En hja hearden syn winsk.—

Do-t kening Amare âld wie en sêd fen it sjoene, it kostlike blau fen

syn eagen mei de dize fen de âlderdom oertein, de hearlikens fen syn

smelle wite hânnen bitoarre ta hwet fel en bonkjes, seach ’r op in

skimerjoun noch ris de frjemde fûgel op him tafleanen.

Mei in droef glimke seach ’r it. Och, hy koe net mear fleane, it

hantsjefol stof scoe allinne mar mear sakje kinne yn in grêf.

Mar de greate fûgel streake him aloan wei mei de útein fen ’e wjukken

by de sliepen lâns. „Sa binn’ dyn hânnen faken yn ljeafde oer alle

dieren gien, sa hastû earmen en swakken treaste, sa scilstû sels nou ek

treaste wirde, Amare, yn dyn droeve ûren,” sei ’r sêft en hâldde oan

mei syn stadich gestryk.

En kening Amare syn siel dreau stadich wer foart nei de oarde twisken

libben en dead, dy-t min sliep neamt en de frjemde fûgel biselskippe

him wer.

Hy hime en suchte... o it spande sa, det syn wjukken wer groeiden,

krekt as waerde hy mei in fine sterke tried fêsthâlden oan ’e ierde,

oan syn sibben, oan syn lân, oan syn âld tún mei de goudfiskfiver.

De greate fûgel stie deun neist him. Amare tocht, hy hie noch nea sa

moai west. En mei syn hiele âlde herte ljeave hy him noch krekt like

folle as yn syn jonge jierren, do-t hy noch neat oars wie as Amare, it

lytse prinske, det foar it greate libben stie as foar in tichte doar.

De greate fûgel stie deun neist him to sêft forwegen mei de wjuk en

wachte... wachte...

Hy wachte lang... En einliks, der krige de âlde kening Amare noch ris

wer de kreft om him to forheffen boppe de ierde. De wjukken wierne nou

sterker en droegen him lang en fier.

En in tinne sidene tried wyndere him efternei.

Dy waerde al tinder en tinder, einliks as in spinrêchje waerde se efter

him oan, efter ’e âlde kening Amare en ’e greate, frjemde fûgel.

Der út de dize wei kaem mei in priel as de moarntiid selme it frjemde

lân wer opsetten. It tynde! o it tynde stadich yn hearlikheit!

Hielendal yn ’e blydskip fen det sjen forsonken, roerden de âlde

foetten fen kening Amare wer groun.

„Knap troch!” sei in frjemd lûd fen ’e griene brêge oer de fiver fol

reade en wite swânneblommen.

En de tried, dy-t mar mear in spinrêch wie, is britsen.

Twiljocht-teltsjes · 第 5 / 22 题