JENNEPUT.

Der wie ris in âld wyfke en dy hie neat oars as ien lyts geitsje.

Sniewyt wie ’t mei kliene skonkjes en moaije tinne earkes en goedlike

eachjes en it hjitte Jenneput. Ho-t it sa kaem, det it Jenneput hjitte,

wit ik net, mar de saek lei der sa ta.

It âld wyfke wenne hielendal allinne op de heide en Jenneput wenne der

by hjar en mocht boartsje, hwer ’t ’r mar woe, mar jouns den kaem ’r

oan in grou tsjur mei in spit fen izer en den moast ’r op it hiemke

bliûwe. Hy stie den wol ris op syn efterste poatsjes en blêdte in skoft

earmoedich, mar it âld wyfke liet him betien en skoatele de doar en

gyng op bêd. En Jenneput joech him den ek al gau del yn ’e smoute fen

’t âld hok en yn ljochtmoanne waer like syn wite feltsje suver in

klobke snie, as ’r sa oprôlle yn in hoekje lei.

En moarns, o hwet wie ’r bliid, as de frou der oan kaem mei ’t

môlkammerke! Hy bislikke hjar hânnen en roek oan hjar rôk en skripte

krekt sa lang, as ’r de bûse foun ûnder de skelk en syn timpe brea. En

mei syn lytse wite biterkes pluze ’r it den lekker op en stie sa stil

as in mûske. Den kaem it spit út de groun en ’t tsjur los en Jenneput

sprong mei in swaei op it striebultsje efterhûs en postuerde him der sa

mâl, det it âld wyfke glimke der fen. Laeitsje koe se net mear, det hie

it leed hjar forleard.

Op in goede dei sei se tsjin Jenneput: „Nou moat ik hjoed de hiele dei

foart. Fêstsette kin ik dy net, dû scoest dy forhingje kinne en yn ’t

hok is ek gjin dwaen fenwegen de waermte. Ik scil dy dos frij rinne

litte. Scilst gjin geitsjekwea útheve en fetsoenlik thúskomme, as ik dy

joun rop?”

Jenneput nikte earnstich mei syn lyts hierrich kopke. „Ik scil net

ûndôgens wêze,” ûnthjitte ’r mei bliid geblêdt, „en bliûwe by honk.”

De frou pakte de geitesyskes yn ’e braskoer en it wjirmkrûd en ’e

balsem en ’e hounebeistal en ’e kamilleblommen, hwent hja wie in

krûdesykster fen hjar affearen en joech hjar ôf yn ’e moaije moarn. De

fûgels songene om hjar hinne, de sinne skynde op hjar âld tipmûtske en

yn ’e sleat, hwer hja by lâns roan, hearde hja it gerissel fen in

einemem mei pilen yn ’e rûchte fen ’e ûnderwâl. En it roek ’r, it roek

’r! alle hearlike geuren fen ’e maitiid op ien stuit!

’t Ald wyfke bleau efkes stilstean to sjen, in lyts minskje yn ’t wiid

rounom fen wetter, loft en ierde, alles yn syn aldermoaijste toai.

Ticht oan hjar lâns yn in wiid wetter sylde in skip mei in wyt seil en

in flagge yn top en fierder ôf kamen ’r noch twa oaren oan, ien mei in

brún en ien mei in sangen seil, sa moai as ’t wyfke noch noait sjoen

hie. De wyn blies der yn en nou stie it út yn al syn pracht en der

bigoan fen ’e mêst in wimpel to waeijen, in goudene. lt wyfke seach

hjar de eagen hast út de holle en roan sa hird as hja koe, nei det wide

wetter ta. De braskoer wipte op en del en de skoen rekken der by út...

Sa stie hja der by de wâl en seach det keninklike skip foarby farren

mei syn tugaezje fen poarper en goud en syn touwen fen klearebare

side... En hja seach der mar ien man op, in greate, swiere, swarte man

oan ’t roer. En fenwegen al dy hearlikheit rekke hja alhiel oerstjûr en

hja wiûwde mei hjar hân nei dy man oan ’t roer in bliid goe-moarn!

En hy wiûwde werom, ta twaris ta, mar syn antlit bleau stoef. En it

skip waerde wei oan ’e ljochte einder en it wyfke joech hjar ôf en

prakkeseare hjar hast staf, hokker reizger det wol wêze koe, dy-t der

sa ier yn de moarn op ôfstiek mei sa ’n pracht.

Lang om let—hwent o it wie sa ’n ein! kaem se yn ’e stêd en forkoft de

tsyskes en ’e krûden en laedde do de braskoer fol mei winkelwaren en in

pak kjersen en Jenneput, der koft se in boskje lekkere, swiete

woarteltsjes for. En sa skonke se wer nei hûs, aerdich stadiger as yn

’e hinnereis, hwent hjar âlde skonken waerden warrich fen ’t ein gean.

De sinne wie al ûnder, do kaem se thús. De skelfink fluite yn ’t hôfke,

poeke rekte him út yn ’t finsterbank en kaem bliid miaukjend op hjar ta

en streake om hjar hinne. Mar Jenneput, hwer wie dy? Nearne to sjen en

hja koe oars fier sjen, hwent de neiste bûrljue wennen wol in healûre

fen hjar ôf.

„Jenneput!” rôp hja binaud. Mar och, hjar âld lûd droech net fier mear.

En hja rôp noch ris om Jenneput en noch ris, mar it moaije wite geitsje

seach se op gjin fjilden noch wegen. Hja dronk in pear swolchjefollen

môlke en biet yn it boltsje, mar hja koe ’t iten der hast net

trochkrije. Hja smiet de skoen út en skoerde de heakken en oezen fen ’t

nije jak by twaën en trijen los, it âld jak oan en de klompen, sa roan

se it lân út, om Jenneput to siikjen.

Earst nei ’t poeltsje, der boarte ’r faken ef lei ’r op ’e knibbeltsjes

by to drinken. Neat. Do nei de dyk, det wie al sa ’n boartershoekje.

Utriden oan alle kanten fen syn foetsjes, selst de beamwoartels bleat

en de tûken keal fretten, mar gjin Jenneput Op ’t lêst nei ’t

spjirreboskje, hwer ’r faek om middei hinne syn hael socht yn ’t skaed.

It waerd der al tsjuster ûnder ’e hege beammen en foksen en wezelingen

seagen hjar al mei greate kralerige útsljipte eagen oan, krekt as laken

hja hjar út, mar gjin Jenneput to bikennen. Do waerde it hjar

krappernôch en hja bigoan to skriemen, dêr lykme allinne yn ’e greate

bosk mei hjar yneine trochroanne foetten.

En hja gyng bidrukt werom en gûlende op bêd en sleepte Jenneput syn

tsjur en tou mei yn ’e hûs en roek ’r oan as hwet ljeafs. Krekt as roek

se it sêfte wite lyfke en aeide de hierkes en seach him yn ’e ljeave

goede eachjes. Mar Jenneput sels wie der net mear, by syn âld frou.

De oare deis socht se al wer en die neifraech by de bûrljue. Dy makken

hjar der sahwet ôf en hja wie in snoad wyfke, dy-t wol wiste, hwer

Abram de moster weihelle hie en hja tocht hjar eigen. En dy nachts gyng

hja net op bêd, krige al hjar jild út it kammenet, stiek in brogge mei

spek yn ’e bûs en in pear apels for de toarst en ear ’t de dage oer ’e

loft gyng, sette se de stap derûnder nei de fiere, greate stêd ta.

Gjinien fen de bûrljue hie hjar sjoen, dy wierne loai, dy leine noch op

ien ear. En sa gyng hja nei de fiere greate stêd, der it hjoed

wykmerkdei wêze scoe en tocht om neat oars as om Jenneput.

[Illustration: as de frou der oankaem mei ’t môlkammerke!]

En Jenneput tocht ek om hjar en gûlde greate geitetrientsjes, hwent hy

hie ’t o sa min en siet yn in lyts fiis hok fol âld izer en fodden en

kouwehûden en kattefellen en alles, hwet mar raer wie. Der wie ek in

lilke hoanne en in protte greate hinnen mei gemiene skerpe poaten en

bosken fear der oan en dy narren en hunen him en de hoanne dy fleach

him op ’e rêch en kuijere der op om. En de hinnen formakken hjar en

gnysken en keakelen. Der wierne ek in stik ef hwet stellene keninen en

ien, in moaije Brabander mei lange sloppe earen en prachtige reade

eachjes, hie bigreatsjen mei him en rearde frjeonskiplik mei syn

poatsje oan him lâns en joech him tomûk in bekjefol iten, hwent hy hie

al twa dagen hongerlappe. Syn eachjes stiene flau en syn bekje waerd sa

spits as in mûske sines. O hwet moide it him, det ’r oerhearrich west

hie en syn ûnthjit net hâlden hie oan ’e frou. Hy scoe ’t noait wer

dwaen, noait! noait! en hy skopte fen forlangst nei frij sa fûleindich

tsjin ’t sket oan, det alle hinnen en ’e hoanne en ’e baerch en ’t

skiep bigoanen fen binaudens to skreauwen. Dêr fleach de doar op en de

baes bâlte: „Dy-t him de bek net hâldt, strûp ik as in kat. Foart

daedliken!”

Do wierne se allegearre ynienen stil, hwent strûpt to wirden, der hie

gjinien in bulte sin oan en Jenneput krige in raem fen ’t skiep:

„Scilst dy stilhâlde, jifferssik? Bist hjir ek al neat mear as in

ûnnoazele geit.”

Jenneput harke raer op: geit. De frou neamde him noait oars as sikje en

ljeafke en nou geit! geit..! Hy woe gjin geit wêze en raemde mei de

fine skerpe hoarntsjes it skiep yn ’e ljiske. De trewinkel kaem oan en

it skiep sei neat mear en foel oerside mei de poaten stiif. Krekt as

waerde ’r fen hout ynienen. Det seach de hoanne en fleach op ’e rêch

fen Jenneput en kraeide lûd en skel fen moart! moart! krekt sa lang, de

baes kaem wer en seach de skea. En hy smiet de hoanne en ’e hinnen hwet

foer foar, om se stil to krijen en hy pakte Jenneput by ’t tou, joech

him in skop, det hy fleach bûtedoar op it efterhiem en dêr siet ’r do

in ûre ef fjouwer to stúmjen en to forhongerjen.

Einliks der kaem dy smoarch kearel wer oan mei hjit sjipsop en in dweil

en hy waerd ôfrost en ôfspield en ôfdweile en do in moai wyt touwke oan

en sa nei ’t merk ta, altyd noch mei ’t lichte liif, lichtfirdich fen

honger en hy gûlde de hiele wei lâns. Och, och, hwet siet ’r yn ’e

lytse loege, dy ljeave wite Jenneput en hy stie to triljen twisken de

oare geitsjes, krekt as hie ’r de koarts yn ’t lyfke.

Hy waerde bifield en bitûmke, yn ’t bekje sjoen en nei ’t jaerke field,

faker as ienris, mar de keapers roanen lilk foart, as se de baes op

jild fergen en dy den de priis sei. Einliks kaem der in man en det wie

sa foartdaedlik mar klear. Jenneput seach ’t oan dy twa hjar eagen, hja

spilen ûnder ien hoed, heulden mei inoar yn ’t gemiene. En Jenneput wie

sa goed net, as hy moast meihippelje mei dy nije baes.

Sa kamen hja by de útgong. Der wie in hiele opskoerring. Hwet in

mennichte fen minsken! Hearren en sjen forgyng der yen by en boppe

alles út hearde Jenneput it lûd fen ’e frou: „Ik wol myn rjucht ha, myn

rjucht!, myn lytse Jenneput!” En alle minsken raesden op ’t lêst fen

Jenneput en de polysje kaem der by to pas, om oarder to skaffen. Dy

rearde de minsken rjuchts en lofts oan kant en op ’t lêst bleau ’t âld

wyfke allinne yn ’t foarmidden stean en neist hjar stie in greate

stoefe man, mar der hie Jenneput gjin kinde oan.

„Siz nou ris dúdlik en koart, hwet jy hjir moatte,” sei de man.

„Ik moat myn geitsje werom ha. Earder gien ’k hjir net wei. Hy is my

ûntstellen en scil hjoed grif wol forkwânsele wirde. ’t Is in witen ien

en moaijer is der net, mynhear.”

„Bê!” rôp Jenneput. Hy krige sa ’n skoer oan ’t tou, det de kiel knypte

him hast ticht en hy hâldde him hastich stil.

En de greate stoefe man hjitte alle útgongen fen ’e merke to sluten en

hy hjitte in skriûwer, om alles op to skriûwen. En ’t âld wyfke en ’e

greate man stiene nou togearre lykme allinne yn ’e greate iepene romte.

Mar bang wie hja net.

„Al scil ’k ek om rjucht nei de kening sels,” sei se, „ik moat myn

geitsje werom ha.”

„Scil de kening dy den rjucht dwaen? Keningen hâlde it ornaris mei de

riken, net?” sei de greate stoefe man en fyngnyske sa ’n bytsje. Der

taestte ’r it wyfke yn in tear steed fen hjar moed. „Us kening is

rjucht. Dy scil in earme net om in heale sint bikrinke,” andere se

bitrousum en seach him lyk yn ’e eagen. Wie det net de man oan ’t roer

fen it skip mei it poarperen seil en ’e sidene touwen?

„O hear,” sei se skruten wei, „licht ha jy kinde oan ’e kening.”

„Ik bin ’t sels,” sei ’r ienfâldich, „en rjucht scill’ jy ha, frou.”

En hy hjitte trije grouwe sterke kearels, om de hiele merk ôf to

siikjen nei it wite geitsje. Ien fen dy kearels krong troch it folk,

Jenneput syn kant út en do-t hy deun neist him wie, sprong Jenneput yn

syn binaudens by him op en jammere mar: „Bê, bê, nim my mei nei myn

frou, o man...”

En mei ien sprong hie dy sterke man Jenneput syn baes by ’t nekfel en

sleepte him foar de kening. Jenneput hippele him bliid efternei en do-t

er by de kening kaem, foel ’r op syn knibbeltsjes út tankberheit en do

mei staesje nei de frou en roek as fen âlds nei ’t timpke brea.

Hja gûlden beide suver fen blydskip en Jenneput roan hjar sûnder tou as

in hountsje efternei, hielendal oan hûs ta.

En de dief waerd gisele en de keapman ek, mar Jenneput is noait wer sa

fier fen hûs ôf roan, det se him stelle koene.—

Twiljocht-teltsjes · 第 3 / 22 题