JONGES, TOPPEN, FEINTEN EN FAMMEN

Jonges habbe it drok mei toppen,

Greate minsken ’t mei hjar jild,

Foarsten mei forslaen en roppen

Dat it minskdom der fen rilt.

Feinten tinke om hjar fammen,

Fammen om hjar frijerij,

Binn’ hja troud, den ek binammen,

Om hjar fak, ef saek, ef kij.

Sa wol elts syn bêst ljeafst skrippe,

Beuzich ta ’t der net mear kin,

En op ’t lêst den giet om sieppe.

Ho is ’t mûchlik scoe min sizze,

Dat sa op yens libbensrin,

Sa it minskelot scil lizze.

1909.

Fryske stikken · 第 32 / 72 题