IT MEARKE FEN DE TRIJE EINEPYLTSJES.

Der wierne ris trije einepyltsjes, dy swommen mei inoar yn ien greate

poel, alle trije krekt en allike great en alle trije hiene hja sidene

manteltsjes om fen fearkes. Jouns den naem in moai bûnt ropeintsje se

ûnder de wjukken en gyng mei hjar yn ’e wal sitten ûnder de wylgenbeam

en moarnsier, as de hearlike sinne opgyng yn ’t Easten, den kipen de

lytse kopkes al wer ta memme plûm út. Hja wierne alle trije krekt en

allyk fen komôf en klean en ienselde greate poel wie hjar wrâld en

ûnder ien en diselde memmewjuk hiene hja hjar thús.

Hja waerden greater en de âldste krige in krol yn ’e nekke. Hy woe der

op út, de wrâld fen ’e poel wie him fierst to lyts, der bistie noch in

greatere, dy-t hy net koe en dochs sjen woe. Syn mem siet neist him yn

it lange simmergêrs en rette it him ôf. En syn migen en sibben kamen,

éarken lyk as hy, mei wirdige kroantsjes op ’e kop en moddereinen en

bergeinen, in hiel gearset en kwêkjende hâlden se him it biswierlike

fen syn plan foar. Hy skodholle allinne mar en op in moaije simmermoarn

do fleach hy foart en waerde wei yn ’t kleare blau fen de loft as in

nietich wyt stipke, it herte fol plannen, droegen op ’e wjukken fen

langstme.

It lytse ropeintsje hâldde nou noch mar twa berntsjes mear oer. Dy

waerden ek great en like moai as mem alear west hie; it iene wie in

éarke mei in brún fewielen buiske oan en ’t oare wie nei de mem

útskaeid, och sa ’n ljeaf lyts ropeintsje wie it. En jouns krûpen hja

mei hjar trijen efter it âlde hout op in skobbe strie forside en der

slepten hja den de hiele lange soele simmernacht. Mar op in duer koe de

brune éarke der gjin frede mei ha, det ientoanige libben hinge him de

kiel út en yn oerlech mei syn mem frege hy de wiisten fen syn folk om

ried. It waerde der nou in hiele poel fol greaten en lytsen en hy dreau

yn ’t foarmidden om en harke dernei, hwet de âldsten en ’e wiisten

seine en nei de ried fen syn mem, hwent der roan hy fier mei. Hy scoe

der den ek mar ris op út, mar earst woe hy wissichheit ha, det hy gjin

ongemak hâlde scoe en hy bitocht him noch wiken lang en do-t hy einliks

op reis gyng, wist hy goed it paed en hofolle as ’t koste en hwer

goefrjeonen wennen. Syn mem brocht him oan ’e mar ta en do bleau hja

der de hiele middei op in driûwtille sitten, as hy ek noch werom komme

scoe. Mar hy hie him goed bitocht en noch ris wer bitocht... hy liet de

moedfear net sa gau hingje.

De tredde bleau by mem. De wrâld fen ’e poel wie hjar greaternôch; hja

hie gjin langstme nei it ûnbikende en gjin kreft genôch yn ’e wjukken

om fierder to fleanen as hjar foarsaten. Yn dy greate poel, der hja

sels lyts west hie, dreauwne letter ek hjar einepyltsjes om hjar hinne

en hja hat noait fierder west as yn ’t boutúntsje fen ’e boer en op ’e

strjitwei, as de ikels foelen by ’t hjerst.

[Illustration: ienselde greate poel wie hjar wrâld]

It ropeintsje, det se ienkear alle trije ûnder hjar wjukjes kûstere

hie, waerde âld en losfearrich en joech hjar nei sitten en iten yn ’e

smoute fen ’e sleatswâl. Mar sims, as der hiele kloften wylde einen

foarby fleagen, sloech hja de wjukjes ek noch wol ris efkes út en

bisochte om hjar op to jaen, sa ’s by âlds. Mar sei! de âlderdom hie

hjar wjukken koárt, hja floddere allinne mar mear in eintsje boppe de

groun om en it blau fen ’e loft bleau oneinige fier boppe hjar! O hwet

scoe se oars graech hjar bern yn ’e mjitte fleane wolle, dy-t om

fierrens tein wierne en ring werom komme moasten, hwent it waerde

hjerst.

Einliks... der droech de Súdwesterstoarm de âldste wer nei hûs ta,

oansketten en bloeddrich kniesd. Hy kaem thús om to stjerren... Hy

wiste nou alles, alles fen ’t libben en ’e wrâld, mar fen al syn hoop

en moed en kreft, hwer hy mei foarttein wie, naem hy neat oars wer mei

nei hûs as in hertewoune, dy-t him de dea dwaen scoe, dy earme fûgel,

dy-t heech flein wie en tofolle leauwd hie oan alles, hwet moai en goed

wie yn ’e greate wrâld.

En syn âlde mem gyng mei him nei it fierste plakje ta yn ’e reiden en

der naem hja him noch ris wer ûnder ’e wjuk, krekt as ’r in lyts

pyltsje wie en sa is hy stoarn.

...Do-t de beanhearre ek oer in greate mar waeide, bigoan de

foarsichtige om hûs to tinken. It wie nou al lange jierren lyn, sont hy

syn mem sjoen hie, hy woe ek noch wol ris oer ’e poel driûwe, der ’t hy

berne wie. Hy wie in ryk man waen yn ’e frjemdte en in wiis man en ’e

tûkste jager krige him net ûnder skot, yn ien wird, hy hie it fier

brocht yn ’e wrâld en wie de baes oer in hiele femylje fen lytsen en

greaten. Al wie ’t ek noch sa lang lyn, hy wist it paed noch wol nei

hûs ta en op in goede dei, do fleagen se op, it hiele lytse fearre

folkje. Underweis die hy ek noch hwet hânnel en bistelde as in

foarsichtich man plakken for de weromreis. Hy wie fet waen en eptich en

eigenwiis en do-t se tichte by hûs kamen en hy al de plakjes út syn

jonkheit werom seach, waerde hy der net iens oars fen.

De goede dagen dêrre yn ’e frjemdte hiene it ljeaflike oantinken oan

syn âldershûs útwiske.

En do-t de hiele smite yn ’e poel delstreake, fielde syn âlde mem det.

It die hjar sear en hja is stil wei-waen yn ’e reiden, hwer hjar âldste

bern fen syn lange reis en syn lijen útrêstte.

Twiljocht-teltsjes · 第 2 / 22 题