IN _WARBER FOLK_ EN _GJIN IEN KROECH_

Hwet binne de Eam’lers yn ’e war,

Elts hâldt mar oan, net bar om bar,

Hja luit’jre net, hja long’rje net,

De iene op de oare, yn hjar sted.

Hja ha ’t sa drok, hja pakke oan,

’t Arbeidsjen is gjin ien bistoarn.

Sa lang de waerme sinne skynt,

Gjinien fen ’t wirkfjild ea fordwynt.

Gjin pypskoft hâlde hja sa’n dei,

Mar skreppe foart sa ta de joun,

En sjouwe en tôgje mar stees wei.

Der is gjin kroech yn hiel hjar gea;

Yn ’t Eam’lersryk wirdt _gjinien_ foun;

Gjin „swiet-fal-yn”, ta n’iere dea.

1909.

Fryske stikken · 第 33 / 72 题