hjar in kampke koalsied, det al
bleekgiel skimere fen tinende blomknopkes.
Fissy Fossy Fo en lytse Moeleintsje praetten as alken, mar Tynke Tanke
die ’t swijen derta. Dy seach mar... o dy hearlike ierde! Hwet wierne
de minsken lokkich, dy-t dit alles alle dagen sjen mochten, en de
wiksel fen ’e jiergetiden, dy-t der oanrôljen kamen en fordwounen as de
weagen om hjar marre-hûs! En hiel tomûk fielde se, ef se hjar
loksdoazke noch wol hie, en helle it do hiel stil efkes út de bûse. It
wie hwet wûnderliks, det loksdoazke, ien greate griene smaragdstien wie
it en der kralen allegear lytse daudripkes op. Der hearde it lok yn en
alle elfkes krigen him mar ienkear mei yn ’t libben en moasten him yn
’e nacht fen Sinte Jan wer ynleverje by de elfekening. Dy-t den it lok
deryn hie, mocht in minske wirde en syn hiele libben lang op ierde
forkeare, op dy moaije ierde! Ef dy elfkes ek sochten!
En do-t dy bern sa ljeaf boarten, tocht Tynke Tanke mimerjende wei:
„scoe hjir it lok ek wêze kinne? Licht is ’t de bernelaeits,” en sûnder
det immen der hwet fen bispeurde, biflapte se ynienen it heldere lûd
fen in laeits twisken hjar lytse hantsjes en sjoch! it waerde in
peareltsje en det skittere yn al de sêfte kleuren fen ’e reinbôge. Do
gyng it smaragden doazke fensels op, hwent it lok ken gjin slotfêsten
en tichte doarren. O! hwet wierne se bliid! Lytse Moeleintsje fleach
oerein en dânse yn ’t gêrs om, det it in lust wie. Mar der ynienen! der
krige ien fen ’e jonges hjar yn ’t fesier en hja hellen in great
moardenersnet en fongen de hynsderkes fen ’e elfkes. Dy gûlden al en
rôpen, mar do kamen de jonges hjar efter en de flinterkes stoaren ûnder
hânnen. En sa hird as se rinne koene, roanen de elfkes foart.
It weintsje rekke stikken yn in fûrge en de skoentsjes út en lytse
Moeleintsje hjar mûtske bleau hingjen yn in hagebeambosk. En do roanen
se op bleate foetsjes de hiele gare moarn.
En do kamen hja by in great wetter. Der stie in man foar to digerjen
nei de oare ich.
„Dy ken ik wol,” sei Fissy Fossy Fo. „Dy jimmet yt wol ris by ús
kening. Det is in dichter.”
„Kinne jy ús ek helpe?” frege se de greate man. „Us hynsderkes binn’
stoarn en wy moatte perfoarst fierder to loksiikjen,” en alle trije
kroepen se him tige ticht oan, hwent der gyng skutte út fen dy man for
alles, hwet tear en lyts wie.
„Jawol,” sei ’r, „gean mar mei jimm’ trijen op myn hân sitten.” Tige
binaud for det wide wetter kroepen se inoar noch tichter oan, wylt hy
hjar op in sitselbankje yn in great boat sette en mei in pear riemmen
as beammen yn ’t wetter omsloech, det lilk op him waerde en raer
bearde. „Sjesa, jongfolk, hjir binn’ wy der al,” sei ’r einliks en lei
syn hân hiel foarsichtich yn ’t gêrs, det se der mar net ôffalle scoene
en in gongelpaedtsje hiene om yn ’t gêrs to kommen.
„Tankje wol,” sei Fissy Fossy Fo. „Hjir is de fracht,” en hja lei twa
stjerkes fen hjar kleedtsje yn in knokkeldobbe fen syn hân en ynienen
foroaren hja yn stikken goud sa great as bakkerts. Do wie dy dichter
bliid, hwent hy wie earm.
Der stiene se wer mei hjar trijen. Foar hjar út roan de wei op en op ’e
hichte blonk in moai wyt minskehûs. „Der koe ’t lok wol ris wenje,”
tochte Tynke Tanke en sette swijchsum de stap derûnder derhinne. Fissy
Fossy Fo wie drok dwaende om hjar gouden fluitsje wer foar inoar to
krijen, det nys ansens mei dy smoarge jonges stikken rekke wie en
pandere hjar efternei en lytse Moeleintsje kaem mei ’t linebeams
blêdden parresoltsje efteroan.
[Illustration: op ’e hichte blonk in moai wyt minskehûs]
Do-t se boppe wierne, seagen se hjar de eagen hast út ’e holle. In
hiele wrâld fen blommen wie ’t der en greate pauwen stapten der om en
yn hege fonteinen brûze en spuite it marswetter mei tûzen drippen fen
kristal, noch folle moaijer as de hûndert dauwelampen, dy-t jouns by
hjar oan ’e souder hingen. De hiele middei strúnden se yn ’t tún om en
ieten blomhunich en dronken applekoazesop, det se mei lytse
sûchreidtsjes ôftapen, en tsjin ’e joun makken se lytse bedtsjes fen
roazebledden en der foelen se op yn ’e sliep. Mar yn ’e foarnacht, do
spoarde de man fen ’t hûs noch yn ’t tún om en dy seach hjar lizzen en
ear ’t hja hjar forwarre koene, kniep er syn brune fûst ticht en der
sieten se.
Hy naem hjar mei yn ’e hûs en do moasten se him fen alles fortelle.
Hwer se wei kamen en ho-t se hieten en hwet se scoene en Fissy Fossy Fo
moast him to reden stean. En do se seine, det se op reis wierne to
loksiikjen, do lake hy smeulsk en sei: „Ho komst’ der by, pjut? Binn’
jimm’ ek al net wizer as de minsken? Det rint op smartlapen út, dy-t in
libben lang net wer hjilje. Sels ha ’k ek al ien,” en hy lei syn hân op
’t boarst, „dy hâld ik yn lust mei jildgeniet en eare en mei myn spot.
En de oerginst fen in oar, det ’s nou myn earm bytsje lok.”
Dy lêste wirden heinde Tynke Tanke op en lei se wer yn hjar smaragden
doazke by de bernelaeits. Min koe ’t net witte, ho ’n nuver plak it lok
sims sochte.
Op ’t lêst hie dy man syn nocht fen ’e elfkes hjar swietlûdich praet,
do moasten se for him dânsje en do-t hja net fluggernôch woene,
ûnderhelle hy in swypke en sloech hjar nei de holtsjes, hwent djip
ynwindich hage hjar bywêzen syn kâld herte net mear.
„Wacht!” sei ’r optlêst, „ik scil jimm’ wol better helpe, jimm’
skabanten,” en hy helle trije fingerhoedden en dy die hy fol wetter. Do
barnde it al hwet op de neil, lytse Moeleintsje hie ’r al by de earm,
mar dy skoerde hjar wer los en slûpte by de franje fen ’t tafelkleed
del en do ta ’t iepen finster út. Fissy Fossy Fo kuijere him twisken de
bienige fingers troch, der ynienen gjin klam mear yn siet en Tynke
Tanke struide earnstich en stil de piper Forjit op syn keamerdrompel,
det er noait wer ’t paed fine scoe nei ’t lân fen forbylding. En do
earst wie dy rike man yn ’t greate hûs wirklik wier earm.
En der sieten nou de elfkes yn in frjemd tsjuster tún en gûlden alle
trije.
Mar Fissy Fossy Fo hjar fluitsje wie wer hiel en hja fluite en do kamen
der hiel stadich seis glimwjirmkes oankrûpen, twa by twa mei in
spoennen karke efter hjar oan. Der gyngen de elfkes do bidrukt yn
sitten en hja loeken hjar nei de stamme fen in âld wylgenmoes ta, der
alles ljocht en wille wie en in great feest fierd waerde. Der dânsen
wol tûzen nachtflinters yn lange rigen en de imerkes sieten yn ’t gêrs
en makken mesyk mei fluit en fioele en in greate swarte holder, dy
sloech de tromme. En de elfkes kamen wer hwet op ’t forhael en lytse
Moeleintsje praette as in alk mei in âlde nachtflinter, sa swart as in
roek en sa âld as in minske. Tynke Tanke allinne, dy siet der stil by
mei de hantsjes om ’t smaragden doazke, der de twa peareltsjes lok yn
leine.
„Jimm’ moatte jimm’ for de minsken wachtsje,” sei de flinter wiis. „Hja
binne wreed en ûndogens. Hja knipe it moaije dea...”
„Ja,” sei lytse Moeleintsje, „der ha ’k ûnderfining fen,” en hja wiisde
him de smartlape fen in swypslach yn ’t skimerige ljocht fen it
glimhout.
„Kom mar mei,” sei er, „der is ried for,” en hja gyngen mei inoar, al
de nachtflinterkes en al de imerkes en al de elfkes nei in lyts húske
ta yn ’t lân. Der wenne in fromminsk sa wiis, as der nimmen wer west
hat en hja wosk lytse Moeleintsje mei hjilwetter en hja joech de elfkes
nije skoentsjes om oan to tsjen en in nij sulveren weintsje om yn to
riden en hja koe hjar dy nachts ek wol bêdzje, sei hja en hja sliepten
op bedtsjes fen miedepûske-plom en krigen tekkentsjes oer fen fjûrreade
side.
En it waerde wer dei en hja krigen nije moed.
En Fissy Fossy Fo rôp trije greate dragers en dy moasten it weintsje do
lûke, mar dy wierne net sa sterk en dy waerden warrich, do-t hja oer in
great wetter scoene. En de jageline briek en it nije weintsje mei de
trije elfkes kaem op de brûzjende weagen tolânne. Hja dûkelen ûnder en
rekken wer boppe en hja scoene hast dea-gien wêze, mar do seach Fissy
Fossy Fo in reid en dy hinge moi leech en der kroepen hja do alle trije
by op. En sa klûmmeren hja der de hiele moarn om en do kaem der in
earrebarre oanfleanen en dy seach hjar, wylst er om kikkerts sochte en
naem hjar op syn rêch mei nei de groun ta. En do roanen se as ljipkes,
om wer waerm to wirden.
En do-t se hiel fier roan hiene, kamen se by in great bosk en der
stiene beammen yn fen hûnderten jierren âld en dy diene neat oars as
skodholjen tsjin ’e wyn dy-t derten út it Suden kaem. En dwers troch dy
bosk roan in leane, der wenne de skimerjoun, dy-t nea de dei kend hat
en der stringelen de beamtokken om inoar hinne as tûzen innige
frjeonskippen. Der gyngen de lytse elfkes sitten to neipraten oer hjar
ûnderfinings ûnder in hiele greate poddestoel, dy stie wiid-waech oer
hjar út as in fjûrread sinneskerm.
En do-t hja der sa sieten, tynden der yn ’e fierte út ’e skaden fen ’e
leane twa stippen, dy-t yn it ljocht oproanen op hjar ta. It wierne
minsken en de elfkes fielden it, hja hearden by de simmer fen ’e bosk
as de sinne by de dei. Hja waerden al greater en greater der twisken dy
âlde beammen... de skimerjoun liet hjar los en de ljochte dei streake
mei syn glâns oer syn brunens en hjar blondens.
En ûnder in hiele âlde linebeam, der bleauwne hja stean, in hiel set...
Hy seach hjar oan en hja him... ien amerij wierne se yn it lân fen
lok....
Tynke Tanke hie it smaragden doazke op ’e palm fen hjar hân en ynienen
sprang det fensels op mei in sulveren lûd en foel it wûndere ljacht fen
dy loaitsen yn ’t grien fen ’e smaragd. En sjoch! it waerde in pearel,
syn gelikens as de elfkes noch noait sjoen hiene!
Do fluite Fissy Fossy Fo for ’t lêst en bigroef do hjar fluitsje yn ’t
struwellehout. Der foun it gealtsje it en dy fluitet der nou op. Do-t
hja fluite, gounzen der trije wartebiters mei greate gazen wjukken
troch de loft en seine noartsk: „Jimm’ ha ús roppen. Hwet woll’ jimm’?”
„Wy wolle ride en wy ha gjin wein, hwer binne hynsderkes op fjouweren
wol bislein?” sei Fissy Fossy Fo.
„Hjir,” gounzen de wartebiters en elkmis naem in elfke op syn rêch en
droech hjar nei de doar fen hjar sulveren hûs ta. Do krige Fissy Fossy
Fo hwet twisken tûmme en finger en striek der mei oer ’e lyfkes fen ’e
wartebiters. Der skitterje hja nou altyd noch sa moai fen as de sinne
der op skynt.
En de oare nachts, it wie Sinte Jan, joegen de elfkes hjar op in paed
nei de kening ta. Hja sieten nou prinshearlik yn in forgulden
draechkoetske en fjouwer jonge ûlen droegen det en twa foarfleaners
fleagen foarút mei liende Sint Elmusfjûrfonkjes yn lantearntsjes mei
kleurde ruten.
Do-t se by de kening kamen, siet de dichter der al wer to jimmetiten en
de kening spande krekt mei eigen hân in nije gouden snaer op syn âlde
harpe. En dy joech letter lûd, det, do de dichter al lang wei wie,
mienden de minsken, hy song noch altyd troch. Mar it wie syn siel, do
song noch nei yn syn sang. Sá keninklik bileane de kening him.
De foarfleaners kamen del en de ûlen en de elfkes wipten ta ’t koetske
út.
„Wy ha ús ierdereis dien,” sei Fissy Fossy Fo en bûgde it kopke as in
roazeblêd foar de machtige kening.
„En hiel hwet sjoen,” sei lytse Moeleintsje en die forslach. ’t Mûltsje
gyng as in rattelblom.
„En habbe jimme it lok foun?” frege de kening einliks en to ’n lêsten.
„Ja wy!” rôpen se alle trije tagelyk en Tynke Tanke hâldde him it
smaragden doazke foar.
Hy die ’t op. Der leine neat oars yn as trije greate triennen en dy
waerden al lytser en lytser en do wie ’t doazke leech.
„Hwet ’s det?” sei de kening stoef. „Hwa hat jimm’ eagen sa bigûchele
der op dy ûndogense ierde?”
Noait scil in elfke ien ljeagen oer ’e lippen komme en gûlende-wei
fortelden se de kening it finen fen hjar pearels en ho bliid se der ta
west hiene. „Sjoch,” sei hy, „jimm’ binne by it echte lok lâns gien yn
in lyts húske by de rike man syn wente. Dy earme man hat krekt
genôch... gjin bigearte groeit yn syn hert. Alle dagen wardearret hy
syn lok troch flitigens en in goed sin. En syn hert set er op gjin
ding. Sa scil er ek gjin smert ha, as er skiede moat. Det wie de
pearel, dy-t jimm’ ha moasten.”
Do gûlden de elfkes en de dichter gûlde mei, hwent hy fielde, hwet der
yn hjar hertkes omgyng. En hy stimde syn nije gouden snaer en hy song
de birêsting yn hjar earme lytse herten en do striek de kening mei syn
wize hân hjar oer ’e eagen en it wrede oantinken oan hjar ierdereis
foel fen hjar ôf as ’t stof fen minskeklean.
Noait ha se wer nei de ierde taeld by dei en as hja hjar wer forfele,
den komt de dichter en sjongt nije sangen op syn âlde harpe.
En de wyn en ’e weagen harkje mei en it sulveren elfkehûs leit yn
ljochtmoannewaer to blinken, djip op ’e boom fen ’e mar...