IT SNOADE JONKJE.

Der wie ris in kening en dy hie ien dochter en trije soannen. It famke

telde noch net mei, hwent dy wie noch lyts, mar de soannen! nuvere

bysfeinten wierne det, rare potsjemakkers! Hokker mâlle fiten as se wol

net úthellen, der wie de ein fen wei. Sims gyng it wol ris hwet oer de

hege skoen, mar it folk kniep ornaris in each ticht, hwent hja wierne

ek al wer goederjowsk boppe mjitte en as ’t der op oan kaem, wierne de

fiten wol bryk, mar noait gemien en nimmen hie der skea fen as de ljue,

dy der wiilemoeds ynroanen. Dy-t de weach naem, moast den ek mar de

útslach bilije doare.

De winter wie det jier bare lang en alle minsken forfeelden hjar ta de

teannen út. De kening die neat oars as gapjen de hiele dei en de

soannen spilen ek net swak by. Bergen fen boeken leine om hjar hinne,

hja taelden der net nei, lietsjesjongers kamen by de fleet en galmen it

hiele paleis by inoar, de kening treau boomwolle yn ’e earen en liet de

doarren op ’t slot dwaen, greate learden woene him út prachtige nije

boeken foarlêze, hja waerden ôfstegere mei in pong fol jild en in great

ridderkrús en makken hânsum, det se wer foartkamen, do-t se de kening

en de prinsen mar seagen. Hwent dy seagen sa prot det en hjar mâl sin

stie spand op ’t springen ta.

Do kaem it prinseske op in dei ta de doar yn en wylt se der sa stie en

hjar heit seach en de broerren, allegearre as moalsekken om ’e hird,

sei se ynienen:

„To heit, jow nou de riedsels ris op fen Nane-moi.”

„Hea ja,” sei de kening, „der seistû my hwet, fanke, det hast my út it

brein weiharke. Foartdaedlik scil ’k alle prikken yn ’t wirk stelle en

yn nije wike scil ’t ha.”

It prinseske wie wakker op ’t snjit, det se de kening sa ’n goede ried

jown hie en formakke hjar der tige mei, hwa it winne scoe, hwent it

rieden scoe frij wêze for alle folk, heech en leech en de earste priis

scoe in sulveren wikseldaelder wêze, der koe min yn ’t hiele ryk alles

mei ynruilje, hwer min mar sin oan hie en det in wike lang en de twadde

priis scoe de moaijste faem wêze, dy-t der mar to finen wie en dy de

kening sels útrisse scoe mei alles, hwet der mar yn in húshâlding to

pas komt.

Mar dy-t it net woan en det wie in rare snuver! dy moast in healjier

nei de minen ta en der sûnder deihier arbeidzje det hiele lange skoft

for de kening. It wie in bilechje fen de trije prinsen, mar de kening

wie der ek lang net fij fen. It griisde it prinseske al hwet oan, hwent

nou scoene de minsken wol by mennichten nei de minen moatte, mar it wie

ek al wer tige snoad fen heit, hwent it spande altyd danich, om der

folk hinne to krijen en nou gyng it licht wol hast fensels.

Gjin minske forfeelde him nou mear yn dy kening syn ryk, alle minsken

wierne sa wekker as in mûs yn in tsiispakhús sûnder kat. Min hie gjin

oar praet mear, de minsken streamden de oare deis al to foet en op ’t

hynsder en yn moaije weintsjes nei de sted ta, om der dochs mar gau by

to wêzen, as de kening syn riedsels sei.

It wie in wike letter, do gyngen de gouden doarren fen ’t paleis op en

alle folk mocht der yn. It like suver in swarte stream, dy-t ta dy

gouden doarren yngjalpe. De kening en de prinsen forknypten hjar fen

laeitsjen. De kening hie de hiele wike al net mear gappe, hy moast

fierst tofolle prate en neitinke.

En sa siet ’r der op syn gouden troan en do-t optlêst alle minsken,

dy-t riede woene en alle taharkers ta de doarren yn wierne, flapten dy

ticht. It wie sa fier.

Min koe wol in spin op in spinrêch rinnen hearre, sa stil wie ’t.

En do sei de kening it earste riedsel:

„Trije mânljue roanen om ’t hirdst nei de sted,

„Hokker wie der earst?”

En in ryksbaron, in hiele hege oome, hâldde de wikseldaelder oan in

swier sulveren ket yn ’e hichte. De minsken seagen hjar de eagen hast

út de holle.

En do kaem der út in syddoar de moaijste faem fen it hiele ryk

oankuierjen. Hja hie in kroan fen goud op ’e holle en in kleed fen side

oan en trije mânljue droegen hjar greate koerren, optaest fol fen

kostlikheit, efternei.

„O!” seine alle minsken en it wie krekt, as tongere it, mar de frouljue

húnden se en seine: „Is det sa ’n moaijen? Nou ús kening is ek

steksjoggerich, it roait wâl noch kant”. Hja bistoaren it hast fen

spyt.

„Stiltme!” trommele in man op in greate trom en do kaem der wer hwet

oars. Op ’e wei seach min in keppel skoane kij foarby skonkjen, in

swart hynsder, in keppeltsje skiep en in fet baerch, dy-t der oer

wraggele as in Krystgoes. Jonge! jonge! scoe ’t wetter yen net om ’e

tosken rinne? seine de ljue. Det allegear to winnen! En hja waerden

suver pûr.

Do kaem it lêste en hja seagen allegear nau ta, hwent in hege hear

hâldde in lytse sulveren bos yn ’e hichte, der siet it andert op ’e

riedsels yn. En nimmen oars as de kening sels en Nane-moi út de bosk

wisten dy.

In dryst jongkearel, in krol swart bosk hier op ’e kop en in greate

hirdfeger ûnder de noas, stiek de finger op en sei lûd en perfoastich

wei:

„Ik wit it, o kening!” En hy sei it. De kening gnyske efkes fyntsjes.

It wie mis. De jongkearel scoe him omkeare en gau foart, mar fjouwer

tsjinders pakten him by ’t nekfel en sa derút. En sa gyng ’t wol mei

tweintich en noch wol mear. In hiele bulte waerden binaud en slûpten

foart, optlêst bleauwne der mar sa ’n stik twa foar de troane stean, in

âld man en in jonkje fen sa ’n jier ef toalve.

„Moast dû ek noch riede?” sei de prinsesse, dy-t it om him bigrutte. Hy

hie der al sa lang stien en dimmen en froed de oaren allegear foargean

litten, nou ansens wie ’t on ef even en as se tocht, det hy nou licht

ek wol nei de minen ta moast, den waerde it hjar nuvere frjemd om ’t

hert. Hie se mar witten, ho-t it andert wie, den scoe se it wol

útfikelearje kind ha, om him to helpen, mar heit hie ’t nimmen forteld.

De âld man syn andert roaide ek wer wâl noch kant en stilwei joech hy

him nei de soldaten ta, om syn lot to ûndergean. Do wonk de kening en

hy bleau stean. „Dû bist to âld, om noch by in oar yn tsjinst to

kommen. Gien nei hûs en it húske, derstû oars to hier yn wennest, jow

ik dy. Dû bist in tûken boer, mar ta riedselman doochstû net,” sei de

kening.

De man foel op ’e knibbels del, sa bliid wie ’r en hy tútte de seame

fen de mantel fen ’e kening. En do makke ’r det ’r foart kaem.

It jonkje bleau allinne stean.... foar him de greate kening en al syn

hege steat, om him hinne it folk. Biskieden wachte hy, det de kening

hwet sizze scoe.

Dy biseach him op en del. „Dû likest Lyts Tûmke wol,” sei ’r en nikte

him frjeonlik ta.

„Net, hwet ik lykje, mar hwet ik bin, makket my,” andere it jonkje

sêft.

„Wistû it riedsel?” frege de kening. En hy woe wol hûndert goune jaen,

as dizze jonge it rette, sa graech mocht ’r him al lije.

„Ik hoopje der eat fen witte to meijen.”

„Nou den, harkje,” en de kening sei noch ris wer:

„Trije manljue roanen om ’t hirdst nei de sted,

„Hokker wie der earst?”

„Dy-t de langste skonken hie,” sei it jonkje.

„Det is redt!” rôp de kening bliid en it andert kaem út de bos en

sjoch! it wie fen ’t selde.

„Wel noch ta, dû bist sa snoad as roet,” prize de kening en hy hinge

him sels de wikseldaelder om ’t meagere halske.

De minsken waerden sa oerstjûr, det hja raesden it út fen „libje ús

kening yn macht en hearlikheit!” en fiif tromslaggers kamen der nou by

to pas, om oarder to skaffen en it dûrre wol in ketier, eart elts him

stilhâlde.

Nou kaem it twadde riedsel en de minsken harken mei saun pear earen. En

dit riedsel wie sa:

Trije skippen farden oer de wide, wide sé,

Nei in fiere frjemde ré,

Mar gjin ien dy kaem der oan,

By it daegjen fen de moarn,

Hokker is den ’t earste sonken?

De hege en wize hearen woene hjar net troch sa ’n jonge oer staek sette

litte en kamen der nou permantich by kloftsjes op ta. Mar ’t gyng wer

mis, altyd wer mis. It like suver wol tsjoenderij. En djip yn hjar hert

hopen in patty minsken en de kening sels ek en de prinsesse, it jonkje

scoe it wer winne.

Optlêst stie hy der wer allinne foar.... al de oaren hjar foarlân wie

wer de minen en nou wierne der wol sa ’n tritich fen dy ongeloksfûgels.

„Is der nou nimmen mear for dit twadde riedsel as dit jonkje?” liet de

kening freegje. Mar nimmen oppeneare him. Dit wie ommers noch folle

slimmer as it earste.

„Mochste it ek net riede,” sei de kening greatmoedich, „dû hâldst dochs

dyn earste priis en hoechste net nei de minen. Mar dit is slimmer

riedsel. Wêz dos goed op dyn openst. It scoe my moije, astû it forlieze

moast.”

„Der is mar ien riedsel yn ’e wrâld, det net to rieden is, oars alles

wol,” sei it jonkje sêft.

„Hwet seistû?” frege de kening forheard. „En hokker den?”

„It libben sels, o kening,” sei it jonkje. „De berte en de dea... der

is nimmen, dy-t det útlei wirdt en alle dei opnij wirdt dit riedsel ús

optreauwn yn ús libben dwaen en litten.”

„Dû praetste wiis, ik bisou der fen.”

„Hwet ik siz, is mar sa deagewoan,” sei it jonkje.

En do sei de kening noch ris:

Trije skippen farden oer de wide, wide sé,

Nei in fiere frjemde ré,

Mar gjin ien, dy kaem der oan,

By it daegjen fen de moarn,

Hokker is den ’t earste sonken?

En it jonkje andere wis: „Dy-t it earste lek wie.”

It wie al wer goed... Nou bleau it folk stil. Ho scoe it komme mei dy

moaije faem en hjar hiele habben en hâlden? Moast min net tinke, det in

heechlearde jongfeint it winne scild hie en nou sa ’n bern?

„It is dyn rjucht, nim se mei,” sei de kening.

„En ik wol wol graech,” sei de faem en gyng deun neist it jonkje stean.

[Illustration: „nim se mei,” sei de kening. „En ik wol wol graech,” sei

de faem]

„Hwet myn part is fen de keningspriis, wol ik oannimme,” bigoan it

jonkje, en de minsken harken sa, det hja doarsten hast net iens

sykhelje, „en det moaije fé allegearre liket my wol sa skoan ta. Mar in

minske syn lot doar ik net yn myn hânnen nimme. Det is keningsginst. Ik

lit jou frij, om to gean, hwer jy wolle, faem.”

Do bûgde dy moaije faem hjar foardel en tútte him op syn swarte gledde

jongeshier. Hy hie der wol net folle mei op, mar min moat yen fetsoen

biwarje kinne en derom bleau hy deastil stean, krekt sa lang, det se

him losliet en foart gyng.

Stadich gyng hy nei de kening ta en tanke him tige for de moaije

presinten. Mar hy wie to greatsk, om djip to bûgen en mear fen sokke

babbelegûchjes, mar do-t hy it prinseske foarby kaem om foart to gean,

nikte hy efkes. En sjoch! hja nikte bliid en bizich werom.

En sa joech hy him op reis nei hûs ta, de wikseldaelder om ’e hals en

de bisten en it hynsder en ’e fette baerch roanen him fensels efternei.

De baerch krimmeneare sims al hwet, hwent syn skonkjes wierne mar

koart, mar dochs kûrrele hy mei en alle minsken út ’e sted earst op in

distânzje der efteroan. Mar do-t it jounich waerde en kâld, gyngen se

werom.

Der barnde hjir en der al ris in lampe, do kamen se by it doarp, der hy

thús hearde. Foar in âld húske bleau hy stean, helle de kaei ûnder it

reid wei en die do it skûrdoarke op. Alle fé stapte der wiiswol ta ’n

yn, de bisten nei ’t bûthús ta en it hynsder op ’e stâl en koéske yn ’t

waerme strie yn ’t gol.

„Hwet scil Mem raer sjen!!” tocht it jonkje en hy gyng mei de

wikseldaelder om ’e hals nei de winkel ta, hwer se it greate nijs ek al

heard hiene en hy toaide der fen alles by inoar op ’e toanbank, hwet ’r

mar fine koe, iten en drinken en bistefoer en bargemoal en in waerme

wollen skelk for Mem en in krûdkoeke en trije poun bêste kofjebeanen,

folle en net genôch en do koft ’r in kroade en kroade bliid-wei de

hiele santepetryk nei hûs.

Mem rekke alhiel út de skroeven, do-t se dit allegearre seach, hja foel

hast fen hjar sels en optlêst bigoan se to gûlen, greatsk op hjar

snoade jonge en syn fortúnlikheit en bang, det se moarn alles

weromhelje scoene en it blike scoe, it hie in forsin west ef hja hie

alles dreamd, neat oars as dreamd!

En hja fielde ris op de bisten om, kaerde hjar gledde spekrêgen en

boarnde se sels, om mar ris echt to witten, as se wol drinke woene en

smiet se foer foar, ek al derom en it hynsder en ’e koés ek, dy-t fen

wylderigens in greate krol yn ’e stirt hie.

It wie in wûnder, mar it wie wier. It jonkje koft for de wikseldaelder

alle boeken, dy-t hy nedich hie en helle safolle jild út ’e sted, det

hy wol tsjien jier leare koe, hwent der hie hy mar sin oan. En syn Mem

joech hy alle fé presint en det waerde in hiele boerinne mei in faem en

twa feinten.—

Lange jieren letter krige hy tynge fen ’e kening, dy-t yn dy

twiskentiid in âld man waen wie, dy woe him yetteris sjen.

En do hy der kaem, jong en biskieden yn al syn leardens, gyng syn hert

iepen en krige hy him ljeaf as in soan, hwent syn eigen soannen, der

hie hy net folle wille fen bilibbe. Allinne de prinsesse, det wie syn

hertlapke, der wie hy o sa mâl mei. En hy woe wol... hy woe wol...

Mar hy wie in kening en hy sei neat oars, as det ’r freegje liet, det

de prefester hjoed noch ris mei him ite woe oan ’e keningstafel.

„De eare om út in goudene panne to iten, seit my neat,” andere de

prefester, „mar de frjeonskip fen myn kening, al scoe ’t in swolchfol

wetter wêze, det hy my bea, set ik heech.” Mar hy tochte om hiel hwet

oars, do-t hy det sei.

Hy waerde dy joune klaeid yn in koarte broek mei goudene gaspen en

sidene strikken, dy-t him by de kûten del bingelen en in swellestirtjas

krige hy oan, oer en oer mei goud binaeid. En op in readsiden kjessen

brocht in keamerhear him de heechste ridderoarde fen it lân, om op it

boarst to spjeldzjen as in geskink fen ’e kening: hwent macht en

wysheit ha altyd greate frjeonen west, liet hy der by sizze.

En hwa siet dy joune neist him? De prinsesse, nou in moai jongfaem en

hja hiene it tige nei ’t sin togearre en de prefester sei sokke

deagewoane domme dingen, det as hja it net witten hie, ho leard as ’r

wol net wie, den hie hy suver wol in gewoan minske wêze kind. En hja

winske, hja woe wol altyd by him wêze en net mear by it krûperige

hôffolk mei syn geflaei en gestryk.

En de joune let... it wie o sok moai waer... kuieren se togearre yn ’t

tún. Sa ’n moaije dei hie it noch noait west, tocht de prinsesse. En

hja suchte der fen.

„Suchten binn’ winsken,” sei de prefester hiel sêft, det nimmen oars as

de prinsesse en in bloeijende beam, hwer se ûnder stiene, it hearre

koe.

„En as det nou sa ris wie?” tante de prinsesse him mei in ljeaf glimke

fen hjar lyts mûltsje.

„For elts minske leit wol forfulling ré,” andere hy stadich en tepte

ien fen de moaijste blommen fen de beam en joech him hjar oer. Hja roek

der oan en stiek him do op hjar moaije sidene jûpe, hwer se hjar hertke

tikjen fielde.

„Sa ’n blom heart tichte by myn hert,” sei se en sloech de eagen

foardel. It wie as in riedsel, mar de prefester wie in tûken ien, det

dit riedsel hie hy ek sa mar klear.

Der waerde in brilloft fierd, sa ’s noch noait sa moai en hja libben

sechstich jier lang en lokkich mei inoar.—

Twiljocht-teltsjes · 第 7 / 22 题