IT PRINSKE AMARE.

Der wie ris in kening en dy hie mar ien ienichste soan, in hiel lyts

jonkje mei hantsjes as fyn peslein en hierren sa bloun as goudspoanne

tried en eagen sa blau as in mar op simmermiddei. En hy gyng sa sêft

oer de ierde mei syn lytse foetsjes yn ’e puntige gouden skoentsjes,

krekt as gyng der in Sudersigentsje oer in blombed, as der to bloeijen

stiet al det mar bloeije wol. De pauwen kuieren foar him út en de

lamkes roanen him nei, hwersanne as ’r gyng, alle fûgeltsjes, dy sjonge

koene, setten op him ta as se syn gouden hier mar skimerjen seagen en

flodderen bliid boppe syn holle, selst de âlde swarte mûzekat, dy

greate gemiene smycht, stapte him mei in plechtich ynfieren gesicht

efternei, striek de snoarren op, sette de stirt frjeonlik omhegens en

taelde net nei de fûgels om him hinne. Hwer Amare kuiere, wie ’t frede,

de blommen nikten him dach en de wyn gyng bliid-rûzjende mei him oer de

beamtoppen en reaunte fen fiere reizen en frjemde fortelsels. En sa

kuiere Amare alle dei de tunen fen ’t paleis yn ’t roun, allerhânne

soarte fen dieren altyd om him hinne, njuden en wylden, kleurden en

effenen, gemienen en earliken, krekt as yn ’t greate minskelibben, elts

nei syn aerd, de arke fen Noäch. En omt se allegear sa mâl mei him

wierne, kreauwden se net, al stie ’t sin der sims ek tige nei, hwent

den wisten se wol, den waerden se weiband út dizze oarde en mochten

noait! noait! werom komme en meigean to kuierjen.

Optlêst, as ’r ynein wie fen ’t kuierjen en boartsjen yn dy greate,

hearlike tún, den gyng ’r sitten by de goudfiskfiver en stoarre yn it

kleare wetter. Det mocht ’r graech dwaen. Seach ’r der de loft net yn?

en de wolkens, dy wûndere wite skippen, al mar silende en der gjin

minske de haven fen wyt? Seach ’r der net de sinne yn blierkjen? En de

roazen en de earrebarreblommen yn bloeijen, dy-t hjar sa fier oer ’e

rânne bûgden, krekt as wierne se sels ek al nijsgjirrich, om hjar eigen

moaijens to sjen?

Ienkear yn skimerjoun siet hy der wer. Ticht by him wierne se dwaende,

om de feestlampen op to stekken en op greate sulveren standers skalen

mei wijrook del to setten om to barnen ta eare fen de dei, hwent heite

jierdei wie ’t hjoed. Amare hearde it mesyk spyljen en de fluiten en de

fioelen, mar hy hie mear aerdichheit oan ’t oargeltsje fen in

nachtegeal yn ’t boskje deun by him. Hy koe him krekt sjen troch in

glopke yn ’e bledden, den nikte it fine kopke him wer ta en den song ’r

wer.

En Amare harke ’r nei en syn siel dreau stadich foart nei de oarde

twisken libben en dead, dy-t min sliep neamt en hwer de kristallene

paleizen binne fen Nimmens-Eindom en Faek-Bigeard en ’e hearlike wegen

fen Rin-nei-it-Lok en Nim-dyn-Part. Nei det wûndere lân reisge Amare dy

simmerjoune, wylst syn heit it jierdeifeest joech mei alle gleone

lampen op en de geal op syn lyts oargeltsje spile ta lof fen syn

Skepper.

En omt ’r altyd biselskippe wie fen allerhânne djiert, reisge der nou

ek ien mei him. En det wie in greate moaije fûgel, kostliker as ’r ea

yn syn libben sjoen hie. Syn hals en syn rêch wierne blijread en syn

lyfke en boarstke snikwyt en de stirt, der lei in sulverglâns op, o

noch folle moaijer as de glâns fen mem hjar keningsmantel en op syn

kopke hie hy in sulveren túfke, suver in kroantsje. En de fûgel

wjukkele hwet om him hinne en do fleach ’r op.

„Kom nou,” noade ’r frjeonlik.

En Amare fleach mei, lytse gazene wjukjes oan syn skouderkes, heech de

loft yn, fier foart....

En hja kamen yn in great stil lân. Der wie gjin lûd en gjin wyn, in

hearlike stiltme for earme mishânnele minskeëaren. En ’e sinne skynde

der sa prachtich út in opalene loft en sokke frjemde blommen as ’r der

seach, hy taeste en fielde ’r nei mei syn hantsjes en sjoch! hja wierne

net fen sûker ef sa, mar echte blommen en gjin sabeare guont en hja

rûken o! as tûzen mûskeblommen op ien stuit. En der wie in wiid wetter,

der roan in brêge oer mei in bôge fen griene flonkerstien en op it

wetter lei it fol fen reade en wite swânneblommen, wol fyfteris sa

great as by hjar thuses. En de hearlikste geuren kamen op him ta en hy

krige ’r gjin pine yn ’e holle fen lyk as sims wol fen dy wijrook.

Hy stie mar to sjen en to sjen en sloech de lytse hantsjes yn inoar.

Hwet joech det in lûd! De swânneblommen bigoanen to forwegen en út elts

wipte in elfke en kaem oer ’e griene brêge op him tarinnen, de beammen

bigoanen súntsjes to waeijen, de colibry’s fleagen by kloftsjes op him

ta en in hiele optocht fen dwergjes kaem út in boskje wei en spyljende

wei op him yn. Moaije fluitsjes hiene se fen goud en sulver en guont

hiene der belderkes oan en lytse klokjes en det gyng mar fen klingerde

klinger tra là tra là. Amare sprong fen blydskip op en del, hwet in

boarterkes, hwet in wille!

En hy bitaeste alles mei syn teare fingerkes, hwent hy koe ’t hast net

leauwe, as alles wol libben en wier wie. En hy fielde it hertke tikjen

fen de colibry’s, dy-t him sa mar op ’t skouder en ’e earm sitten

gyngen en as lytse fjûrfonkjes yn ’e sinne skitteren en hy dânse mei de

elfkes en mocht op ’e fluitsjes blaze fen de dwergjes, dy-t om him

hinne stiene en him op en del oanseagen en hy iet lekkers út de

koerkes, dy-t se foar him delsetten, stikjes hunich sa great as syn

neil en beikes fen tsjien yn ien fingerhoed en hy mocht blommemôlke

drinke út kamperfoeljeblommen.

De greate fûgel stie der mar by en dy lake. „Lit it dy mar goed

smeitsje, prinske, yn ’t lân fen ’e fantasij is alles goed.”

En do kamen der noch oare muzikanten, seis kikkerts yn griengoudene

uniformen en in greate krobbe fen in tromslagger, o in reus wie ’t! en

do dânsen se. En Amare ek mei fensels, dy spile net swak by,

„Kom,” sei de frjemde fûgel op ’t lêst, „nou gien’ wy wer nei hûs. Dû

moast hjir net to lang bliûwe, prinske fen myn hert, hwent efter it lân

fen fantasije leit de bosk fen ’e dwylsin. ’k Scoe for gjin jild wolle,

detst der ea tolânne kaemst.”

En de wjukjes oan syn skouderkes woanen wer oan en de stille, frjemde

wrâld fen it koart fortoef sonk wer wei yn ’e disige fierte. En Amare

waerde wer wekker by syn goudfiskfiver.

[Illustration: en de fûgel wjukkele hwet om him hinne]

Hy gyng noch faken mei dy frjemde fûgel nei it lân fen fantasije, mar

do-t hy âlder waerde, hie hy der hast gjin tiid mear for. Hy hinge de

hiele dei oer tsjokke boeken to learen en hie der jouns gjin sin mear

oan, om mei dy moaije, frjemde fûgel òp te fleanen nei frjemde lânnen

ta. En do-t hy great waerde, strûpte it lot him de izeren sylbeage fen

moatten en tsjinsin oan. De minsken neamden it in kroaning. Stadich

groeide der om syn dichtersiel in koarste fen deistich bidriûw en noait

dien, de moaije, frjemde fûgel fleach foart út syn contreinen en Amare

waerde in kening en in deagewoan minskebern.

Mar hy bleau mâl mei al it djiert, det der mar op ierde omwrimelt. Hy

skafte de jacht ôf en joech de jagers elkmis in stik lân en in

kaptaeltsje, om in affearen to bigjinnen, de loaie finkefangers moasten

om oar wirk siikje en de bern, dy-t dierkes pleagen of nêsten úthellen,

bande ’r foargoed fen alle skoalfeesten. Al lypten se ek noch sa... al

skriemden se hjar ek hast ta wetter, de wet fen de kening, der waerde

de hân oan hâlden.

Nimmen yn ’e hiele wrâld wiste der fen, hokker moaije dreamen en

frjemde reizen hy wol net yn syn jonkheit dien hie en sims tochte hy yn

in stil jounskoft wol ris: Scoe ’t ek allegearre in dream wêze kind ha

en den woe ’r wol, det ’r noch lyts wie en noch ienris sa dreame mocht,

noch ienris....

Mar dy-t de goaden marke, dogge se it foargoed. Uterlik en inerlik. It

mark meij forgroeije, alhiel wei wirdt it noait wer....

Twiljocht-teltsjes · 第 4 / 22 题